De Aure is in rivier yn Frankryk dy't troch it departemint Calvados yn de regio Normandië streamt. De rivier ûntspringt op in hichte fan sa'n 220 meter eastlik fan Caumont-l'Éventé en mûnet nei 82 kilometer likernôch ien kilometer ûnder Isigny-sur-Mer op in hichte fan sa'n trije meter boppe seenivo as rjochter sydrivier út yn de Vire. It estuariumpart fan de Vire is kanalisearre, sadat skippen de haven fan Isigny-sur-Mer berikke kinne.
De benedenrin leit yn it regionale natuerpark Marais du Cotentin et du Bessin.