Lemsterlân

Lemsterlân (Nederlânsk en offisjeel: Lemsterland) is in eardere gemeente oan de súdkust fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 in befolking fan 13.544 minsken.[1] Fierders besloech Lemsterlân in oerflak fan 124,37 km², wêrfan 47,7 km² wetter, en hie it in kustline fan 29,84 km lang.

Lemsterlân
Ir D F Woudagemaal Lemmer.jpg
It ferneamde Yr. D.F. Woudagemaal, by De Lemmer.
flagge wapen
Flagge fan Lemsterlân.png Coat of arms of Lemsterland2.svg
Wapen fan Lemsterlân
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0082 (2009).svg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak De Lemmer
grutste plak De Lemmer
ynwennertal 13.544 (2013)
befolkingstichtens 176,6 / km²
oerflak 124,37 km²
● wêrfan lân 76,67 km²
● wêrfan wetter 47,70 km²
tal doarpen 8
ferkearsieren A6, N354, N359, N924
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Coat of arms of Lemsterland2.svg Gritenij Lemsterlân
Schoterland wapen.svg Gritenij Skoatterlân (diel)
1851 – 1934 Flagge fan Lemsterlân.png Gem. Lemsterlân
Wapenbanier fan Skoatterlân.PNG Gem. Skoatterlân (diel)
1934 – 1984 Flagge fan Lemsterlân.png Gem. Lemsterlân
Flagge fan Haskerlân.png Gem. Haskerlân (diel)
opheft 2014
opgien yn Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
no part fan Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
oar
netnûmer 0514
postkoade 8531–8539
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.lemsterland.nl

SkiednisBewurkje

Lemsterlân is yn 'e 14e iuw ûntstean as de Lemster Fiifgea. De gritenij Lemsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Op 1 jannewaris 2014 fúzjearre de gemeente mei Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat ta de nije gemeente De Fryske Marren.

GeografyBewurkje

It haadplak fan de gemeente is de Lemmer, en de oare plakken yn de gemeente binne: Bantegea, Dolsterhuzen, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Follegea, Ychten, Ychtenbrêge en Jistergea. It Ir.D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer heart ta it wrâlderfgoed.

TaalBewurkje

Yn Lemsterlân hat it meastepart fan de ynwenners Frysk as memmetaal, 51%. It Nederlânsk wurdt troch 39% as memmetaal bezige. Stêdsk is foar 6%, Stellingwerfsk foar 2% en útlânske talen foar 2% de memmetaal.[2] It Stellingwerfsk is net ynhiemsk foar it gebiet dat Lemsterlân omfiemet. De taal is nei alle gedachten yn it gebiet bedarre troch de kolonisaasje fan it gebiet troch feanstekkers fan Gythoarn om 1800 hinne.

Sjoch ekBewurkje

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarne: CBS)
  2. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 258.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lemsterland fan Wikimedia Commons.
 
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)