Noardeast-Fryslân
Noardeast-Fryslân | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De R.J. Cleveringslûzen, tusken de Waadsee en it Lauwersmar. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Noardeast-Fryslân is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente ûntstie by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 út 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân.[1] Op 31 desimber 2018 hie Noardeast-Fryslân 45.157 ynwenners.[2]
NammeBewurkje
De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'. De gemeente hat offisjeel gjin Nederlânske namme.
PlakkenBewurkje
De gemeente Noardeast-Fryslân bestiet út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum is fierwei it grutste plak en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing waard it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan Noardeast-Fryslân.
FoarskiednisBewurkje
Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje.[3] Dantumadiel nimt sûnt de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôf by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op 'e nij amtlik apparaat opboud te hawwen.
TaalBewurkje
Yn Noardeast-Fryslân wurde behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, te witten: Kollumerlânsk en Pompstersk.
Op 10 septimber 2020 besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân op foarstel fan 'e FNP-fraksje ta de ynfiering fan Frysktalige plaknammen yn 'e hiele gemeente. Foartiid wiene inkeld de offisjele plaknammen yn it âlde Ferwerderadiel Frysktalich, wylst yn it eardere Dongeradiel en Kollumerlân Nederlânsktalige plaknammen offisjeel wiene.[4]
PolitykBewurkje
Waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier Haijo Apotheker fan D66. Begjin jannewaris 2020 wurdt er opfolge troch de eardere FNP-deputearre Johannes Kramer.
De gemeenterie fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op 21 novimber 2018 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy ferkiezings wie sa:[5]
partij | stimmen | % | riedssitten |
---|---|---|---|
CDA | 3.763 | 22,9% | 7 |
FNP | 2.633 | 16,0% | 5 |
S!N | 2.188 | 13,3% | 4 |
KristenUny | 2.062 | 12,5% | 4 |
VVD | 1.931 | 11,7% | 3 |
PvdA | 1.570 | 9,5% | 3 |
GBNF | 1.068 | 6,5% | 2 |
ELP NEF | 947 | 5,8% | 1 |
Waadpartij | 257 | 1,7% | - |
ûnjildich & blanko | 46 | 0,3% | |
totaal | 16.456 | *46,4% | 29 |
*) Opkomstpersintaazje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|