Haadmenu iepenje

Friesland Post is in tiidskrift oer Fryslân en de Friezen. It is yn 1974 opsetten troch advertinsjeferkeaper Geart Kuperus fan Snits. It moanneblêd wie de opfolger fan DIF ( Dit Is Friesland ) dat nei in achttal nûmers stoppe wie. Mei in tal eardere meiwurkers fan DIF en ûnder lieding fan skriuwer Pieter Terpstra sette Friesland Post út ein. Fan begjin ôf oan wiene ek Hannah Ludwig, Harrie Ernst en Johan Witteveen fêste meiwurkers.

Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan Agropers yn Drachten. Letter gie it oer nei de Friese Pers mei útjouwer Robert Wielenga en haadredacteur Sytze van der Wal en ferhuze de redaksje fan Drachten nei Ljouwert. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan Migg fan útjouwer Ids Kuindersma en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein 2007 krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer Simon van der Let en haadredakteur Frans van Egmond. Yn 2009 waard Van der Let sels haadredakteur.

Friesland Post hat rubriken oer Friezen en Fryslân. Hast alle persoanen dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe wurde der yn portretearre. Ek is der in fotorubryk mei artikels út it eardere "Fen Fryske Groun". Fierders is der omtinken foar hoareka, kultuer, natuer, minsken, puzels en oare rubriken mei in Frysk tema. Der binne troch it jier ek temanûmers mei ekstra omtinken oan bg. skûtsjesilen en oer wenjen.

In soad bekende Friezen hawwe meiwurke oan Friesland Post lykas Rients Gratama, Peter Karstkarel en Jopie Huisman. It magazine wurdt ek in soad lêzen troch Friezen om utens oant yn Kanada en Austraalje ta. Dy krije it blêd oer de post tastjoerd.

StylBewurkje

Fan 2003 -2010 ferskynde as bylage fjouwer kear jiers de Frysktalige "Styl" mei in jonge redaksje. Ien fan de doelen fan dit losse katern wie taalbefoardering foar jonge minsken.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: