Douwe van der Meulen
Douwe van der Meulen (It Oranjewâld, 14 novimber 1954) is in Frysk ûnderwizer skriuwer en makker fan Frysktalige en Nederlânsktalige puzels.
Douwe van der Meulen | ||
skriuwer | ||
Douwe van der Meulen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 novimber 1954 | |
berteplak | It Oranjewâld | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk Nederlânsk | |
bekendste wurk(en) |
Frysk Puzelwurdboek | |
jierren aktyf | 1982-no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en wurk
bewurkje seksjeNei de legere Albertine Agnesskoalle yn It Oranjewâld gie hy nei de Ryks Skoalle Mienskip (RSG) op It Hearrenfean. Yn 1977 helle er it diploma foar ûnderwizer oan de Ryks Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Dêrnei waard er ûnderwizer yn Krimpen aan den IJssel en Soest. Hy wennet yn Baarn. Yn 1982 helle Van der Meulen de Akte Frysk LU. By dy stúdzje pakte hy geregeld in Nederlânsk puzelboekje foar ûntspanning. Omdat der yn it Frysk noch gjin kryptogrammen bestienen makke hy sels foar de aardichheid in Frysk kryptogram dat yn partijblêd De Frijbûtser fan de FNP ferskynde. Sûnt 1982 ferskynt der om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram fan him yn de Ljouwerter Krante.[1] Nei 1992 wurde de Fryske kryptogrammen ôfwiksele mei Fryske krúswurdpuzels. De oare wiken binne it Nederlânske kryptogrammen.
Diagrammen binne sa makke dat de letters LC fan de krante yn werom te finen binne as in soarte fan ‘hannelsmerk’. It meitsjen fan Fryske puzels hat syn eigen swierrichheden:
- der moat omtinken jûn wurde oan de diakrityske tekens op ienlûden (bg. u/û/ú )
- Fryske wurden begjinne nea mei in V, C, X of Z
- In y mei net in ij kruse
- De letter ij is ien letter en soks is foar in soad kompjûterprogramma’s lestich
- De Fryske wurdskat fan puzelders is oer it algemien net sa grut.
Sûnt 1992 ferskine ek Nederlânske puzels yn de Friesland Post. It is in grut ferskaat oan puzelsoarten. De puzels hawwe in bining mei Fryslân. Dit kin kwa opmaak, dan is de puzel (meast in trochstreekpuzel) yn de foarm fan in gemeentewapen, in alvestêdekrúske of as pompeblêd.[2] It ûnderwerp kin dan in Fryske gemeente of plak wêze, in Frysk persoan (bg. Rients Gratama , Foppe de Haan of Tetman- en Jarich de Vries), of oars (RONO, Uleboerd, Letterlapen of Fryske doarpshuzen).
De ienheid yn foarm en ynhâld komt ek nei foaren yn de puzels foar it magazine fan It Fryske Gea. Yn de foarm fan it logo fan It Fryske Gea stean dan wurden as fjildnammen, fûgelsoarten en beskerme planten sintraal. Douwe van der Meulen makket ek puzels foar blêden bûten Fryslân.
Yn 1992 ferskynde by de AFUK fan syn hân it Frysk Puzelwurdboek. De earste helte fan it puzelwurdboek giet út fan de omskriuwings dy’t yn de puzelopjeften foar komme. De mooglike oplossings, de ‘frege’ wurden steane efter de omskriuwing neamd. It giet fan koarte nei lange wurden en jout safolle mooglik synonimen en foarbylden. It twadde diel fan it puzelwurdboek bestiet út rubriken as fûgels, Fryske wetternammen, wizen fan ‘gean’ en Fryske nammen.
Yn 2000 hat Van der Meulen gearwurking socht mei Otto B. Wiersma, in ict-er op Nederlânsk puzelgebiet. Tegearre hawwe se de Fryske Puzelensyklopedy op skiif útbrocht. Omdat de papieren ensyklopedy allinnich op papier beskikber wie moast alles oertypt wurde nei in digitale triem. De digitale Fryske Puzelensyklopedy ferskynde yn 2002 op CD-ROM.
Yn 2002 ferskynde ek it Fryske digitale taalspultsje Wurdwiis. In rûch wurdetriem fan mear as hûnderttûzen wurden fan de Fryske Akademy foarme de basis foar de wurdlisten efter it programma. Tiidwurdsfoarmen, eigennammen, plaknammen en âldfrinzige wurden en eigennammen moasten útfiltere wurde. Dêrnei waarden wurdlisten op oantal letters oanmakke en waarden dyselde listen yndield op swierrichheid (fan ien oant fiif ‘stjerren’). Benammen de diakrityske tekens fregen wer in soad tiid en omtinken, want krusende letters moasten ek deselde kapkes en skrapkes hawwe. Doe’t de triemmen klear wienen koenen der programma’s makke wurde. Yn 2002 kaam it ynteraktive Wurdwiis út op skiif, tagelyk mei de Fryske Puzelensyklopedy. Dit is de digitale foarm fan it tsien jier earder ferskynde Frysk Puzelwurdboek.
Yn 2006 en 2007 foarmen de triemmen de basis foar ynteraktive puzels dy’t op de webside fan de Ljouwerter Krante te op te lossen wienen.
