Kertieren fan Fryslân
De kertieren fan Fryslân foarmen in bestjoerlike yndieling (1579-1795) fan Fryslân.
De eardere goaen Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden wienen de trije plattelânskertieren, ûnderferdield yn tritich (respektivelik alve, njoggen en tsien) gritenijen. It fjirde kertier wie in stêdekertier en bestie út de Fryske alve stêden.
Kertieren
bewurkje seksjeKertier | Flagge | Oantal | Gritenijen/ stêden |
---|---|---|---|
Eastergoa | alve | Achtkarspelen, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Kollumerlân en Nijkrúslân, Ljouwerteradiel, East-Dongeradiel, Raarderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel | |
Westergoa | njoggen | Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel, Himmelumer Aldeferd, Hinnaarderadiel, It Bildt, Menameradiel, Wûnseradiel en Wymbritseradiel | |
Sânwâlden | tsien | Aenjewier, Doanjewerstâl, Gaasterlân, Haskerlân, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skoatterlân, Utingeradiel en Weststellingwerf | |
Stêden | alve | Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Drylts, Ljouwert, Sleat, Snits, Starum en Warkum |