Afke Boven (Dokkum, 13 augustus 1980) is in Fryske programmamakster, presintatrise, redaktrise en skriuwster.

Afke Boven
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Afke Boven yn de studio fan Omrop Fryslân
Afke Boven yn de studio fan Omrop Fryslân
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 augustus 1980
berteplak Dokkum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as sjoernalist, redakteur en presintatrise
wurksum by Omrop Fryslân, NOS Sjoernaal

Afke Boven waard berne yn Dokkum, mar brocht in grut part fan hat jonkheid troch op It Amelân.[1] Har oplieding as sjoernalist krige se fan 1999 oant 2003 op hegeskoalle Windesheim yn Swol.

Yn har opliedingstiid rûn se staazje by RTL Boulevard en Tros Vermist. De earste jierren dêrnei wurke hja oant 2007 as redakteur by RTL4 en SBS6. Letter die se ek freelancewurk foar Omrop Max, de KRO en de EO. Yn 2019-2020 die Boven foar de NPO de redaksje en presintaasje fan Kijk op Fryslân.

Afke Boven wurket sûnt 2013 foar Omrop Fryslân. De earste jierren as redakteur en ferslachjouster foar it programma Bynt. Sûnt 2016 die se live ferslach fan it skûtsjesilen, de Slachtemaraton en de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden.

Yn 2021 krige Boven in dieltiidsbaan by de NOS as freelance-redaktrise fan it NOS Journaal Regio. Yn febrewaris 2022 waard bekend dat Boven út 39 gadingmakkers keazen wie om by de NPO nijslêzeresse by it NOS Journaal te wurden.[2]

As freelancer wurke Afke Boven foar Weight Watchers. Sûnt 1997 skriuwt se foar it moanneblêd De Amelander en yn novimber is se belutsen by de Keunstmoanne op It Amelân. Sûnt 2013 wurket se foar it Dagblad van het Noorden. Yn 2020 waard se einredakteur fan de Skûtsjekrante.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ik bin multilangual hutsafluts, De Westereender, oktober 2018
  2. Afke Boven gaat NOS Journaal presenteren, yn: de Ljouwerter Krante, 3 febrewaris 2022, s. 2.