It Pompstersk of Kollumerpompstersk is in Nedersaksysk dialekt, dat sprutsen wurdt yn it doarp De Pomp (of Kollumerpomp), yn de Fryske gemeente Kollumerlân. Neffens in rûzing út 2003 waard it doe noch praat troch likernôch 200 minsken, wêrfan't de measten ta de âlderein hearden. It tal sprekkers nimt dan ek ôf.

Pompstersk
algemien
oare namme(n) Kollumerpompstersk
eigen namme Pompsters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 200 (2003)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nedersaksysk
            ● Westnedersaksysk
              ● Noardsaksysk
                ● Grinslânsk
                  ● Pompstersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)
De lokaasje fan it Pompsterske dialekt (read) yn it Nedersaksyske taalgebiet (ljochtgriis).

It Pompstersk wurdt soms ek wol Kollumerpompstersk neamd, mar it moat net betize wurde mei it Kollumersk, it Stedske dialekt fan it doarp Kollum, noch mei it Kollumerlânsk, de foarm fan Nedersaksysk Westerkertiersk dy't yn Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum sprutsen wurdt.

Karakteristiken

bewurkje seksje

It Pompstersk is in oergongsfoarm tusken it Wâldfrysk, dat yn it westen fan Kollumerlân sprutsen wurdt, en it Kollumerlânsk, dat fan âlds yn 'e trije eastlikste doarpen fan 'e gemeente de fiertaal is. (Dat Kollumerlânsk is in subdialekt fan it Westerkertiersk, in Nedersaksysk dialekt dat ek yn it oangrinzgjende part fan 'e provinsje Grinslân sprutsen wurdt.) It Pompstersk hâldt dus de midden tusken it Frysk en it Nedersaksysk en waard dêrom foarhinne foar in Friso-Saksysk dialekt oanmurken, d.w.s. in Nedersaksyske taalfoarm op in Frysk substraat.

As útsûndering ûnder de Nedersaksyske dialekten hat it Pompstersk bygelyks de hurde Fryske [ɡ] fan 'gat' beholden, wylst men yn 'e buordoarpen Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum de 'g' op 'e Nedersaksyske manear as [x] of [ɣ] útsprekt (lykas yn 'berch', resp. 'brêge'). Lykwols hat it Pompstersk mear gemien mei it Nedersaksysk as mei it Frysk, benammen op it mêd fan wurdskat en grammatika, en wurdt it sadwaande ta de Nedersaksyske dialekten rekkene.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)