Bart Kingma (Wommels, 1970) is in skriuwer en telefyzjemakker út Ried.

Bart Kingma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bart Kingma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1970
berteplak Wommels
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre roman, lietteksten

Bart Kingma waard berne yn Wommels, mar groeide op yn Kollum. Nei syn hbû-stúdzje Sjoernalistyk yn Swol wurke hy by ferskate media yn Noard-Nederlân as sjoernalist, senarioskriuwer en regisseur.

Programmamakker bewurkje seksje

Kingma makket as programmamakker dokumintêres foar FryslânDOK by Omrop Fryslân. [1] Sa makke hy bygelyks twa programma’s mei as titel De ûntdekking fan Fryslân. Bart Kingma seit hjiroer ‘Wy besprekke de fraach wêrom, hoe’t en wêr’t Friezen sykje nei harren eigen identiteit. Yn dizze programma’s is omtinken foar Kneppelfreed, de Upstalbeam en de universiteit fan Frjentsjer’

Sûnt 2000 makket hy skoaltelevyzjeprogramma’s by Omrop Fryslân. De televyzjerige ‘11&30, de Kanon fan de Fryske Skiednis’ is troch him opsetten, skreaun en regissearre, lykas oare programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis.

Lietteksten bewurkje seksje

Kingma docht ek skriuwwurk, ûnder mear lietteksten. Syn oersettings fan lietsjes fan Leonard Cohen waarden troch ferskate Fryske artysten útfierd. Sa skreau hy Dunsje my de leafde út, De swalkerinne, As it jo wil is en Ik wol dy op sa'n dei noch net by my wei.[2]

Skriuwer bewurkje seksje

Griene Simmer wie syn romandebút út 2010. Underwerp is de ferdwining fan twa persoanen.[3] It ferhaal beskriuwt de dramatyske ôfrin fan in trijehoeksrelaasje yn in efterúthoeke oan de Fryske Waadkust. [4]

Sex to the Max is skreaun yn opdracht fan it LêsNo projekt, in lêsbefoarderingsprojekt foar it fuorset ûnderwiis. [5] Syn boek De deikoersen fan Remco is skreaun yn it ferlingde fan de suksesfolle jeugdsearje De Koers fan Omrop Fryslân. [6]

Yn 2024 waard Kingma kollumnist by Friesland Post.[7]

Bibliografy bewurkje seksje

  • Jou my de romte2020) ISBN: 9789493159532
  • Sex to the Max; 12-15 jier; útjouwerij; Afûk, 2019 ISBN: 9789493159532
  • De deikoersen fan Remco; 12-15 jier; 2016 ISBN : 9789492176141
  • Griene Simmer; útjouwerij Elikser (2010) ISBN: 9789089542472

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân oer Bart Kingma
  2. https://secondhandsongs.com
  3. Bart Kingma – Griene Simmer (2010), www.frieseliteratuur.nl]
  4. Oer Griene Simmer, www.onlinebibliotheeek.nl
  5. Taalplan.frl
  6. www.Fryske kadoos.nl
  7. www.persbureau-ameland.nl