Greidhoeke
De Greidhoeke is it tradisjonele feehâlderijgebiet op 'e klaai yn it noardwesten fan Fryslân, fuort besuden de Bouhoeke. It bestiet út it súdlike part fan 'e Waadhoeke, it noardlike diel fan Súdwest-Fryslân en it westen fan 'e gemeente Ljouwert. Dêrmei omfieme it foarhinne de no net mear besteande gemeente Littenseradiel, de súdlike parten fan Menameradiel en Frjentsjerteradiel, de noardlike helte fan Wûnseradiel, de klokslach fan Boalsert en parten fan Wymbritseradiel en Boarnsterhim.
Yn dit gebiet wurdt benammentlik yntinsive feehâlderij bedreaun troch it hâlden fan kij, mei gauris wat skieppehâlderij dernjonken as byfertsjinst. Bou komt der suver net foar. Foarhinne wie it gebiet in mozayk fan nuveraardich yninoar passende puzelstikjes fan greidperselen, mar troch de ruilferkaveling is dat tsjintwurdich grutdiels foarby. De pleatsen binne der fan twa typen: de stjelp en de kop-hals-romp.
De eardere gemeente Littenseradiel hat him der lang (en mei rjocht) op foarstean litten "it hert fan 'e Greidhoeke" te wêzen. Dwers troch de Greidhoeke rint de Slachtedyk, bekend fan 'e Slachtemaraton.
Literatuer
bewurkje seksje- Philippus Breuker, De Greidhoeke. Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter, Ljouwert, 2012.