Leonard Cohen
Leonard Norman Cohen, (ûnder Montreal, 21 septimber 1934 - Los Angeles, 7 novimber 2016) út Quebec, wie in dichter, skriuwer, mar benammen sjonger fan syn eigen lieten. Cohen syn muzyk hat oer it generaal in sterke emosjonele lading en de teksten binne faak kompleks mei in protte metafoaren. Cohen hat in soad ynfloed hân op oare artysten en syn wurk is dan ek hûnderten kearen troch oaren útbrocht.
Leonard Cohen | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Cohen yn 2008 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Leonard Norman Cohen | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berteplak | Montreal (Kebek) | |
stoarn | 7 novimber 2016 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | folk, folkrock, rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar, piano | |
grutste hit(s) | Suzanne Hallelujah So long, Marianne. | |
jierren aktyf | 1956 - 2016 | |
offisjele webside | ||
http://www.leonardcohen.com/ |
Libben
bewurkje seksjeCohen is berne yn in Joadske middenstânshûshâlding yn Montreal; syn heit wie kleanmakker. As jonge learde hy gitaar te spyljen en foarme in country/folk-groep mei de namme Buckskin Boys.
Yn 1951 gie Cohen nei de Mc Gill Universiteit om literatuer te studearjen. Hy hie doe al besluten om poëet te wurden. Syn earste bondel ferskynde yn 1965 wylst hy noch net ôfstudearre wie: Let Us Compare Mythologies. Mei syn twadde bondel The Spice Box Earth (1961) makke hy namme as dichter, benammen yn Kanada.
Neidat hy ferhuze wie nei Hydra, in Gryksk eilân, publisearre Cohen de dichtbondel Flowers for Hitler en de romans The Favorite Game (1963) en Beautiful Losers (1966). The Favorite Game is in autobiografyske 'bildungsroman' oer in jonge man dy't syn identiteit as skriuwer besiket te finen, dat yn tsjinstelling ta Beautiful Losers dat beskôge wurdt as in 'anty-bildungsroman'.
Yn 1967 ferhuze Cohen nei Amearika om in karriêre as folksjonger op te setten. Syn earste album Songs of Leonard Cohen klonk te depressyf om in kommersjeel sukses te wurden, mar waard wol omearme troch ferskate folkleafhawwers. Der ferskynden noch trije albums mei in ienfâldige setting: Songs from a Room (1969), Songs of Love and Hate (1971) en New Skin for the Old Ceremony (1974).
Ein 60-er en begjin 70-er jierren spile Cohen in soad yn Amearika, Kanada en Europa. Syn measte sukses hie Cohen dêrby yn Kanada en Europa.
Fan 1986 waard de belangstelling foar Cohen wer grutter, meidat jongere artysten lykas Nick Cave en de The Sisters of Mercy him priizgen en nûmers fan him opnamen. Yn 1988 wie er hielendal werom mei it album I'm your man, it bêstferkochte Cohen-album sûnt jierren. Cohen, dy't altyd in soad mei religy en spirutialiteit dwaande wie, hold út en troch ta yn in boedistysk kleaster, en waard yn 1996 offisjeel wijd as mûnts.
Krekt nei syn 70e jierdei kaam út dat syn eks-freondinne en saakwaarnimster Kelley Lynch al syn pinsjoenjild ferstjustermoane hie. Dat twong Cohen om wer op te treden en fannijs hie er in protte súkses. Op 12 july 2008 joech er foar it earst yn 15 jier in konsert yn Nederlân yn it Amsterdamske Westerpark. Cohen waard yn 2008 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. Simmer fan 2012 ûndernaam er syn "Old Ideas Europa Tournee" en wie er ûnder mear te sjen op it Sint-Pitersplein yn Gint en yn it Olympysk Stadion (Amsterdam). Hy stelde syn album Old Ideas foar en spile klassikers fan eardere albums.
Cohen stoar op 7 novimberm 2016 yn de âldens fan 82 yn syn hûs yn Los Angeles. Syn dea waard earst op 10 novimber buorkundich makke.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Songs of Leonard Cohen | 27 desimber 1967 | Columbia | Suzanne, So Long, Marianne, The Stranger Song, Winter Lady |
Songs from a Room | 24 maart 1969 | Bird on the Wire, The Partisan, Tonight Will Be Fine | |
Songs of Love and Hate | 19 maart 1971 | Joan of Arc, Diamonds in the Mine, Dress Rehearsal Rag | |
New Skin for the Old Ceremony | 11 augustus 1974 | Lover Lover Lover | |
Death of a Ladies' Man | 13 novimber 1977 | Warner Bros. | Memories, True Love Leaves No Traces |
Recent Songs | 27 septimber 1979 | Columbia | The Guests |
Various Positions | 11 desimber 1984 | Dance Me to the End of Love, Hallelujah | |
I'm Your Man | 2 febrewaris 1988 | Take This Waltz, First We Take Manhattan, I'm Your Man, Ain't No Cure for Love, Everybody Knows, I Can't Forget | |
The Future | 24 novimber 1992 | Closing Time, Democracy, The Future, Be for Real | |
Ten New Songs | 9 oktober 2001 | In My Secret Life, Boogie Street | |
Dear Heather | 26 oktober 2004 | The Letters | |
Old Ideas | 31 jannewaris 2012 | Show Me the Place, Darkness | |
Popular Problems | 22 septimber 2014 | ||
You Want It Darker | 21 oktober 2016 | You Want It Darker, Traveling Light | |
Thanks for the Dance | 22 novimber 2019 | The Goal, Happens to the Heart, Moving On |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Live Songs | april 1973 | Columbia |
Cohen Live: Leonard Cohen in Concert |
28 juny 1994 | |
Field Commander Cohen: Tour of 1979 |
20 febrewaris 2001 | |
Live in London | 31 maart 2009 | |
Live at the Isle of Wight 1970 | 19 oktober 2009 | |
Songs from the Road | 14 septimber 2010 | |
Live in Dublin | 2 desimber 2014 | |
Can't Forget: A Souvenir of the Grand Tour |
12 maaie 2015 | Sony Legacy |
Angels at My Shoulder (Live 1993) | 30 juny 2017 | Leftfield Media |
From The Silence (Live 1993) | novimber 2021 | Night Parade |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
The Best of Leonard Cohen/ Greatest Hits |
1975 |
Liebesträume – Leonard Cohen singt seine schönsten Lieder |
1980 |
So Long, Marianne | 1989 |
More Best of Leonard Cohen | 7 oktober 1997 |
The Essential Leonard Cohen | 22 oktober 2002 |
The Collection | 27 juny 2008 |
Greatest Hits | 13 july 2009 |
The Complete Studio Albums Collection | 10 oktober 2011 |
Hallelujah & Songs From His Album | 14 oktober 2022 |
Bibliografy
bewurkje seksje- Let Us Compare Mythologies (poëzij, 1956)
- The Spice-Box of Earth (poëzij, 1961)
- The Favourite Game (roman, 1963)
- Flowers for Hitler (poëzij, 1964)
- Beautiful Losers (roman, 1966)
- Parasites of Heaven (poëzij, 1966)
- Selected Poems 1956-1968 (poëzij, 1968)
- The Energy of Slaves (poëzij, 1972)
- Death of a Lady's Man (poëzij, 1978)
- Book of Mercy (poëzij, 1984)
- Stranger Music (poëzij en songteksten, 1993)