De Aube is in rivier yn Frankryk, in rjochter sydrivier fan de Seine. De rivier is 248,9 kilometer lang. [1] De rivier jout syn namme oan it departemint Aube. De boarne leit yn it departemint Haute-Marne, op it plato fan Langres, by de stêd Auberive. De Aube streamt troch de departeminten Haute-Marne, Côte-d'Or, Aube en Marne en mûnet út yn de rivier de Seine by Marcilly-sur-Seine. Stêden lâns de rivier binne ûnder oare Bar-sur-Aube en Arcis-sur-Aube.

Aube (rivier)
geografy
lân Frankryk
Bestoerlike regio Sjampanje-Ardinnen
lokaasje boarne Plato fan Langres by Auberive
lokaasje mûning by Marcilly-sur-Seine yn de Seine
sifers
lingte 248,9 km
hichte boarne 379 m
hichte mûning 72 m
ôfwetteringsgeb. 3.600 km2
De Aube yn Bar-sur-Aube
Boarne fan de Aube yn it bosk fan Auberive

Grutste sydrivieren

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: