Maatskiplike klasse

(Trochferwiisd fan Klasse (maatskippij))

In maatskiplike klasse of sosjale klasse is in groepearring fan persoanen yn in beskate maatskippij op basis fan harren gelikense ekonomyske posysje en de dêrút fuortkommende libbenskânsen. It begryp 'maatskiplike klasse' is oarspronklik ôfkomstich út 'e ekonomy, mar is sûnt de njoggentjinde iuw fral ûnderwerp fan ûndersyk yn 'e sosjology, hoewol't it ek reitsflakken hat mei de politikology, antropology en maatskippijskiednis. In maatskiplike klasse makket diel út fan in hierargyske foarm fan maatskiplike stratifikaasje, dy't foarkomt yn in klassemaatskippij. Dat is in maatskippij wêryn't alle minsken by sa'n soarte klasse yndield binne. De libbenskânsen fan 'e leden fan in beskate klasse wurde net inkeld bepaald troch besit, mar ek troch persoanlike prestaasjes, en op dat punt ûnderskiede in maatskiplike klasse en in klassemaatskippij harren fan in stân en in stannemaatskippij, dêr't libbenskânsen inkeld troch besit en komôf bepaald wurde.

De meast foarkommende maatskiplike klassen dêr't in klassemaatskippij yn ferdield wurdt, binne de boppeklasse, de middenklasse en de ûnderklasse. De boppeklasse, ek wol de elite of hegerein neamd, bestie fan âlds út 'e adel, geastlikheid, sakelju en yndustriëlen, koartsein: de riken. Ta de middenklasse hearre fan âlds winkellju, ambachtslju en boeren. En de ûnderklasse of arbeidersklasse omfette dat diel fan 'e beropsbefolking dat yn leantsjinst wurke. Yn âldere maatskippijen siet dêr dan noch de klasse fan 'e slaven ûnder. Dizze ferdieling yn trije (of fjouwer) grutte klassen kin fierder opdield wurde yn in grut ferskaat oan lytsere klassen. Sa bestie yn Ingelân lange tiid in systeem mei njoggen ûnderskate klassen (upper upper class, middle upper class, lower upper class, upper middle class, middle middle class, lower middle class, upper lower class, middle lower class en lower lower class). Ek tsjintwurdich noch komt men yn Ingelân, dat in folle klassebewustere maatskippij is as bgl. Nederlân, dy oantsjuttings noch geregeldwei tsjin.

Hjoed de dei besteane der troch it almar tanimmen fan 'e maatskiplike mobiliteit yn in lân as Nederlân lykwols amper noch maatskiplike klassen. Yn it algemien spraakgebrûk is de term 'maatskiplike klasse' no synonym wurden mei 'sosjaal-ekonomyske klasse', in begryp dat omskreaun wurde kin as in groepearring fan minsken mei deselde maatskiplike, ekonomyske, kulturele, politike en edukative eftergrûn. Eins binne dat lykwols ferskillende termen, mei't 'maatskiplike klasse' ferwiist nei de relatyf stabile sosjaal-kulturele eftergrûn fan in persoan, wylst it by sosjaal-ekonomyske klasse giet om in momintopname fan 'e sosjale en ekonomyske sitewaasje fan in persoan, dy't meitiid sterk feroarje kin.

In namme dy't ûnferbreklik ferbûn is mei it begyp 'maatskiplike klasse', is dy fan 'e Dútske ekonoom en filosoof Karl Marx, dy't fan miening wie dat it begyp 'klasse' te krijen hie mei jins relaasje ta produksjemiddels. Hy seach de kapitalistyske maatskippij simpel sein as besteande út twa klassen: de elite of boergeoisy, dy't tagong hat ta produksjemiddels, en de arbeidersklasse of it proletariaat, dat dêr gjin tagong ta hat en inkeld de eigen arbeid ferkeapje kin om te oerlibjen. De útrûpeling fan it proletariaat troch de boergeoisy late neffens Marx ûntsjinkearber ta in klasse-oarloch. Ut syn ideeën kamen letter ferskate politike streamings fuort, mei as wichtichsten it sosjalisme, dat tagong ta de produksjemiddels earliker ferdiele wol, en it kommunisme dat de boergeoisy útrûgje en alle produksjemiddels ûnder kontrôle fan it proletariaat bringe wol.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.