Fisuële beheining
In fisuële beheining is in minder as normaal fermogen om te sjen, dat sa slim is dat it net oplost wurde kin troch it dragen fan in bril of kontaktlinzen. Guon saakkundigen beflappe ûnder dit begryp ek gefallen wêrby't de beheining opheft wurde kinne soe troch it dragen fan in bril of kontaktlinzen, mar wêrby't de persoan yn kwestje troch omstannichheden dêr't hy of sy sels gjin ynfloed op hat (meastal yn hokker part fan 'e wrâld en/of yn hokker maatskiplike klasse oft hy/sy berne is) gjin tagong hat ta sokke relatyf ienfâldige helpmiddels. In folslein ferlies fan it gesichtsfermogen hjit blinens of blynheid, wylst it ferlies fan in diel fan it gesichtsfermogen oantsjut wurdt as minsjendheid. Troch in fisuële beheining ûnderfine minsken swierrichheden mei hiel aldendeiske aktiviteiten, lykas lêzen, autoriden, sosjalisearjen, itensieden en rinnen. Minsken dy't wol goed sjen kinne, mar gjin kleuren ûnderskiede kinne, neamt men kleureblyn; sokken wurde lykwols ornaris net beskôge as oanhelle mei in fisuële beheining, om't se har oer it algemien bêst rêde kinne.
Oarsaken
bewurkje seksjeDe meast foarkommende oarsaken fan in fisuële beheining binne net-korrizjearre refraktive flaters (43%), staar (33%) en glaukoom (2%). Refraktive flaters omfiemje bysjendheid, fiersjendheid en astigmatisme. Staar is de meast foarkommende oarsaak fan blinens, behalven yn Afrika, dêr't it rivierblynheid is. Oare krupsjes oan it each dy't ta fisuële swierrichheden liede kinne, binne û.m. diabetyske retinopaty, korneäle opasifikaasje, berneblynheid, eachferwûnings (bgl. by ûngelokken of troch oarlochfiering) en in stikmannich soarten eachynfeksjes, lykas rivierblynheid en trachoom. Fisuële beheinings kinne ek feroarsake wurde troch problemen mei de harsens, lykas in oerhaal of in trauma. Yn sokke gefallen sprekt men fan kortikale fisuële beheinings. Yn seldsume gefallen is blinens it gefolch fan 'e ynname fan giftige stoffen, wêrfan't de bekendst metanol is, dat foarkomme kin yn selsmakke alkohol.
Neffens de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) is nei skatting 80% fan 'e gefallen fan fisuële beheining foar te kommen of te genêzen, wêrûnder staar, glaukoom, rivierblynheid, trachoom, diabetyske retinopaty, net-korrizjearre refraktive flaters en guon gefallen fan berneblinens. It neisjen fan bern op each- en gesichtsproblemen kin lettere swierrichheden foarkomme. Diagnoazes wurde steld troch it ferrjochtsjen fan in eachûndersyk. Troch bettere en better beskikbere sûnenssoarch yn in protte lannen binne fisuële beheinings sûnt de 1990-er jierren weromkrongen. Yn 2012 wiene der 285 miljoen minsken yn 'e wrâld mei in fisuële beheining, wêrfan't 246 miljoen min seagen en 39 miljoen folslein blyn wiene. De mearderheid fan beide groepen kaam út ûntwikkelingslannen en wie âlder as 50 jier.
Helpmiddels
bewurkje seksjeIn protte minsken mei in slimme fisuële beheining hawwe baat by fisuële rehabilitaasje, oanpassings oan harren libbensfermidden en it brûken fan helpmiddels. Foar fuortbeweging bûtendoar wurdt bgl. faak de bekende read-wyt streke blinestôk brûkt, wêrmei't men foar jin út hinne en wer beweecht om objekten dêr't men tsjinoan rinne kin te lokalisearjen. In oar bekend helpmiddel is in spesjaal treende liedhûn of blinehûn, dy't de bline troch it ferkear liedt en faak ek yn 'e hûs helpt by ienfâldige putsjes.
Guon minsken mei in slimme fisuële beheining kinne echolokaasje oanleare, wêrmei't se lykas flearmûzen of dolfinen troch kliklûden te meitsjen en dan nei de wjerklang te harkjen, objekten lokalisearje kinne. Fierders sjocht men op plakken dêr't in protte minsken komme, lykas by spoarstasjons, faak blinebetegeling, besteande út tegels mei ribbels dy't mei-inoar in paad foarmje dat in bline folgje kin. Om blinen lêze te litten is it braille-skrift útfûn, dat bestiet út útstykjende puntsjes dy't mei de fingertoppen befield wurde moatte. Ek besteane der saneamd braillehorloazjes, wêrby't it glês iepenflapt wurde kin, sadat men oan 'e wizers fiele kin hoe let oft it is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|