Noardhoeksk
It Noardhoeksk, inkeld ek wolris Noardklaaifrysk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje Fryslân, in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de Lauwersmar yn it easten, it Waad yn it noarden, it Bilt yn it westen en in tinkbyldige line fan Ljouwert oer Burdaard en Dokkum nei Ingwierrum yn it suden. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Noardhoeksk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 39.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Noardhoeksk sprekke is net dúdlik.
Noardhoeksk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardklaaifrysk | |
eigen namme | Noardhoeksk | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 39.000 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Noardhoeksk | |
dialekten | Westnoardhoeksk, Eastnoardhoeksk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
gjint |
Taaleigenskippen
bewurkje seksjeIt Noardhoeksk wykt mar sa'n bytsje fan it Klaaifrysk ôf, dat it ek wol as de noardlike fariant dêrfan beskôge wurdt, ynstee fan as in selsstannich haaddialekt fan it Frysk. It grutste ferskil tusken it Noardhoeksk en it Klaaifrysk (en Standertfrysk) is dat njonken de âldere en de nijere brekking yn it Noardhoeksk noch in trêde brekkingsfoarm trochfierd is, de saneamde Dongeradielster brekking. Dêrtroch seit men yn it Noardhoekske gebiet bygelyks fan muolle foar it Standertfryske "mûle", buosse foar "bûse" en buotter foar "bûter".
Ferhâlding mei oare Fryske dialekten
bewurkje seksjeFan oarsprong is it Noardhoeksk, dat sprutsen wurdt op 'e Klaai benoarden de Wâlden, in oergongsfoarm tusken it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Dêrby liket paradoksaal genôch it Westnoardhoeksk, dat grinzget oan it Klaaifryske haadgebiet, minder op it Klaaifrysk as it Eastnoardhoeksk. Dat komt om't it Wâldfrysk stadichoan it Noardhoekske gebiet tusken Ljouwert en Dokkum ynkringt, mar net dat beëasten Dokkum. Sa kin it bygelyks, dat der om 'e fyfde finger oan te tsjutten bewesten Dokkum de Wâldfryske foarm tûme en beëasten Dokkum it Klaaifryske tomme brûkt wurdt. Dêrnjonken besteane der trouwens ek wol wurdfoarmen dy't ornaris foar Wâldfrysk oanmurken wurde, mar dy't yn it hiele Noardhoekske gebiet brûkt wurde, lykas riuwe (Klaaifrysk: harke).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |