Omrop Fryslân is in publike regionale omrop. Omrop Fryslân is ien fan de âldste regionale omroppen fan Nederlân.

Omrop Fryslân
medium radio, telefyzje
nasjonaliteit Frysk
taal Frysk
oprjochte 1946 (ûnderdiel RON, letter RONO)
1978 (selsstannich)
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
ûntfangstgeb. Fryslân
eigner n.f.t. (selsstannige omropstifting)
webside www.omropfryslan.nl

Omrop Fryslân begûn mei útstjoeren binnen de Regionale Omroep Noord, de RON yn 1946. Yn de jierren 50 waard de RON omneamd ta RONO, de Regionale Omroep Noord en Oost. Yn 1978 waard dy stjoerder spjalte yn trije stjoerders, Noord, Oost en Radio Fryslân. Binnen de RONO waarden de Frysktalige programma's doe al tsien jier útstjoerd ûnder de namme Radio Fryslân. Yn RONO-ferbân waarden al sûnt 1946 Nederlânske radioprogramma's rjochte op Fryslân útstjoerd; yn de jierren fyftich sette de RONO ek útein mei Frysktalige programma's.

 
It gebou fan Omrop Fryslân yn de snie.

Radio Fryslân waard tige populêr troch de wize wêrop't yn febrewaris 1979 nei in sniestoarm yn Fryslân ferslach dien waard oer de gefolgen rûnom yn de provinsje. Radio Fryslân wie hiele dagen yn de loft mei it lêste nijs oer de snie. Dat smiet úteinlik mear stjoertiid op.

Utwreiding ûnder de namme Omrop Fryslân

bewurkje seksje

Yn 1988 gie Radio Fryslân selsstannich troch as Omrop Fryslân. Sûnt 1994 is der ek in telefyzjepoat fan Omrop Fryslân aktyf. De earste útstjoering fan it nijsprogramma, Hjoed, wie op 4 febrewaris fan dat jier.

Oare ôfdielingen binne nije media (tekst TV, teletekst Fryslân en nijs fia ynternet), skoaltelefyzje en it reklamebedriuw fan de omrop. Op de lanlike publike stjoerder wurdt ienris yn 'e wike in dokumintêre útstjoerd mei Nederlânske ûndertiteling.

Fan maaie 2002 oant septimber 2010 wie Hans Snijder haadredakteur fan Omrop Fryslân. Snijder waard opfolge troch Jan van Friesland, dy't begjin 2015 sels opfolge waard troch Klaas Geert Bakker. Dy waard nei in ynterimperioade per desimber 2019 opfolge troch Ingrid Spijkers.


Ynterne strideraasjes

bewurkje seksje

Yn de hjerst fan 2018 kaam Omrop Fryslân negatyf yn it nijs doe't in heech oprinnend skeel yn it managementteam late ta it ûntslach fan haadredakteur Klaas Geert Bakker. Bakker hie by it evenemint Reuzen yn Ljouwert, yn it ramt fan LF2018 de ôfspraken brutsen mei it teäterselskip Royal de Luxe, dat it evenemint fersoarge, en de organisaasje fan LF2018, dat it betelle. Royal de Luxe hie nammentlik mar tastimming jûn foar in live-útstjoering fan tweintich minuten, mar Bakker miende dat der ôfspraken makke wiene foar in live-útstjoering fan twa oeren wêrfan't net mear as tweintich minuten opnommen wurde mochten mei in drone. Doe't er koart foar de útstjoering de flater ûntdiek, besleat er op eigen manneboet om 'e útstjoering trochgean te litten. Dat er doe net daliks Nina Hiddema, de ynterimdirektrise fan Omrop Fryslân, ynljochte, late neitiid ta in fertrouwensbrek.[1] Bakker spande in koart pleit oan tsjin syn ûntslach, mar waard op 7 novimber troch de rjochter yn it ûngelyk steld.[2] Op 22 novimber waard bekend dat nei Bakker ek syn neiste meiwurker, it haad ynhâld Marcel Mijwaart, by de Omrop it fjild romje moast. Oer de redens dêrfoar woe net ien fan 'e belutsenen wat sizze.[3] Nei't de Omrop him in jier beholpen hie mei ynterim-haadredakteurs út it eigen fermidden, waard per 1 desimber 2019 Ingrid Spijkers oansteld as opfolger fan Bakker.[4]

Omrop Fryslân stjoert ornaris yn it Frysk út. Fryske streektalen en it Nederlânsk binne ek te hearren. It nijs wurdt oer de radio, it ynternet, en de telefyzje wrâldkundich makke. De omrop hat fanwege syn spesjale rol as Frysktalige stjoerder in oere yn 'e wike stjoertiid by de nasjonale publike omrop. Dêrneist makket de omrop skoaltelefyzje en hat de status fan rampestjoerder.

Omrop Fryslân Telefyzje

bewurkje seksje
 
De telefyzjestudio fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is alle dagen te sjen op telefyzje. Der wurdt útstjoerd oer de kabel en Digitenne yn de provinsje. Yn grutte parten fan Europa is Omrop Fryslân Telefyzje te besjen oer de Astra 3 satellyt op 23,5 graden east. Oerdeis, fan 9.00 oere oant 17.00 oere, wurdt Omrop Fryslân radio útstjoerd op it kanaal en ferskine der nijskoppen fan teletekst ûnder yn byld. Fan fiif oere ôf wurdt der al útstjoerd.

Programma’s op Omrop Fryslân Telefyzje:

  • Fryslân Hjoed – it nijsprogramma fan de Omrop – alle deiske dagen om 17.00 oere en op sneon om 18.00 oere.
  • It Polytburo – it wykliks polityk programma
  • Hea!
  • Fryslân DOK
  • Berneprogramma mei Bear Boeloe en Tomke
  • Lekker ite mei Reitse
  • K-rûte – keunst- en kultuerprogramma
  • Klipkar+ – fideoklipprogramma fan Omrop Fryslân

Omrop Fryslân wie yn 2001 de earste regionale omrop dy’t begûn mei in eigen dramasearje, Baas Boppe Baas. Dy searje waard opfolge troch Dankert & Dankert, dy’t basearre wie op de advokaten Wim en Hans Anker.

Omrop Fryslân Telefyzje hat ek stjoertiid op de publike kanalen fan Nederlân, omdat de oerheid de taak hat it gebrûk fan de Fryske taal yn de media te stimulearjen. De Omrop mei 52 oeren it jier oan Fryslân DOK en 40 Fryske skoaltelefyzje-útstjoeringen útstjoere op de lanlike netten. De dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd.

Omrop Fryslân Radio

bewurkje seksje
 
It skaaimerk fan de Fryske Top 100.
 
It logo fan de Freonen fan Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân Radio stjoert alle dagen fan 6.00 oere oant 23.00 oere út. Omrop Fryslân Radio wurdt útstjoerd op 92.2FM. Dêrnjonken is Omrop Fryslân Radio yn grutte parten fan Europa te beharkjen oer de Astra 3 satellyt op 23,5 graden east.

Inkele programma’s fan Omrop Fryslân op de radio binne:

  • Fryslân fan 'e moarn – troch-en-deisk muzyk- en nijsprogramma – fan 6.00 oant 9.00 oere
  • No yn Fryslân – troch-en-deisk nijsprogramma – fan 12.00 oant 13.00 oere
  • Weistra op Wei – troch-en-deisk muzyk- en nijsprogramma – fan 16.00 oant 19.00 oere
  • Muzyk yn Bedriuw – troch-en-deisk muzykprogramma – fan 9.00 oant 12.00 oere
  • De Middei fan Fryslân – muzykprogramma – fan moandei oant en mei tongersdeis fan 13.00 oant 16.00 oere
  • Casa Ennema – troch-en-deisk programma mei muzyk út Fryslân – fan 19.00 oant 20.00 oere
  • Noardewyn – in programma mei live-muzyk – freeds fan 13.00 oant 16.00 oere
  • Buro de Vries – dokumintêres en gasten oer aktuele saken – sneins fan 11.00 oant 13.00 oere
  • Prelude – programma mei geastlike muzyk – sneins fan 8.00 oant 9.oere
  • In oar programma is de Fryske Top 100, dat alle jierren op âldjiersdei útstjoerd wurdt.
  • Radio Froskepôle, wie fan 1999 oant 2018 in programma dat alle dagen útstjoerd waard. Presintator Gurbe Douwstra presintearre allinne muzyk yn it Frysk en oare streektalen. Op 21 juny 2016 wie de 2.000e útstjoering.

Kompromis mei KPN

bewurkje seksje

Op 4 july 2017 helle KPN Omrop Fryslân bûten de provinsjegrinzen fan 'e keabel. Tsjin dy beslissing kamen it Frysk Boun om Utens en de Freonen fan Omrop Fryslân yn ferset, mei it argumint dat KPN in morele ferantwurdlikheid hat om Omrop Fryslân yn hiel Nederlân troch te jaan, mei om't de Omrop telefyzje en radio yn in minderheidstaal fersoarget, dy't de offisjele status fan twadde rykstaal hat. De KPN woe fan gjin wiken witte, mar nei't de Provinsje Fryslân mei it bedriuw yn oerlis gien wie, waard der mids maaie 2018 in kompromis berikt: de provinsje betelle tenei de 20.000 auteursrjochten oan 'e Buma/Stemra, en dan droech KPN de kosten foar it technyske diel fan 'e trochjefte fan 'e útstjoerings fan Omrop Fryslân. Neffens de direksje fan KPN wie in selde konstruksje ek foarlein oan 'e oare provinsjes en regionale stjoerders, mar dêrfan hie net ien der belangstelling foar.[5]

Meiwurkers en âld-meiwurkers

bewurkje seksje

Freonen fan Omrop Fryslân

bewurkje seksje

Omrop Fryslân hat ek syn eigen fanklup, de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF). De feriening hat as doel in goede publike Fryske omrop foar radio en telefyzje. Dy feriening is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.

De Freonen fan Omrop Fryslân jouwe fjouwer kear yn it jier it blêd Each en Ear út. Dêrnjonken organisearje hja ekskurzjes, fytstochten en lêzings. Leden fan de feriening kinne koarting krije op Fryske boeken en CD's.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Santema, Pier Abe, Reuzen en stijlbotsing nekken hoofdredacteur Omrop, yn: de Ljouwerter Krante, 18 oktober 2018, s.3.
  2. Meij, Rutger van der, Hard oordeel over hoofdredacteur, yn: de Ljouwerter Krante, 8 novimber 2018, s. 2.
  3. ——, Weer kopstuk redactie weg bij de Omrop, yn: de Ljouwerter Krante, 22 novimber 2018, s. 29.
  4. Santema, Ingrid Spijkers nieuwe hoofdredacteur Omrop, yn: de Ljouwerter Krante, 8 oktober 2019, s. 24.
  5. Omrop weer in hele land te zien, yn: de Ljouwerter Krante, 19 maaie 2018, s. 19.