Pinsjoen
In pinsjoen of pensjoen is in ynkommensfersekering, wêrmei't in (gesins)ynkommen fersekere wurdt foar as dat yn 'e takomst weifalle soe fanwegen âlderdom, arbeidsûngeskiktheid of ferstjerren. Der kinne rûchwei trije ferskillende foarmen fan pinsjoenen ûnderskaat wurde:
- It (libbenslange) âlderdomspinsjoen: in pinsjoen dat opboud wurdt foar de tiid dat men net mear wurkje kin of wol fanwegen âlderdom. Dêrfan binne ferskate oare foarmen ôflaat:
- It neibesteandepinsjoen: in útkearing foar de efterbliuwende partner en bern. Oflaat hjirfan binne:
- It arbeidsûngeskiktheidspinsjoen: in pinsjoen dat bedoeld is foar it gefal dat men troch in ûngemak of in sykte lichaamlik net mear by steat wêze soe om te wurkjen.
Faak wurde de risiko-oarsaken fan alle trije soarten pinsjoenen dutsen yn ien inkele pinsjoenregeling. Dêrnjonken omfiemje pinsjoensregelings faak ek bepalings oangeande de pinsjoensopbou yn spesjale gefallen, lykas ûnbetelle ferlof, militêre tsjinstplicht, swierwêzen en koartduorjende wurkleazens.
It pinsjoenstelsel wurdt gauris ûnderferdield yn trije 'pylders':
- Earste pylder: in troch de steat regele basispinsjoen, ornaris finansierd fia in omslachstelsel. Yn Nederlân is dit regele yn 'e AOW.
- Twadde pylder: in oanfoljend pinsjoen, yn it deistich spraakgebrûk koartwei 'pinsjoen' neamd. Yn Nederlân wurdt dit troch wurknimmers ûnder harren wurksume libben opboud en betelle troch de wurknimmer en de wurkjouwer mei-inoar.
- Trêde pylder: in frijwillige twadde oanfolling op it basispinsjoen, ornaris yn 'e foarm fan in liifrinte of libbensfersekering (net te betiizjen mei in ferstjerrensfersekering), dy't ôfsletten wurdt by in partikuliere bank of fersekeringsmaatskippij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |