Dongeradielster brekking
De Dongeradielster brekking is in foarm fan it taalkundich ferskynsel brekking. It Frysk as gehiel ken de âldere brekking, dy't him yn 'e Midsiuwen foardien hat, en de nijere brekking, dy't him foar it earst om 1820 hinne oppenearre. De Dongeradielster brekking is lykwols in trêde fariant fan dit ferskynsel, dy't, sa't de namme al oanjout, ta it Noardhoekske dialekt beheind bleaun is dat (ûnder mear) yn 'e Dongeradielen sprutsen wurdt. Dêrby binne wurden mei in [u] (koarte û fan "rûch") dy't yn it Standertfrysk dat lûd holden hawwe, brutsen ta in [wo]-klank (uo fan "guod"). Foarbylden binne:
Standertfrysk | Noardhoeksk |
---|---|
bûse | buosse |
bûter | buotter |
mûle | muolle |
Oars as de âldere en de nijere brekking makket de Dongeradielster brekking gjin diel út fan it Standertfrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|