Liesette Bruinsma
Liesette Bruinsma (Snits, 9 septimber 2000) is in fisueel beheind Frysk swimster út Wommels. Hja wûn yn 2016 trije goudene medaljes op it Jeropeesk kampioenskip en ien goudene medalje op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro. Yn 2021 behelle se op 'e Paralympyske Spullen yn Tokio twa sulveren medaljes.
Liesette Bruinsma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Liesette Bruinsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 9 septimber 2000 | |
berteplak | Snits (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | swimmen | |
ûnderdiel | frije slach, skoalslach | |
P.S. | Rio de Janeiro 2016 Tokio 2020 (2021) | |
debút | 2014 (ynternasjonaal) | |
wichtige prestaasjes | ||
goud 3x Paralympyske Spullen 2016, 2024 sulver 3x Paralympyske Spullen 2016, 2020 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBruinsma waard yn 2000 berne yn Snits, mar wennet en groeide op yn Wommels. Se hat in oanberne eachôfwiking dêr't al jong folslein blyn troch waard. Bruinsma nimt op westrydnivo diel oan swimmen, mar hat dêrby in S11-klassifikaasje op it mêd fan fisuële beheining.
Yn 2014 die Bruinsma foar it earst op ynternasjonaal nivo mei oan in swimtoernoai, yn it Skotske Glasgow. Yn 2016 naam se diel oan seis ûnderdielen op it Jeropeesk kampioenskip yn Funchal, op Madeara. Se wûn dêr trije goudene medaljes: op 'e 400 m frije slach (S11), op 'e 100 m boarstslach (S11) en op 'e 200 m yndividuële wikselslach (S11). Dêropta behelle se ek noch in sulverne medalje op 'e 50 m frije slach (S11) en in brûnzene medalje op 'e 100 m frije slach (S11).
Letter datselde jiers kaam Bruinsma foar Nederlân út op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro, dêr't se op 11 septimber goud wûn op it ûnderdiel 400 m frije slach (S11). Fierders behelle se ek noch in sulverne medalje op it ûnderdiel 100 m boarstslach (SB11) en twa kear brûns op 'e ûnderdielen 50 m frije slach (S11) en 100 m frije slach (S11). Werom yn Nederlân waard Bruinsma op 21 desimber útroppen ta Paralympysk sporter fan it jier 2016. Op 15 febrewaris 2017 waard se tegearre mei Alyda Norbruis fan Oerterp ek útroppen ta Frysk Paralympysk sportfrou fan it jier 2016.[1]
Yn 2018 wûn Bruinsma op it Jeropeesk kampioenskip paraswimmen yn it Ierske Dublin gouden medaljes op 'e ûnderdielen 200 m wikselslach, 100 m skoalslach, 400 m frije slach en 100 m frije slach. Op 'e 50 m frije slach behelle se de sulverne medalje. Ek fêstige se yn Dublin trije wrâldrekôrs.[2] Yn 2019 behelle Bruinsma op it WK paraswimmen yn Londen it earste plak op 'e 200 m wikselslach mei in tiid fan 2.46,49 minuten. Dêrmei helle se 0,09 sekonde fan har eigen wrâldrekôr ôf en fersloech se de Oekraynse Maryna Piddûbna en de Sinese Zhang Xiaotong, dy't resp. twadde en trêde waarden.[3] Op itselde toernoai wûn Bruinsma in twadde gouden medalje op 'e 100 m frije slach, hoewol't se op dat ûnderdiel mei in tiid fan 1.07,26 rom boppe har eigen wrâldrekôr bleau. Piddûbna waard fannijs twadde, wylst de Sinese Li Guizhi diskear it brûns bemachtige.[4] Fierders behelle Bruinsma yn Londen ek noch in goudene medalje op 'e 400 m frije slach, mei in nij wrâldrekôr fan 5.02,19 (it âlde wrâldrekôr, ek fan har, stie op 5.04,74),[5] en twa sulverne medaljes op 'e 50 m frije slach en de 100 m skoalslach.[6]
Op 25 augustus 2021 behele Bruinsma op de Paralympyske Simmerspullen 2020 yn it Japanske Tokio twa sulveren medaljes op 'e ûnderdielen 400 meter frije slach en 100 meter frije slach.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |