Arbeid (wurk)

Arbeid, wurk of wurkjen is it oanbringen fan winsklik achte feroarings troch minsklike aktiviteit. Soks kin sawol op lichaamlike as op geastlike wize dien wurde. In gearhingjende gehiel fan arbeidstaken wurdt in berop neamd. 'Wurk' en 'wurkjen' binne termen dy't benammen yn it deistich spraakgebrûk foarkomme, wylst 'arbeid' in term út 'e ekonomyske wittenskip is.

Weiwurkers oan 'e arbeid.

Der wurdt ûnderskie makke tusken betelle en ûnbetelle arbeid. Unbetelle arbeid wêrby't gjin sprake is fan twang, wurdt frijwilligerswurk neamd. Is der wol sprake fan twang, dan giet it om slavernij. Arbeid fan persoanen jonger as tolve jier wurdt oanmurken foar berne-arbeid.

Arbeid kin ferrjochte wurde troch immen dy't in eigen bedriuw hat, in ûndernimmer. As it giet om immen dy't yn 'e tsjinst fan in oar wurket, is it in proses dêr't altyd in wurkjouwer en in wurknimmer by belutsen binne. In wurkjouwer is immen dy't in oar betellet om arbeid te ferrjochtsjen. In wurknimmer is immen dy't betelle arbeid foar in oar ferrjochtet. Hy hat datoangeande in beskate funksje, in wurkramt, dêr't er syn taken yn útfiert.

Om sterker te stean yn ûnderhannelings mei wurkjouwers, ferienje wurknimmers har yn fakbûnen. Wurkjouwers hawwe soartgelikense organisaasjes, saneamde wurkjouwersferienings. Yn 'e Westerske wrâld is it wenst dat fakbûnen en wurkjouwersferienings ûnderhannelje oer kollektive arbeidsoerienkomsten (CAO), wêrby't yn ien kear alle arbeidskontrakten fan wurknimmers by in bedriuw of yn in hiele bedriuwstûke regele wurde.

As in wurkjouwer en wurknimmer ôfspraken meitsje foar in wurkferbân dat mear en langer is as foar ien kear, hat de wurknimmer in baan. Banen kinne foltiids (fulltime) of dieltiids wêze. Wat as in foltiidbaan beskôge wurdt, ferskilt per sektor, fan 40 oant 32 oeren yn 'e wike. By bedriuwen wurdt it tal wurknimmers faak útdrukt yn fte (fulltime-equivalent), oftewol it ekwafalint fan foltiids banen. Dat wurdt dien om't dieltiidbanen fan ferskillende lingte dreech mei-inoar te ferlykjen binne.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.