Sint-Stefanustsjerke (Caen)

De Sint-Stefanustsjerke (Frânsk: Église Saint-Etienne) is in histoarysk monumint yn de Frânske stêd Caen. De tsjerke waard yn de 12e iuw boud yn opdracht fan Willem de Bastert as abdijtsjerke fan it yn syn opdracht boude kleaster. Nei de Frânske Revolúsje waard de tsjerke in parochytsjerke. De tsjerke moat net betiizge wurde mei de âlde Sint-Stefanustsjerke (Saint-Étienne-le-Vieux), dy't tichteby stiet.

Sint-Stefanustsjerke

Église Saint-Etienne

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Calvados
plak Caen
koördinaten 49° 10' N 0° 22' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bayeux
patroanhillige Stefanus
Arsjitektuer
boujier 11e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Sint-Stefanustsjerke (Frankryk)
Sint-Stefanustsjerke

Mei de abdij spile de tsjerke in grutte rol yn de keunstskiednis fan sawol Normandje as Ingelân.

Yn 1060 stifte Willem de Oermasterer de benediktynske abdij om boete te dwaan foar it troch de paus oanfochten houlik mei syn nicht Mathilde fan Flaanderen. De bou fan de tsjerke sette yn 1065 útein en fogle mei faasje; it boumaterjaal wie ôfkomstich út in lokale groeve in pear hûndert meter fierder en hout wie der by de rûs yn in tiid dat Normandje noch in soad bosk hie. Nei't Willem Ingelân oermastere by de Slach by Hastings kaam it jild foar de bou ek ryklik binnen. De abdijtsjerke wie al yn 1077 in ein hinne klear en waard doe ynwijd troch de earste abt fan de abdij, Lanfranc de Pavia. De bou fan de twa sydskippen en de westlike tuorren folgen yn 1090.

 
It hjoeddeiske grêf fan Willem de Bastert

Nei syn dea yn 1087 yn Rouen waard it lichem fan Willem oerbrocht nei Caen, dêr't er neffens syn winsk begroeven waard yn de Sint-Stefanustsjerke. De rouplechtichheid gyng net hielendal neffens plan want earst waard de tsjinst fersteurd troch in bewenner fan Caen, dy't ornearre dat de grûn werop't de tsjerke stie stellen wie fan syn famylje. Der waard yn sân hasten oerlis fierd en it die bliken dat hy yn't lyk steld wurde moast en de man krige fan de soannen fan Willem kompinsaasje tasein. It waard noch slimmer want doe't it lichem fan Willem yn it sakke, die bliken dat de romte te krap wie foar it lyk. Doe't de wachters it lyk mei geweld der besochten te tropjen, barste it lyk en joech it in alderheislikste stank yn 'e tsjerke.

It koarte tiidrek fan de bou soarge der foar dat der in ienheid fan styl ûntstie. Oarspronklik soe der noch in narteks boud wurde dy't like op dy fan de abdijtsjerke fan de Abbaye aux Dames en de noch besteande narteks fan de Sint-Nikolaastsjerke fan Caen, mar dat projekt waard net útfierd en ferfongen troch in oar plan dat letter model stean soe foar in soad oare nije tsjerken. Yn de 11e iuw waarden de tuorren nei alle gedachten noch ôfsletten mei houten konstruksjes. Oan it begjin fan de 13e iuw binne dy ferfongen troch hege achtsidige stiennen spitsen. De noardlike romaanske spits is 82 meter heech en de súdlike toer mei goatyske ynfloeden (lykas pinakels) is 80 meter heech.

It grêf fan Willem waard letter noch in pear kear wer iepene. Yn 1562, yn de tiid fan de godstsinstkrigen, waard it grêf foar in twadde kear fannijs iepene. Dat gyng mei in soad geweld en de grêfplaat fan swart moarmer waard fernield. De bonken fan Willem waarden der úthelle en gyngen ferlern, mei útsundering fan de bilbonke, dy't wer op 'e nij begroeven is. Letter krige it grêf wer in monumint, mar dat waard yn de Frânske Revolúsje ferneatige. De hjoeddeiske wytmoarmeren plaat is 19e-iuwsk. Troch't de tsjerke yn de tiid fan de godstsjinsttwisten net mear goed ûnderholden waard, stoartte yn 1566 de krusingstoer yn. By it delstoarten fan de toer rekke ek it koer tige skansearre, dat dêrnei in skoft as ruïne stean bleau. It koer soe ynearsten hielendal ôfbrutsen wurde, mar in muonts fan it kleaster krige it foar inoar om it wer te restaurearjen. Tagelyk waard ek de hiele tsjerke wer restaurearre.

Yn de tiid fan de Frânske Revolúsje folge de opheffing fan de abdij en de ûnthilliging fan de tsjerke, dy't wijd waard oan de kultus fan de Rede. Lang hat dat net duorre, want yn 1802 koe de tsjerke wer iepene wurde as parochytsjerke foar de roomske earetsjinst.

 
De tsjerke fanút it súdeasten
 
Grûnplan

De Sint-Stefanustsjerke fan Caen is tsjintwurdich in trijeskippige basilyk mei dwersskip en in kapellekrâns. De tsjerke is 110 meter lang en waard boud fan stien út de groeve fan Caen.

Yn it westen fan de tsjerke is in gevel mei dûbele tuorren. In ûnderste diel is de sokkel mei trije portalen en twa rigen finsters mei rûne bôgen. De tuorren begjinne nei de bline finsters, folge troch de sône dy't foarme wurde troch de galmgatten, in ferdjipping foar de klokken, in sône mei twadielige finsters en in achtside spits mei pinakels. De tuorren slute fuort op de gevel oan.

Yn de 13e of iere 14e iuw waard it koer langer makke. It waard sânsidich ôfsletten en krige in omgong mei oan eltse side in kapel.

De tsjerke hat net in ryk ynterieur. In soad gyng ferlern yn de Frânske Revolúsje, mar de kapitelen litte ynteressant byldhouwurk út de jierren 1115-1120 sjen. Sûnt it grêfmonumint yn de Frânske Revolúsje fernield waard, leit op it plak fan it grêf fan Willem de Oermasterer in ienfâldige grêfplaat mei in ynskrift yn it Latyn: Hjir leit de net te oerwinnen Willem, stifter fan dit hûs, dy't ferstoar yn it jier 1087.

It heechalter is fan wyt en read moarmer en fersierd mei in brûnzen basreliëf. It is in kopy út 1840 fan in yn 1588 makke reliëf.

It grutte oargel waard yn de jierren 1882–1885 boud troch Aristide Cavaillé-Coll. It ynstrumint besit 50 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk. It koeroargel datearret fan 1992 en waard troch de oargelbouwer Dupont boud. Dat ynstrumint hat 15 registers op twa manualen en pedaal. De traktueren binne mechanysk.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Étienne de Caen