Bayeux is in stêd yn it Frânske departemint Calvados yn 'e regio Normandje. In soad minsken bringe in besite oan de stêd om it ferneamde Tapyt fan Bayeux te sjen. Ek de goatyske katedraal fan de stêd lûkt in soad toeristen. Bayeux waard as earste stêd nei D-Day troch de alliearden befrijd en koe sûnder grutskalige ferneatiging ynnommen wurde.

Bayeux
Histoarysk sintrum
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Calvados
Sifers
Ynwennertal 13.017 (2018)
Oerflak 7,11 km²
Befolkingstichtens 1.831 / km²
Stêdekloft 17.775 (2017)
Hichte 32-67 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 08' 44" N 0° 13' 32" E

De stêd leit oan de rivier de Aure, likernôch 30 kilometer noardwestlik fan Caen en in lytse 8 kilometer súdlik fan It Kanaal. Bayeux leit oan de N 13 en hat in ferbining op it spoar Parys-Caen-Cherbourg.

Bayeux yn de 1e iuw foar Kristus troch de Romeinen stifte as Augustodurum. it wie it haadplak fan de Baiocasses, in Gallyske stamme. Tsjin it ein fan de 3e iuw waard de stêd fersterke troch it driigjen fan ynfallende Saksen. Yn de let-romeinske tiid wie Bayeux yntusken al in wichtige stêd mei de namme Civitas Baiocassium. It lei doe yn it bestjoerlike distrikt Pagus Baiocensis (it hjoeddeiske gea Le Bessin). Yn de Merovingyske tiid waard de stêd Baiocas neamd.

 
Fragmint fan it Tapyt fan Bayeux

Yn 890 ferneatigen Wytsings de stêd. De oermasterer namen it kristendom oan as harren religy en de stêd waard wer opboud. Yn 1077 waard yn opdracht fan biskop Odon de Conteville, in healbroer fan Willem de Oermasterer útein set mei de bou fan de katedraal. De katedraal waard yn 1077 ynwijd. Yntusken wie de namme fan de stêd al ferbastere ta Bayeaux.

Yn de Hûndertjierrige Kriich wiksele de macht oer de stêd tusken de stridende partijen, mar grutskalige ferneatiging bleau út.

Yn de jûn fan 6 juny 1944 lannen Britske troepen op Gold Beach, net fier fan de stêd. Hja stjitten net op wjerstân fan de Dútske besetters en koene de stêd op 7 juny sûnder in drege striid befrije. Nei't Charles de Gaulle yn Courseulles wer foar it earst op Frânske boaiem stie, waard er op 14 juny 1944 mei grutte opteinens yn Bayeux ferwolkomme. It Frânske regear hat in pear dagen syn sit yn dat lytse stikje befrijd Frankryk hân en foar salang wie Bayeux de haadstêd fan it lân. It Musee Memorial de la Bataille de Normandie jout ferslach fan de alliearde lannings yn Normandje.

Bayeux is fral bekend fanwegen it Tapyt fan Bayeux, in 70 meter lange kleed dat him as stripferhaal lêze lit oer de ynfal yn Ingelân troch Willem de Oermasterer. It is te sjen yn it Centre Guillaume le Conquérant yn Bayeux.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2018
Ynwennertal 9678 11.451 13.457 14.721 14.704 14.961 14.466 13.017
Boarnen: Cassini en INSEE

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Us Leaffrouwekatedraal
  • Cathédrale Notre-Dame, Rue du Bienvenu
  • Couvent de la Charité (oarspronklik in protestantsk kleaster, tsjintwurdich brûkt troch in gearwurkingsferbân fan gemeenten), 1 rue Cabourg
  • Église Saint-Patrice, 18 rue d'Éterville
  • Église Saint-Exupère, 23 route de Caen
  • Monastère Sainte-Trinité (benediktynsk kleaster), 48 Rue Saint-Loup
  • Hôtel du Croissan, 53 rue Saint-Jean
  • Biskoplik paleis (tsjintwurdich riedshûs en museum), Rue Lambert-Leforestier
  • Moulin de la Galette, 38 Rue de Nesmond
  • Hôtel-Dieu mei de kapel fan de Augustinen, 13 bis, rue de Nesmond

Bayeux Museum:

  • La Tapisserie de Bayeux / Centre Guillaume-le-Conquérant
  • Musee Memorial de la Bataille de Normandie, Boulevard Fabian Ware
  • MAHB - Musée d'Art et d'Histoire Baron Gérard

Keppeling om utens

bewurkje seksje