Op ’e Skille is in fergees streekblêd dat hûs oan hûs ferspraat wurdt yn it noardwesten fan Fryslân.[1] De ynhâld fan it blêd is foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Nederlânsk skreaun. Op ’e Skille ûntstie yn 1965 en waard fan 1999 oant en mei maart 2021[2] útjûn troch sjoernalist Hinne Bokma, dy't ek sels it grutste part fan 'e artikels skreau.[1] De redaksje wie fêstige oan 't Noard yn Wommels.[1] Yn april 2021 waard it blêd oernommen troch Gerben van Snits út Easterein.[2][3] It krantsje wurdt opmakke by Drukkerij Van der Eems, yn Easterein.[1] Fan 2000 ôf ferskynde Op 'e Skille ien kear yn 'e twa wiken,[2], mar ûnder de koroanakrisis fan 2020 en 2021 gie de útjefte tydlik werom nei ien kear yn 'e fjouwer wiken.[2]

Op ’e Skille
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1 × yn 'e 2 wiken
bestean 1965 – no
plak haadred. Easterein (Fryslân)
útjouwer Utjouwerij Van Snits
oplaach 6.150 (2023)
offisjele webside
www.skille.nl

It ferspriedingsgebiet fan Op ’e Skille beslacht it hert fan 'e Greidhoeke, d.w.s it âlde Littenseradiel en guon oangrinzgjende doarpen lykas Lollum, Burchwert en Hichtum.[1] Foar't Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 opheft waard, publisearre de gemeente syn offisjele meidielings yn Op ’e Skille. Doe't it dúdlik waard dat Littenseradiel opdield wurde soe ûnder Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke, wie it sadwaande yn 't earstoan ûndúdlik oft it blêd wol fuortbestean koe sûnder de fêste boarne fan ynkomsten dy't foarme waard troch de twa siden mei gemeentlike berjochten en oankundigings. Hinne Bokma liet de moedfearren lykwols net hingje en joech oan dat er gewoan trochgie mei de publikaasje fan syn krante.[1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Bokma, Hinne, Op ’e Skille, 21 maart 2018, jg. 53, nû. 6.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Bokma, Hinne, Oername fan Op 'e Skille, yn: Op 'e Skille, 19 jannewaris 2021, jg. 54, nû. 1.
  3. Grosso, Maria del, Van Snits als bevrijdende nieuwe achternaam, yn: de Ljouwerter Krante, 24 febrewaris 2021, s. 24-25.