Omdat beide manlju kânsen foar it Frysk op skoallen seagen waarden digitale Fryske puzels ûntwikkele. Hjirfoar moasten earst triemmen oanmakke wurde dy’t de basis foarmen. De wurdlisten mei tûzenen wurden fan de Fryske Akademy moasten wer mei de hân útsocht wurde. No kinne Fryske puzels downloade wurde op harren site www.puzel.nl. Der kinne abonneminten nomd wurden op ferskate Fryske puzels en puzelpakketten.
Sûnt 2002 makket Douwe van der Meulen ek Nederlânsktalige puzels dy’t ûnder de namme ‘Wachtfersêfter’ yn wachtkeamers en boppe toskedokterstuollen hingje. It binne puzels dy’t sûnder papier oplost wurde kinne en dy’t as abonnemint te krijen binne.
Fan syn hân steane ek in tal Fryske logigrammen, ek wol logyske puzels neamd, op in side mei logigrammen. [1]. Nederlânske en Fryske puzels kinne dêr ynteraktyf oplost wurde.
Puzelboekjes
bewurkje seksjeFrysk Puzzelboek
bewurkje seksjeIt Frysk Puzzelboek is it earst ferskynde Fryske puzelboekje en kaam út yn 1983 by de Friese Pers Boekerij. It is fold mei 15 krúswurdriedlingen en 14 kryptogrammen.
Foaryn stiet in Fryske hantlieding foar it oplossen fan kryptogrammen.
Efteryn it Frysk Puzelboek stean de oplossings.
Frysk Puzelboekje 3
bewurkje seksjeFrysk puzelboekje 3 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 fan Jaap Wolthuizen dy’t yn 1984 ferskynden by de Afûk. It boekje is keppele oan Frysk puzelboekje 4 yn safier dat efteryn diel 3 de oplossings fan diel 4 stean. Yn it boekje stean ferskate puzelsoarten: fan kreakeling, krúswurdpuzels, logigrammen, trochrinners, wurdsikers, tsjaskers, muorrebrekkers oant lispuzels, anagrammen en logyske puzels.
It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 4.
Frysk Puzelboekje 4
bewurkje seksjeFrysk Puzelboekje 4 ferskynde yn 1989 by de Afûk. It nûmer is in ferfolch op de Fryske puzelboekjes 1 en 2 dy’t yn 1984 ferskynden by de Afûk. It boekje is keppele oan Frysk puzelboekje 3 yn safier dat efteryn diel 4 de oplossings fan diel 3 stean. Yn it boekje stean ferskate puzelsoarten: kryptogrammen, krúswurdpuzels, logogrammen, wurdsikers en tsjaskers. Fierders noch ferburgen plaknammen, lûdleaze siswizen, koarkelûkers, ynfolpuzels, lûdsikers, wurdkoades en wurdferfoarmers. It boekje is tagelyk útkomd mei Frysk puzelboekje 3.
Ferskaat
bewurkje seksjeFoar de heechste klassen basisûnderwiis yn de gemeenten Soest en Baarn makke er twa fisuele hiemkundige presintaasjes. De Baarnse kanon ’’Sporen naar een serredorp’’ foarme de basis foar it jubileumboek fan de Historische Kring Baerne. Van der Meulen siet hjirby as inisjatyfnimmer en auteur ek yn de redaksje fan dit yn 2014 ferskynde Duizend jaar Baarn - geschiedenis van een Eemlands dorp.
Bibliografy
bewurkje seksje- Frysk Puzzelboek 1983 Friese Pers Boekerij bv, Ljouwert (64 siden) (ISBN 90-330-2521-3)
- Frysk Puzelboekje 3 1989 Afûk, Ljouwert (56 siden) (ISBN 90-6273-406-5)
- Frysk Puzelboekje 4 1989 Afûk, Ljouwert (56 siden) (ISBN 90-6273-411-1)
- Frysk Puzelwurdboek 1992 (ISBN 90-6273-403-0)
- Fryske Puzelensyklopedy 2002 op CD mei Otto B. Wiersma.
- Artikels (seleksje)
- Caroline van de Hucht-Kerkhoven en haar kring, yn: ‘Tussen Vecht en Eem’, juny 2018, side 122
- DOKA-zegels (1963-1975) yn: Baerne fan de ‘Historische Kring Baerne', juny 2018, 42e jiergong nr.2
- KPS, uit naam van Paleis Soestdijk, yn : 'Van Zoys tot Soest' fan de Historische Vereniging Soest, juny 2017, side 26
- Herman Kruyder, een getroebleerd kunstenaar’’, yn: 'Tussen Vecht en Eem', septimber 2017, side 192
- De Eembrug, yn 'Baerne' fan de Historische Kring Baerne, septimber 2016, 40e jiergong nr.3 side 66
- Gerbrand Faas Elias (1784-1864)’’ yn: 'Baerne' fan de Historische Kring Baerne; desimber 2016, 40e jiergong nr. 4, side 126
- De Nederlandsche Kinderbond, afdeling Baarn, yn: "Baerne" fan de Historische Kring Baerne; maart 2019, 43e jiergong nr.1 side 8
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|