It Westerkertiersk, inkeld ek wol Westgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it saneamde Westerkertier, it súdwestlike part fan 'e provinsje Grinslân, en yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân.

Westerkertiersk
algemien
oare namme(n) Westgrinslânsk
eigen namme Westerkertiers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 23.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Friso-Saksysk - Grinslânsk - Westerkertiersk
dialekten * Middaglânsk
  • Kollumerlânsk
  • Midwesterkertiersk
  • Súdwesterkertiersk
taalstatus
offisjele status it Westerkertiersk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.

It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 23.000 minsken. Dêrfan wenje goed 22.000 yn Grinslân en likernôch 800 yn eastlik Kollumerlân. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de âlderein en sadwaande nimt harren oantal ôf.

Op guon kaarten dêr't de dialekten fan Nederlân op oanjûn steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerlânsk", dat in Nedersaksysk dialekt wêze soe. It Kollumerlânsk is lykwols in subdialekt fan it Westerkertiersk dat net betize wurde moat mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is, of mei it Stedske dialekt fan Kollum sels.

It aksint fan it Westerkertiersk wykt in bytsje ôf fan dy fan de oare Grinslânske dialekten. It Westerkertiersk lûdt as in kombynaasje fan Grinslânsk en in bytsje Stellingwerfsk mei in Frysk aksint. Hjirtroch wurdt it Westerkertiers soms ek wol as apart dialekt sjoen.

It Westerkertierske Taalgebiet

bewurkje seksje

It Westerkertierske taalgebiet wurdt begrinzge troch de Drintske provinsjegrins yn it súdeasten, de stêd Grins yn it easten en it Ryddjip yn it noardeasten. Yn dy gebieten bestiet in floeiende oergong fan it Westerkertiersk nei twa oare Nedersaksyske dialekten, it Noarddrintsk en it Grinzersk; de oergong nei it Hegelânsk, dat oare kant it Ryddjip sprutsen wurdt, is fanâlds minder floeiend.

Yn it westen einiget it Westerkertierske gebiet abrupt dêr't it Fryske taalgebiet begjint. De grins wurdt dêr fan súd nei noard foarme troch de Fryske provinsjegrins tusken Allardseach en De Wylp, dan in tinkbyldige line dy't fan De Wylp oer Mearum nei De Grinzer Pein rint, oer it grûngebiet fan 'e provinsje Grinslân, en dan wer de provinsjegrins fan Fryslân, tusken De Grinzer Pein en it punt dêr't dy gearfalt mei de rivier de Lauwers. Benoarden dat punt rint it Westerkertierske gebiet troch yn 'e provinsje Fryslân, dêr't it de doarpen Muntsjesyl, Warfstermûne en Boerum yn it easten fan 'e gemeente Kollumerlân omfettet. It Kollumerlânsk is dus beheind ta dy trije doarpen. Yn it doarp Kollumerpomp wurdt it Pompstersk, in Nedersaksysk oergongsdialekt tusken it Frysk en it Westerkertiersk sprutsen.

Relaasjes mei oare Dialekten en Talen

bewurkje seksje

Relaasjes mei de oare Grinslânske Dialekten

bewurkje seksje

It Westerkertiersk wurdt almeast as de minst Grinslânske foarm fan it Grinslânsk beskôge (op it Noarddrintsk nei, dat taalkundich sjoen ek ta de Grinslânske dialektgroep heart). Twaklanken dy't as typysk Grinslânsk beskôge wurde ("ai" en "ou"), komme yn it Westerkertiersk hast net foar; sterker noch, oant yn 'e tweintichste iuw stie it oan 'e oare kant fan it Ryddjip sprutsen Hegelânsk, dêr't dy klanken krekt in hiel soad yn foarkomme, yn it Westerkertier bekend as "Poeps" (oftewol Dútsk).

De Ynfloed fan it Nederlânsk

bewurkje seksje

Njonken it Grinzersk, dat yn 'e stêd Grins sprutsen wurdt, stiet it Westerkertiersk hjoed de dei fan alle Grinslânske dialekten it meast ûnder druk fan it Nederlânsk. In protte fan it taaleigen is dêrtroch al ferlern gongen, itsij troch it oernimmen fan Nederlânske foarmen, itsij troch it ôfswakjen fan 'e eigen foarmen ta Nederlânskeftige foarmen. Dat lêste is bygelyks bard mei de doetiidsfoarm fan it tiidwurd meitsje ("makke" - yn it Nederlânsk "maakte"), dat yn it Westerkertiersk foarhinne "moek" wie, mar tsjintwurdich "moakte".

It Fryske Substraat

bewurkje seksje

Fierders is yn it Westerkertiersk fan alle Grinslânske dialekten noch de grutste ynfloed fan it Frysk werom te finen. In foarbyld is de betsjutting fan it wurd "nuver", dat yn oare Grinslânske dialekten ek wol foarkomt en dan "moai" betsjut. Yn it Westerkertier kin it lykwols ek "raar" betsjutte, krekt as yn it Frysk. Ferlykje ek de oare foarbylden yn 'e ûndersteande tabel.

 
De lokaasje fan it Westerkertierske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.
Westerkertiersk Frysk
dievendoatsie
dieverdoatsie
dievedoatsie
ferdivedaasje
diezeg dizich
griemen grieme
himmeln himmelje
jirre jarre
kèl kel
kjel
kleems kliemsk
miegen pisje [mige]
mieghummel
mieghommel
mychammel
mychhimmel
eamel
eamelder
reeuw
riw
reau (ark)
siepel sipel
slief sleef
twijbak twibak
zoepenbrij sûpenbrij

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • Reker, S., Gronings, Den Haach, 2002.
  • Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)