In boer, boerinne of agrariër is immen dy't him dwaande hâldt mei lânbou. Der wurdt ornaris ûnderskied makke tusken ikkerbou en feehâlderij. In boer mei in bytsje lân of in bytsje bisten wurdt in gernier neamd. In grutboer is dêrfoaroer in boer mei soad lân of in soad bisten en hawwe boere-arbeiders yn tsjinst.

In ploegjende boer
Nijmoadrige weetrispinge
Lânbou yn Fjetnam: ploegje mei in wetterbuffel
Wurker yn in rysfjild yn Bangladesj
Dizze side giet oer 'boer' yn de sin fan 'agrariër'. Foar oare betsjuttings, sjoch: Boer (betsjuttingsside).

Fryslân bewurkje seksje

Sifers bewurkje seksje

It tal boereberdiuwen is yn de lêse fjirtich jier ôfnaam en bliuwt foarearst ôfnimmen mei de skaalfergrutting en strangere regels dat it miljeu oanbelanget.

Yn 2019 wiene der yn de provinsje Fryslân 4252 boerebedriuwen, wylst der yn 2000 noch 7109 wiene[1]. It totale oerflak lânbougrûn yn de provinsje wie yn 2019 224.780 bunder, wêrfan't der 21.534 bunder ikkerbou, 1625 bunder túnkerij en 201.622 bunder greidelân en foer grienfoergewaaksen wie[2].

Yn 2018 wiene der yn totaal 14.264 banen yn de lânbou, dat 4,8% fan de totale wurkgelegnheid is[3].

Oplieding bewurkje seksje

Foar agrarysk ûnderwiis binne der yn Fryslân ferskate mooglikheden. It Nordwin Kolleezje hat opliedings foar tariedend middelber beropsûnderwiis (Nederlânsk: VMBO), en foar middelber beropsûnderwiis (Nederlânsk: MBO) mei lokaasjes yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Bûtenpost[4].

Foar heger beropsûnderwiis (Nederlânsk: HBO) is de Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert en Wageningen University & Research yn Wageningen. De lêste fersoarget ek wittenskiplike opliedings en liedt net streekrjocht ta it berop fab boer, wylst guon dy't der ôfstudearre hawwe, al in boerebedriuw hawwe.

Skiednis bewurkje seksje

De boer ûntstie yn de neolityske revolúsje doe't de minske oergie fan in maatskippij fan nomadyske jager-samlers ta in agraryske mei in fêste plak. In stik bosk waard platbaarnd en waard in skoft beplante of beweide. Sadree de grûn tenein wie, ferfear men nei in oar stik. Troch it útfinen fan bedongjen waard it mooglik en festigje jin op in fêst plak. Sa ûntstiene boeredoarpen dêr't lânbou en feehâlderij holden waard.

Yn 'e Midsiuwen ferlearen in soad boeren yn Jeropa harren frijheid troch it feodale stelsel. Yn Fryslân wie der lykwols gjin sprake fan in feodaal systeem (Fryske Frijheid), want der wie in jildekonomy en koe der mei jild betelle wurde yn plak fan in part fan de rispinge sa as by it feodale systeem. Sa koene de frije boeren lân hiere fan eallju of fan grutgrûnbesitters. Guon mei it measte lân yn besit, hiene ek de measte stimmen om in grytman te kiezen. Yn Dútslân wiene der ek wol boeren dy't harren frijheid en hiem hâlde koene, en waarden warboeren (Wehrbauer) neamd. De lytse boeren folgen letter ek en sa ûntstie yn benammen Grinslân en East-Fryslân en minder yn Westerlauwersk Fryslân in grut ferkil tusken grutboeren, gernieren en boere-arbeiders. Yn de njoggentjinde iuw late dat ta sosjale spannings.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: