Haadmenu iepenje
Slachtedyk

De Slachtemaraton is in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachtedyk, foar it earst organisearre yn it ramt fan Simmer 2000.

RûteBewurkje

De tocht gong yn 2000 fan Easterbierrum oer de Slachte nei Raerd. Dêrfoar waard súdwest fan Wommels de Nije Kromme boud, in brêge (of eins in fiadukt) foar fytsers en fuotgongers oer de provinsjale wei N359, dy't op dat punt yn 'e 1970-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. De kuiertocht begûn yn 'e buorren fan Easterbierrum, en wie 42,6 kilometer lang; de hurdrintocht begûn op 'e ein fan 'e Slachte en wie dan presys in maraton (42.195 km).

Yn 2004 gong de tocht fan Raerd nei Easterbierrum. Yn 2008 begûn de tocht wer yn Raerd. It is mooglik dat de rjochting no net mear feroaret, om't yn 2004 bliken die dat Easterbierrum gjin romte genôch hie foar de oankomst. Meidat it ferkear dêr fêstrûn, moasten guon rinners oeren op ferfier wachtsje. Guon waarden opsternaat, oaren rekken ûnderkuolle.

 
De Nije Kromme oer de N359 by Wommels, dy't yn 'e folksmûle ornaris de 'Slachtebrêge' neamd wurdt.

Sport en kultuerBewurkje

De tocht wie in inisjatyf fan ûnder oaren Peter Karstkarel. De Slachte hat neist it sportaspekt ek in kultureel aspekt, troch foarstellings en keunstprojekten dy't lâns gâns de rûte troch de omlizzende doarpen útfierd waarden.

SifersBewurkje

It evenemint wie op 8 july 2000 in grut súkses, mei 9.550 hurdrinners en kuierders en alderhanne projekten deromhinne. Winner waard Gerrit Kra­mer út Boalsert, yn 2:30:31; winner by de froulju waard Katinka Wiltenburg út Breesân yn 3:03:51.

Yn 2004 waard op 12 juny de twadde tocht hâlden, mei 14.000 hurdrinners en kuierders, en wer allerhanne projekten. Adrie Boermans út Wergea wie mei 2:58:34 winner by de manlju, en Majet Spoelder yn 3:28:46 by de froulju. Yn 2008 wienen der twa maratons yn Fryslân. Op 25 maaie wie de Maraton fan Ljouwert en op 14 juny de Slachtemaraton.

Utslaggen maratonBewurkje

Jier Manlju Froulju
winner tiid winner tiid
8 july 2000 Gerrit Kramer 2:30.31 Katinka Wiltenburg 3:03.47
12 juny 2004 Gerrit Kramer 2:29.00 Mirjam Bijlsma 3:00.58
14 juny 2008 Alex van der Meer 2:28.07 Yvonne Kassenberg 3:05.50
16 july 2012 Erik Negerman 2.29.12 Mariska Kramer 2.41.42
4 juny 2016 Erik Negerman 2:33.49 Ylona Kruis 3:12.25

Kuiersport yn FryslânBewurkje

Undertusken makket de kuiersport yn Fryslân troch dizze maraton in bloeiperioade troch, mei alderhanne Slachte-eftige kuiertochten.

FiaduktenBewurkje

Spitigernôch wienen der twa plakken dêr't de Slachte troch in autowei trochkrúst waard. By Wommels is dat spesjaal foar de Slachtemaraton oplost troch it oanlizzen fan de Nije Kromme, in rin- en fytsfiadukt oer de dyk fan Boalsert nei Ljouwert hinne. Op 17 maaie 2008 waard de Slachtetille iepene, dy't de oplossing wie foar it oerstekken fan de A31 by Hjerbeam, by Frjentsjer.

Keppelings om utensBewurkje