Wurdwiis
Wurdwiis is in Frysk kompjûterspultsje oer taal dat yn 2002 ûntwikkele is troch Otto B. Wiersma en Douwe van der Meulen.
It spul biedt letters oan dy't teplak setten wurde moatte yn it spylfjild. Mei dy letters moat besocht wurde om wurden te foarmjen. Yn it spylfjild meie dy wurden yn fjouwer rjochtingen rinne (horizontaal, fertikaal en diagonaal), sadat mei it delsetten fan ien letter ynienen meardere wurden fûn wurde. De letters fan de fûne wurden wurde ferwidere en de wurden wurde yn de list setten. It spul hâldt de tiid en de punten by, sadat men ek ûnderling wedstrydsjes spylje kin. Persoanlike skoares en TOP-10 oersjoggen binne te besjen en út te printsjen. De grutte fan it spylfjild en de lingte fan op te sykjen wurden is by elk spul yn te stellen.
It is in multy-media-spul: by ferskate wurden binne bypassende lûden te hearren.