Ekonomy

(Trochferwiisd fan Ekonoom)

Ekonomy is in sosjale wittenskip dy't de organisaasje fan de ferdieling fan de krappe middels/boarnen yn in mienskip bestudearret. Neffens guon ekonomen soe de definysje wêze moatte: "De stúdzje fan hoe en wêrom minsken hannelje".

Ekonomen geane der fanút dat de boarnen beheind beskikber binne en dat it nedich is in kar te meitsjen tusken om foarrang stridende wizen om dy ta te passen en te brûken.

It wurd ekonomy stamt út it Gryksk: oiko- fan hûs en nomos foar wetten of noarmen.

Ekonomy wurdt as regel ferdield yn twa fjilden:

Hoe't it begûn

bewurkje seksje
 
Adam Smith, dêr't faak nei ferwiist wurdt as de útfiner fan de ekonomy stúdzje.

Alhoewol't der in soad diskusjes wienen oer fraach en oanbod, is de ekonomy stúdzje útein set mei Adam Smith syn publikaasje The Wealth of Nations yn 1776. Yn dat stik makket Smith rûchwei in omskriuwing de stúdzje:

Politike ekonomy, de wittenskip fan in steatsman of wetjouwer, hat twa ferskillende ûnderdielen, foarst, dat der jild en produkten genôch binne foar de minsken, sadat se foar harsels soargje kinne; twads, dat de steat of ryk genôch ynbard om oerheidstsjinsten te beteljen. It omskriuwt it ynbarren foar minsken en mienskip.

Smith omskriuwt de stúdzje as politike ekonomy, mar nei 1870 hjit de stúdzje sljochtwei 'ekonomy'.

Fraach en oanbod

bewurkje seksje

Yn de ekonomyske wittenskip binne fraach en oanbod wichtige kearntema's.

Yn it foarste plak de oanbodkant fan de ekonomy. De oanbodkant hat as skaaimerk it ynsetten fan de produksjefaktoaren:

Neffens guon soe ek ûndernimmersynsjoch oan dat rychje tafoege wurde moatte. By de oanbodkant fan de ekonomy giet it om it meitsjen fan produkten. Dat kinne fysike produkten wêze, mar ek tsjinsten.

As twadde is dêr de fraachkant fan de ekonomy. It giet dêrby om de (foar)kar fan konsuminten, produsinten en de oerheden. Op de merk wurde fraach en oanbod op inoar ôfstimd en komt foar elts produkt in priis ta stân. Yn in frije merk wurdt hast alles stjoerd troch de priis. De oerheid spilet dêryn lykwols ek in rol troch it stjoeren yn budzjetten. Ek it konsumintebetrouwen spilet oan de fraachkant net swak by: as de ferwachtingen net goed binne, wurdt der minder bestege en mear sparre.

Binnen it begryp ekonomyske wittenskip binne der ûnderskate mêden.

Algemiene ekonomy is te ûnderskieden yn:

  • makro-ekonomy
  • mikro-ekonomy
  • ynternasjonal ekonomyske betrekkings
  • iepenbiere finansiën
  • ynstitusjonele ekonomy

Fierders binne der noch oare mêden lykas ferfiersekonomy, de monetêre ekonomy, ensfh.

Makro ekonomy

bewurkje seksje

De makro-ekonomy hat mei hûshâldings te krijen en it ûntwikkeljen dêrfan. Wichtige eleminten yn de makro-ekonomy binne: it nasjonaal ynkommen, de wurkgelegenheid, de belestingbalâns, de konsumpsje, de ynvestearrings en de oerheidsútjeften. Yn 'e makro-ekonomy wurdt neigien hoe't dizze eleminten har yn it ferline ûntwikkele ha en hoe't se har yn 'e takomst ûntwikkelje sille. Dêr't it ynsicht yn 'e konjuktuer fan grut belang is, it ûndernimmersklimaat, de produksjekapasiteit, de hichte fan de wikselkoers ensafuorthinne.

Op basis fan sibskip tusken ekonomyske sektoaren lykas produksjehúshâldings, konsumpsjehúshâldings, oerheid en bûtenlân besiket de makro-ekonomy ynsicht te ferskaffe yn takomstige ûntwikkelings. Benammen de groei fan it nasjonaal ynkommen hat omtinken fan ekonoamen en politisy.

Mikro-ekonomy

bewurkje seksje

Mikro-ekonomy slacht op gedragingen fan ekonomyske aginten. Dat kin slaan op gesinnen, bedriuwen mar ek om politisy of belangegroepen. Yn dy tûke fan de ekonomy steane fraach en oanbod sintraal. De mikro-ekonomy besiket te ferklearjen hoe't it lykwicht fan keap- en ferkeapgedrach beynfloede wurdt.

Ynternasjonale ekonomyske betrekkings

bewurkje seksje

Dat part fan de ekonomy hat twa ûnderdielen: it werklike mêd en monetêre mêd. It werklike ekononomyske mêd beëaget de ynternasjonale streamen fan tsjinsten en guod. In mooglike grûnslach foar dy streamen hat mei de ferskillen tusken lannen te krijen. In oare mooglikheid soe it ûnfolsleine konkurrinsje tusken bedriuwen wêze kinne. Bedriuwen mei in gruttere merk kinne goedkeaper produsearje en ferkeapje. It monetêre mêd slacht op jildstreamen tusken lannen. Dêr't saken as betellingsbalâns, wikselkoers en kapitaalstream op it aljemint komme.

Iepenbiere finansiën

bewurkje seksje

Iepenbiere finansiën slacht op ynkomsten en útjeften fan de oerheid. De effekten fan de belêstingen en de oerheidsútjeften op 'e ekonomy wurde yn kaart brocht. Ek wurdt neitocht oer de fraach wat de taak fan de oerheid is en wat net. Fragen oer privatisearring en profytbegjinsel komme by iepenbiere finânsjes op it aljemint.

Bedriuwsekonomy

bewurkje seksje

Binnen de bedriuwsekonomy binne der fjouwer mêden te ûnderskieden dy't allegear in eigen ferdieling ha:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: