Olympysk Stadion (Amsterdam)

It Olympysk Stadion fan Amsterdam waard boud yn 1928, foar de Spullen fan de IXe Olympiade, neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Jan Wils. It hie doe plak foar 31.600 taskôgers. It stadion hat ek in toer, de Maratontoer, fan 42,195 meter heech. Op dy toer stiet in fjoerskeal dêr't yn 1928 foar it earst it Olympysk Fjoer yn baarne.

Olympysk Stadion
Stadium - The Noun Project.svg  stadion
Olympic Stadium Amsterdam 1928.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of North Holland.svg Noard-Hollân
gemeente Flag of Amsterdam.svg Amsterdam
plak Flag of Amsterdam.svg Amsterdam
koördinaten 52° 20′ 36″ N, 4° 51′ 15″ W
algemiene ynformaasje
type atletykstadion
kapasiteit 22.500
type oerflak gers
bou
boubegjin 1927
iepening 28 july 1928
renovearre 1998-2000
kaart
Olympysk Stadion (Amsterdam)
Olympysk Stadion
lokaasje fan it Olympysk Stadion Amsterdam

Nei de SpullenBewurkje

Yn 1987 wie de gemeente Amsterdam fan doel en brek it stadion ôf. Dat waard lykwols noch krekt opkeard troch Monumintesoarch. Tusken 1996 en 2000 waard it stadion, dat yn de tuskentiid slim fertuteaze wie, yngreven opknapt. Dêrby is âl it felodroom weihelle. Hjoed de dei wurdt it stadion wer brûkt foar lytse en gruttere eveneminten, faak mei in Olympysk sportkarakter en der húsmanje sa'n tritich selsstannige ûndernimmingen. Fan 2005 oant 2014 wie der ek in sportmuseum, de Olympic Experience Amsterdam.

It Olympysk Stadion yn 1928Bewurkje


Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje