It Starumersk (Starumersk: Stavers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn it Iselmarstedsje Starum, dat foarhinne in selsstannige gemeente wie, doe tritich jier diel útmakke fan Nijefurd en no ûnder Súdwest-Fryslân falt. Dizze taalfoarm is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Starumersk, mei't in protte lju tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.

Starumersk
algemien
eigen namme Stavers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 450 (2014)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Starumersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

De measte Stedske dialekten binne ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, neffens de tradisjonele teory trochdat hartoch Albrecht fan Saksen, doe't dy yn 1498 yn Fryslân de macht yn 'e hannen krige, foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en soene dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, brocht hawwe, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Stedsk oerlevere binne.

It Starumersk is yn dit ferbân in bytsje in frjemde ein yn 't byt, mei't it noch helte ûndúdliker is hoe't sa'n lyts stedsje oan in Stedsk dialekt kommen is. Der sille grif net in soad útlânske amtners west hawwe, dat mooglik dat de keapmansteory fan Jonkman en Versloot yn dit gefal in ferklearring biedt. Mar dan riist de fraach wêrom't him yn Hylpen, dat in havenstedsje fan ferlykbere grutte is, dat krektlyk nauwe hannelsbannen mei de Hollânske stêden oare kant de Sudersee ûnderhold, net in Stedsk dialekt ûntwikkele hat. Der wurdt ek wol tocht dat it Starumersk him letter ûntjûn hat as de oare Stedske dialekten, mooglik yn 'e rin fan 'e santjinde iuw of noch letter.

 
De lokaasje fan it Starumersk yn 'e provinsje Fryslân.

Yn elts gefal hie it Starumersk oant djip yn 'e njoggentjinde iuw in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûnen lju fan bûten it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Oars as yn 'e oare Fryske stêden wie der yn Starum lykwols gjin elite dy't op it Nederlânsk oergie, mei't de stânsferskillen yn it stedsje, ôfsjoen fan in hantsjefol notabelen, tige lyts wiene. Sûnt de santiger jierren is it Starumersk yn Fryslân sterk ûnder de oandacht brocht troch it wurk fan trûbadoer en publisist Doede Bleeker.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Starumersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. It ûnderskiedt him lykwols troch in dúdlike ynfloed fan it Súdwesthoeksk (dy't it mei it Boalsertersk en it Snitsersk dield) en in gruttere ynfloed fan it Hollânsk (sa't dy ek yn it Harnzersk foarkomt) troch de lizzing fan Starum oan 'e kust. Dy Hollânske ynfloed uteret him bgl. yn it fuortfallen fan 'e ûnbeklamme reduksjefokaal oan 'e ein fan wurden. Sadwaande hat it Starumersk de foarmen tong, kist, krant en mat (krekt as it Nederlânsk en de measte Hollânske dialekten), wylst de oare Stedske dialekten krekt as it Frysk de foarmen tonge, kiste, krante en matte beholden hawwe. Oars as yn it Boalsertersk en Snitsersk, dêr't hast altyd de wurdeinige -d fuortfalt yn wurden as hand ("hân"), sand ("sân") en band ("bân"), komt soks yn Starumersk frijwol nea foar.

In opmerklike foarm yn it Starumersk is fierders de mear ("de mar"), wylst hast alle oare Stedske dialekten ut mear hawwe (ferlykje Nederlânsk: het meer). Opfallend is yn dit ferbân dat it iennichste oare Stedske dialekt dat dizze foarm ek hat, it Snitsersk is. Men mei oannimme dat dizze foarm yn it Starumersk en it Snitsersk opdûkt om't Starum en Snits yn it Fryske wetterlân lizze, dêr't it wurd mear / "mar" in protte brûkt waard/wurdt. It kin hjirby gean om beynfloeding troch it Frysk, mar likegoed om in oarspronklike Stedske foarm dy't út 'e oare Stedske dialekten weiwurden is om't er dêr leechfrekwint wie. It Starumersk hat as iennichste Stedske dialekt ek de foarm de hek ("it stek", ferlykje "de hikke"), yn tsjinstelling ta ut hek.

 
De haven fan Starum.

Fierders hat it Starumersk in folslein eigen systeem fan ferlytsingsfoarmen, dat mar kwealk mei dat fan 'e oare Stedske dialekten oerienkomt, mar nammenste mear mei de Westfryske dialekten, út Noard-Hollân:

  • nei in fokaal, d, n, l, r en t -tsy: tútsy ("tútsje"), murdsy ("murdsje"), haartsy ("hierke"), baltsy ("baltsje"), pantsy ("pântsje")
  • nei in b, ch, f, p en s -y: doasy ("doaske"), oochy ("eachje"), toppy ("tobke"), draffy ("drafke")
  • nei in lange fokaal + m of in konsonant + m -py: boompy ("beamke"), kraampy ("kreamke"), wurmpy ("wjirmke")
  • nei in koarte fokaal + m of r -etsy: kammetsy ("kamke"), karretsy ("karke")
  • nei in k -je: bakje ("bakje")
  • nei in ng -kje: dinkje ("dinkje")

Tal sprekkers

bewurkje seksje

Yn 2002 skreau Pieter Duijff, in taalkundige dy't ferbûn is oan 'e Fryske Akademy, dat yn Starum noch teminsten de helte fan 'e befolking Starumersk spriek.[1] Op in tsjintwurdich ynwennertal fan 965 minsken, dêrby de oanwaaks fan 'e befolking en de ôfname fan it sprekkerstal troch it ôfstjerren fan 'e âldere generaasjes yn acht nommen, liket sadwaande in oantal fan 450 minsken in oannimlik sprekkerstal. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it foar in grut part om âldere lju giet, mei't in soad bern tsjintwurdich Nederlânsktalich grutbrocht wurde. It sprekkerstal fan it Starumersk nimt sadwaande stadichoan ôf.

In enkête út 2023, foar de saneamde Spreektaalatlas, joech lykwols in folle geunstiger byld. Dêrby joech 80% fan 'e Starumer respondinten oan noch "faak" Starumersk te sprekken, wylst mear as 90% fan de sprekkers it dialekt trochjoech oan 'e bern. Dêrmei soe it Starumersk, yn 'e mande mei it Amelânsk, ien fan de libbenste dialekten yn Fryslân wêze. Ek soe 37% fan de befolking fan Starum it eigen dialekt skriuwe kinne, wat foar de Hollânsk-Fryske mingdialekten ûngewoan heech is.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, s. 84.
  2. ——, Streektaal libbet, jong en âld praat Amelands en Stavers, op: Omrop Fryslân, 22 septimber 2023.

boarnen:

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)