Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 1 jannewaris 2024 661.956 ynwenners. It oerflak beslacht 5.753 km², wêrfan 2.413 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.

Fryslân
     
folksliet: De Alde Friezen
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1814
offisjele taal Nederlânsk en Frysk
haadstêd Ljouwert
tal gemeenten 18
kommissaris fan
   de kening
Arno Brok
  (VVD)
geografy
geograf. koördinaten 53°10' NB 5°40' EL
oerflak 5.753,26 km² (2015)
  •  dêrfan lân 3.340,10 km²
  •  dêrfan wetter 2.413,15 km²
  rang provinsjes 3e fan 12
demografy
ynwennertal 661.9561
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 8e fan 12
befolkingstichtens 197 / km²
grutste plak Ljouwert
religy (2015) 57,2% ateïsten en agnosten
35,1% protestanten
6,6% roomsk-katoliken
1,1% moslims
6,5% oaren
oar
NUTS NL12
ISO 3166-2 NL-FR
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.fryslan.frl
1) boarne: CBS-StatLine
Dizze side giet oer de Nederlânske provinsje (Westerlauwersk) Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttingsside).
Fyslân (2019)

Geografy

De Fryske fêstewâl wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch de provinsjes Grinslân en Drinte, en yn it suden troch Oerisel en de Noardeastpolder. De Ofslútdyk ferbynt West-Fryslân yn Noard-Hollân mei de Fryske fêstewâl by it plak Surch en is de skieding tusken de Iselmar en de Waadsee. De Iselmar leit westlik/súdwestlik fan de Fryske fêstewâl en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. De fjouwer Waadeilannen dy't by de provinsje hearre binne de natuerlike skieding tusken Waadsee en Noardsee.

It heechste punt fan de provinsje Fryslân is de 45 meter hege Fjoerboetsdún op Flylân. Op de fêstewâl is de Boskberch by Appelskea mei 27 meter it heechste punt, it djipste punt fan de provinsje is −2 meter.[1]

Lânskipsgebieten

It gea kin ferdield wurde yn ferskate lânskipsgebieten:

Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen de Súdwesthoeke, binne ferneamd. Yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stodunen te sjen, lykas yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De boskgebieten lizze benammen yn it suden en easten fan de provinsje, lykas de bosken yn de omkriten fan it Oranjewâld. De grutste natoerbehearders yn de provinsje Fryslân binne: Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea.

Bosk, greide, eilannen en wetter
 
Aekingersân
 
Greiden by Dearsum
Greiden by Dearsum
 
 
Beamwâl (Fryske Wâlden)
 
Heide by Bakkefean
Heide by Bakkefean  
 
Waadsee mei Skylge
 
Skylger dunen
Skylger dunen
 
 
De Tsjûkemar
 
Fjoerboetsdún, Flylân

Gemeenten

  De Wikipedy hat ek in side Fryske gemeenten.

Fryslân bestiet sûnt 2019 út 18 gemeenten. Nei lânoerflak is Súdwest-Fryslân de grutste gemeente, dêrnei folget Opsterlân. Nei ynwennertal is de gemeente Ljouwert mei 128.867 ynwenners fierwei it grutst. De twadgrutste gemeente nei ynwennertal is sûnt 1 jannewaris 2011 de gemeente Súdwest-Fryslân, mei in ynwennertal fan 90.436 minsken.

Yn ûndersteande tabel steane alle 18 gemeenten, mei dêrefter it lânoerflak, it tal ynwenners (per 1 jannewaris 2024), de befolkingstichtens, it trochsneed ynkommen nei ynwenners en it haadplak. Gemeenten mei in stjerke efter de namme hawwe offisjeel in Nederlânske of tuskenbeiden namme, dy't net gelyk is oan de Fryske namme.

Nr. Namme Lânoer­flak
(km2)
Ynwen­ners
(1 jannewaris 2024)
Befolkings­tichtens
inw./km²
Trochs­need ynkommen
€ de ynw.
Haadplak
1 Achtkarspelen 102,61 28.216 274 11.400 Bûtenpost
2 It Amelân* 59,18 3.826 59 11.700 Ballum
3 Dantumadiel 85,67 19.132 225 11.100 Damwâld
4 Eaststellingwerf* 224,16 25.914 117 11.900 Easterwâlde
5 Flylân* 36,16 1.234 32 13.300 East-Flylân
6 De Fryske Marren 559,93 51.938 92 De Jouwer
7 Harns* 25,02 16.235 631 12.000 Harns
8 It Hearrenfean* 135,21 51.812 321 12.900 It Hearrenfean
9 Ljouwert* (haadstêd) 79,16 128.867 1165 12.300 Ljouwert
10 Noardeast-Fryslân 516,45 45.884 87 Dokkum
11 Opsterlân* 224,86 30.039 134 12.500 Beetstersweach
12 Skiermûntseach* 40,79 971 23 14.200 Skiermûntseach
13 Skylge* 87,11 4.900 54 13.400 West-Skylge
14 Smellingerlân* 118,46 56.626 467 12.200 Drachten
15 Súdwest-Fryslân 433,09 90.436 190 Snits
16 Tytsjerksteradiel 149,59 32.626 216 12.500 Burgum
17 De Waadhoeke* 316,00 46.894 146 Frjentsjer
18 Weststellingwerf 221,53 26.507 117 12.000 Wolvegea

Klimaat

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Fryslân yn in sône mei in Cfb-klimaat: In myld maritym seeklimaat (mei troch de ynfloed fan de Noardsee). De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5°C. It tal sinne-oeren yn Fryslân is 1.475 yn ’t jier. [2] De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum, op Flylân, en op Skylge.[3]

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2 032,8
Maks. trochsneed temp. °C 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8 012,5
Min. trochsneed temp. °C -0,2 -0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1 005,5
Leechste temp. ea metten °C -19,9 -16,3 -16,3 -5,9 -1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 -6,5 -14,2 -19,2 ,-19,9
Reinfal yn mm 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0 767,2

Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 [4][5]

Skiednis

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
  Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
  Grinzer Ommelannen
  Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
  West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
  Westerlauwersk-Fryslân
  Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
  East-Fryslân
  Noard-Fryslân

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

Tusken 400 en 200 foar Kristus setten de earste minsken har yn it gebiet nei wenjen. De minsken wennen doe op terpen. Troch de Romeinen waarden de bewenners op de terpen tusken Fly en Iems Frisii neamd. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Fryslân in heidensk gebiet dêr't de minsken noch hieltyd op terpen wennen. Om it jier 700 hinne ferdigenet kening Redbad mei sukses it heidenske Fryslân tsjin de kristlike Franken. Nei de dea fan Redbad folget stadichwei de oermastering fan Fryslân troch de Franken. Mei de Franken komme yn de achtste iuw ferskate missionarissen nei Fryslân dy't de Friezen kerstenje wolle. Ien fan de meast ferneamde missionarissen wie Bonifatius, dy't yn 'e omkriten fan Dokkum stoarn is.

Om it jier 1100 hinne begjint de tiid fan de Fryske frijheid. De Fryske frijheid wie in útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Ut dy tiid binne Fryske rjochtsteksten en oarkonden oerlevere dy't foar it grutste part skreaun wienen yn it Aldfrysk. It konsept fan de Sân seelannen en de Upstalbeam binne twa wichtige eleminten yn de Fryske frijheid. De Sân Seelannen wienen de sân Fryske lannen dy't de Fryske frijheid dielden. De Upstalbeam wie it plak dêr't ôffurdigen út de ferskate Fryske lannen benammen yn de 14e iuw gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Yn 1498 einige de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers en it gebiet kaam ûnder Saksysk gesach. De Saksen ferkochten it gebiet yn 1515 oan de Boergondjers.

Yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen waard mei it Hearlikheid Fryslân de grûnslach lein foar de lettere provinsje Fryslân. It Hearlikheid Fryslân hie fjouwer goaen: Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden en de Alve Stêden. Haadstêd en bestjoerlik sintrum waard de stêd Ljouwert. Yn de jierren 1579-1795 wie it Hearlikheid Fryslân feitlik in autonoom gebiet mei in eigen universiteit (Universiteit fan Frjentsjer) en de Admiraliteit fan Fryslân. Yn de Frânske tiid waard de hjoeddeiske provinsje Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid waard Fryslân in provinsje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mar ferlear syn autonome status dy't it wol hân hie yn de tiid fan de Republyk.

Bestjoer

  De Wikipedy hat ek in side Deputearre Steaten fan Fryslân.
  De Wikipedy hat ek in side Provinsjale Steaten fan Fryslân.

De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtich, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Kening, Arno Brok.

Kolleezje fan Deputearre Steaten

Sûnt 2023 bestiet it kolleezje fan Fryslân út de partijen BBB, CDA, FNP en CU (24 sitten).

Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:[6]

Foar it tiidrek 2019-2023 bestie de koälysje út de partijen CDA, PvdA, VVD en FNP (22 sitten).

Foar it tiidrek 2015-2019 bestie de koälysje út de partijen CDA, VVD, SP en FNP (23 sitten).

Utslaggen Steateferkiezings

Utslaggen Steateferkiezings
Jier 2003 2007 2011 2015 2019 2023 Jier
Partij Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Stimmen
(persint)
Sitten Partij
BBB 27,9 14 BBB
PvdA 26,2 15 25,6 12 23,7 11 15,5 7 13,4 6 10,6 5 PvdA
CDA 27,4 16 25,8 12 17,7 12 20,8 9 16,7 8 8,8 4 CDA
FNP 13,2 7 10,7 5 9,2 4 9,5 4 7,9 4 8,1 4 FNP
VVD 10,9 6 10,8 5 13,8 6 11,0 5 9,4 4 6,7 3 VVD
GL 5,4 3 3,9 2 5,2 2 3,6 1 7,7 3 6,5 3 GL
CU 5,6 3 8,2 3 6,4 3 7,4 3 6,6 3 5,3 2 CU
PVV 8,4 4 8,7 4 5,8 3 4,5 2 PVV
FVD 13,4 6 3,7 1 FVD
SP 4,8 2 9,6 4 8,4 3 10,9 5 5,2 2 3,5 1 SP
PvdD 2,6 1 3,2 1 3,4 1 PvdD
D66 2,5 1 1,3 4,2 2 6,9 3 4,1 2 3,3 1 D66
JA21 2,7 1 JA21
Provin­ciaal Belang
Fryslân
1,2 1,8 2,0 1 Provin­ciaal Belang
Fryslân
BVNL 1,8 BVNL
50+ 1,4 2,4 1 2,6 1 0,9 50+
Algemene Waterschapspartij 0,6 Algemene Waterschapspartij
SGP 1,1 SGP
Natuur­lijk Fryslân 1,0 Natuur­lijk Fryslân
DENK 0,2 DENK
Friese Koers 0,4 Friese Koers
Liber­tarische Partij 0,2 Liber­tarische Partij
Feriene Lofts 0,1 0,1 Feriene Lofts
PvhN 0,3 PvhN
Gemeente­belangen
Fryslân
1,9 1 Gemeente­belangen
Fryslân
LPF 1,7 1 LPF
Opkomst/sitten 56,1 55 54,1 43 59,9 43 53,0 43 59,1 43 65,6 43 Opkomst/sitten

Demografy

Befolkingsûntjouwing provinsje[7][8]
Jier Ynwenners
1714 129.243
1748 135.195
1796 161.513
1811 175.366
1830 204.909
1840 227.859
1850 243.191
1860 269.701
1870 300.863
1880 329.877
1890 335.558
1900 340.263
1910 363.625
Jier Ynwenners
1920 385.362
1930 402.051
1940 424.462
1950 465.267
1960 478.206
1970 521.820
1980 583.989
1990 599.151
2000 624.500
2010 646.305
2020 649.957
2023 659.551


 

It tiidrek 1880-1900 lit in stadige befolkingsoanwaaks sjen. Troch de lânboukrisis fan 1880 setten mear as 20.000 Fryske lânferhuzers nei de Feriene Steaten ta.[9]

Op 1 jannewaris 2023 hie Fryslân in befolking fan 659.551 minsken.[10] Mei in befolkingstichtens fan 197 ynwenners de km² is de provinsje Fryslân nei Drinte de tinst befolke provinsje fan Nederlân.

Neffens ferwachting sil de provinsje yn 2033 sa likernôch 668.000 ynwenners hawwe, dêrnei sil it ynwennertal nei alle wierskyn ôfnimme.[11]

Religy

Minder as de helte fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân is kristlik. De sifers binne fan it CBS fan 2015:[12]

Religy %
Net religieus 58%
Roomsk-Katolike Tsjerke 7%
Protestantske Tsjerke yn Nederlân 14%
Nederlânske Herfoarme Tsjerke 6%
Grifformeard 7%
Islam 1%
oare denominaasje 7%

Plakken

Alve stêden

 
In loftfoto fan Westerlauwersk Fryslân út it ISS wei.

Fan âlds binne der alve stêden (de Fryske Alve Stêden) yn de provinsje Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.

Grutste plakken

Hjirûnder in list fan de fyftjin grutste plakken yn Fryslân.

Nr. Plaknamme Tal ynwenners
(1 jannewaris 2023)
01 Ljouwert 96.190
02 Drachten 45.450
03 Snits 35.020
04 It Hearrenfean 30.680
05 Harns 15.095
06 Wolvegea 13.355
07 De Jouwer 13.060
08 Dokkum 12.965
09 Frjentsjer 13.015
10 De Lemmer 10.370
11 Boalsert 10.120
12 Burgum 9.960
13 Easterwâlde 9.825
14 Stiens 7.800
15 De Gordyk 7.430

Boarne: Keamer fan Keaphannel (1 febrewaris 2021)

Beskerme steds- en doarpsgesichten

  De Wikipedy hat ek in side Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.

Fryslân hat tsien beskerme stedsgesichten en 46 beskerme doarpsgesichten en in beskerme gebiet.

Taal

 
It hjoeddeiske Fryske taalgebiet

Yn Fryslân wurdt it Westerlauwersk Frysk, it Nederlânsk en in ferskaat oan oare taalfarianten (dialekten) sprutsen.

Frysk

  De Wikipedy hat ek in side Frysk.

It Frysk fan de provinsje Fryslân wurdt ek wol Westerlauwersk Frysk neamd, om sa it plak fan de Fryske taal tusken de oare Fryske talen (it Sealterfrysk en Noardfrysk) dúdlik te meitsjen. Wat mear as de helte fan de Friezen yn de provinsje Fryslân hat it Frysk as memmetaal, te witten 53,6% (2001). Mei dejingen dy't it Frysk as twadde taal geregeld brûke meirekkene, komt it tal ''Fryskpraters'' tusken de 60 en 70 persint út. Dantumadiel is de gemeente dêr’t de measte ynwenners it Frysk as memmetaal hawwe, te witten 83,3%. Yn Harns is dat it leechst (21,6%).[13] Sa likernôch in fearnspart fan de befolking kin, neffens eigen sizzen, 'frij aardich' Frysk skriuwe (12,1 persint goed).

De memmetaal is net itselde as de meast sprutsen taal. In soad memmetaal-sprekkers binne yn 'e rin fan har libben oerstapt op in oare taal as meast brükte. Dat jildt foar alle taalgroepen, mar it meast foar de dialekt- memmetaalsprekkers.

Dantumadiel wie de earste Fryske gemeente dy't sawol Fryske plaknammen en strjitnammen as ek in Frysktalige gemeentenamme hat. Yn 2012 wienen der 7 gemeenten dy't offisjeel Fryske plaknammen brûke. De offisjele wetternammen binne rûnom yn de provinsje (útsein de Stellingwerven) yn it Frysk. It Frysk hat yn de Fryske steaten en yn by de Fryske gemeenten de status fan offisjele bestjoerstaal.

Nederlânsk

It Nederlânsk is de twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Ferskate media lykas de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en GPTV brûke Nederlânsk en allinnich yn spesjale sytaten of artikels it Frysk. It Nederlânsk komt yn it ûnderwiis op it foarste plak, op trijetalige skoallen komme it Frysk en it Ingelsk dêrnjonken. Yn de haadstêd Ljouwert hie yn 1967 sa'n 28 persint fan de befolking it Nederlânsk as memmetaal, yn 1993 wie dat 46 persint.[14]

Oare taalfarianten

De oare taalfarianten yn de provinsje Fryslân kinne sa yndield wurde:

It brûken fan de dialekten nimt yn de provinsje Fryslân sterk ôf. De dialekten wurde benammen noch troch de äldere ginneraasjes brûkt wylst de jongere op it Nederlânsk,oergeane, alhoewol't gauris mei in aksint. It Oertsjongersk (Stellingwerfsk) waard yn 2011 troch 22 persint yn Weststellingwerf en troch 11 persint fan de befolking yn Eaststellingwerf praat. Yn It Bilt kin sa'n tritich persint fan de befolking Biltsk prate.[15] In foarbyld fan it ôfnimmen fan de dialekten is de delgong fan it Stedsk yn Ljouwert. Prate yn 1967 noch 37 persint fan de Ljouwerters stedsk, yn 1993 wie dat tebekrûn oant 15 persint.[16]

Ekonomy

De provinsje Fryslân is foar in relatyf grut part agrarysk. Troch it agraryske karakter is de provinsje mei troch de suvelyndustry bekend wurden. De toeristyske sektor nimt ek in wichtich plak yn. Mei it Fryske Marreprojekt jout de provinsje in stimulâns oan it wettersporttoerisme yn it súdwesten en midden fan de provinsje. Foar de toeristyske sektor binne Fryske eilannen fan grut belang. De tsjinstesektor kriget foaral syn beslach yn de gruttere plakken lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten.

De beropsbefolking bestie yn 2009 út sa likernôch 300.000 minsken[17], dat wie doe 3,8 persint fan de Nederlânske beropsbefolking. Yn it jier 2006 wie it regionale BYP per ynwenner, neffens keapkrêft, by 105,1 persint fan trochsnee fan de 27 EU-lannen.[18] It BYP fan de provinsje besloech € 18,9 miljard yn 2008[19], sa'n 3,17% it Nederlânske BYP.

Ferkear

 
Akwadukt Mid-Fryslân mei dêrnjonken de spoarbrêge, ûnder it akwadukt troch rint de A6.

Troch de provinsje hinne lizze fjouwer sneldiken: de A6, A7, A31 en A32. Yn de provinsje binne njoggen akwadukten, foar in part binne se ûnderdiel fan it Fryske Marrenprojekt.

Yn de provinsje Fryslân lizze fjouwer spoarlinen: Ljouwert-Harns, Ljouwert-Starum, Ljouwert-Grins en Ljouwert-Swol. In mooglik takomstich spoar is it spoar fan Grins nei It Hearrenfean.

De haven fan Harns is de wichtichste seehaven fan Fryslân. It Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal binne de wichtichste kanalen foar de grutte skipfeart. Nei de eilannen ta docht Rederij Doeksen de feartsjinst fan Harns nei Flylân en Skylge. Rederij Eigen Feartsjinst Skylge fart allinnich út Harns nei Skylge ta. De rederij Wagenborg fart fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.

Foar it loftferkear binne fan belang: It Fleanfjild Drachten mei in ferhurde baan fan 950 meter en it Amelân Fleanfjild Ballum mei in gersbaan fan 998 meter. De Fleanbasis Ljouwert hat twa ferhurde banen en wurdt foar de militêre loftfeart brûkt. Op Flylân is oan de eastkant fan it eilân in lytse helikopterhaven.

Media

Ferdivedaasje

Sport

 
Keatsen op it Sjûkelân yn Frjentsjer.

UNESCO

Op de UNESCO-wrâlderfskiplist stean de Waadsee en it Yr. D.F. Woudagemaal.

Musea

  De Wikipedy hat ek in side List fan musea yn de provinsje Fryslân.
 
Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer

Yn 2010 hienen de ferskate Fryske musea sa likernôch 890.000 besikers.[20] In ferheging fan sân persint yn ferliking mei it jier 2009. Neffens Museumfederaasje Fryslân krigen de neikommende museu mear as 40.000 besikers: Natuermuseum It Amelân, Tresoar, Jopie Huisman Museum, Natoermuseum Fryslân, Eise Eisinga Planetarium, Frysk Museum/ Fersetsmuseum Fryslân en Museum Belvédère.

Eveneminten

Literatuer

Op it literêre mêd wurde de measte romans dy't yn de provinsje ferskine yn it Frysk skreaun. Ferneamde Fryske skriuwers út it ferline binne: Gysbert Japiks, Joast Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Simke Kloosterman, Fedde Schurer, Rely Jorritsma, Obe Postma en Rink van der Velde. Nei alle niisneamde skriuwers is in literêre priis neamd.

Sjoch ek

  Tema:Provinsje Fryslân – Wikipedy hat ek in temaside oer de Provinsje Fryslân

Keppelings om utens

  Wikiwurdboek: Fryslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
  Commons: Fryslân – foto, fideo en harktriemmen
  Wikimedia-atlas: Fryslân – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ahn.nl
  2. Sinnekaart Nederlân
  3. Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân
  4. KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000
  5. KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
  6. It kolleezje fan Deputearre Steaten, Provinsje Fryslân
  7. [1] Tresoar: Histoaryske befolkingsoantallen Fryslân 1714 - 2000
  8. CBS Bevolking 2010
  9. Emigraasje nei de Feriene Steaten
  10. Statistieken provincie Friesland, AlleCijfers
  11. Dashbord Prognose Bevolking en Huishoudens, Staat van Fryslân, provinsje Fryslân
  12. Religieuze betrokkenheid; kerkelijke gezindte; regio; 2015 - Friesland, CBS: StatLine
  13. Fryske taalatlas 2011 (side 4 en 5) op de webside fan de Provinsje Fryslân
  14. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008
  15. Fryske taalatlas 2011 (side 12) op de webside fan de Provinsje Fryslân
  16. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008
  17. CBS Beropsbefolking Fryslân 2009.
  18. Eurostat Jahrbuch der Regionen 2009: Kapitel 4: Bruttoinlandsprodukt (PDF; 5,4 MB) en (XLS; 134 KB)
  19. CBS BYP fan de provinsje Fryslân.
  20. Museumfederaasje Fryslân 2010 topjaar voor Friese musea.
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  Provinsjes fan Nederlân  
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
  ·   ·