Église Saint-Pierre (Caen)

De Sint-Pitertsjerke (Frânsk: Église Saint-Pierre) is ien fan de belangrykste religieuze monuminten yn it âlde sintrum fan de Normandyske stêd Caen. Sûnt 1840 is it tsjerkegebou klassifisearre as in histoarysk monumint.

Sint-Pitertsjerke

Église Saint-Pierre

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Caen
adres Place Saint-Pierre
koördinaten 49° 11' N 0° 21' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayeux
patroanhillige Sint-Piter
Arsjitektuer
boujier 11e iuw-18e iuw
boustyl Gotyk en renêssânse
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side Saint-Pierre
Kaart
Église Saint-Pierre (Frankryk)
Église Saint-Pierre

Oer de oarsprong fan de tsjerke is neat bekend, mar der wurdt nei 1083 yn it kartularium fan de Trije-ienheid oer in atrium Sancti Petri skreaun, it hôf fan Sint-Piter. De tsjerke waard yn it midden fan de 12e iuw op 'e nij boud.

 
Ferwulft koer

De Sint-Pitertsjerke fan Caen wie de tsjerke dêr't de wichtige seremoanjes holden waarden. As bygelyks Hindrik IV de protestantske lear ôfsward en dêrmei in ein makket oan de godstsjinstkrigen, wurdt yn oanwêzigens fan de boargerlike en religieuze fertsjintwurdigers fan de hiele stêd yn 'e Sint-Piter it "Te Deum" songen.

Mei de Frânske Revolúsje waard de tsjerke mei in dekreet fan 20 novimber 1793 sletten. Sûnt dy tiid oant 1795 tsjinne de eardere tsjerke as Timpel fan de Rede. Op 4 juny 1795 waard de tsjerke werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Yn de nacht fan 8 op 9 juny 1944 stoarte de spits fan de toer, nei't dy troch in granaat rekke wie, troch it dak fan it tsjerkeskip. It wie it begjin fan in brân dy't it dak fan de tsjerke ferneatige. Nei de rekonstruksje yn 1957 is de klokketoer hjoed-de-dei 75 meter heech, trije meter heger as foar de ferneatiging fan de spits yn 1944.

Yn de 21e iuw binne der ferskillende restauraasjes oan de tsjerke útfierd. Yn 2019 waard by de restauraasje in 18e-iuwske sinnewizer rjochts fan it portaal werom fûn. Yn itselde jier waarden nei de restauraasje fan de toer trije klokken werom hongen yn de klokkestoel: de Anne-klok (1,3 ton), de Paulus-klok (1,8 ton) en de Petrus-klok (2,2 ton).

  • 13e iuw : koer en toer
  • 14e iuw : dekorearre gevel mei in grut roasfinster, goatyske klokketoer
  • 15e iuw : skip en sydskippen
  • 16e iuw (1518) : apsis.

Yn 1997 waard in swellenêstoargel troch Jean-François Dupont boud. It ferfong it ynstrumint fan Danion-Gonzales, dat earder it yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige Cavaillé-Coll-oargel ferfong.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Pierre de Caen