Krine Boelens (Nes, 12 septimber 1914 - Ljouwert, 19 maart 1995) wie ûnderwizer (ûnder oare yn Hidaard en haad fan de CVO-skoalle yn Frjentsjer), en ûnderwiisynspekteur (1958-1972) fan it leger ûnderwiis.

Hy wie warber foar de opbou fan de Fryske skoalle en as taalsosjolooch ferbûn oan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy.

Yn Skiermûntseach waard yn 1966 in skoalle nei him ferneamd, de Inspecteur Boelensschool.[1]

Wurk (ûnfolslein)

bewurkje seksje
  • Nes, in doarp yn 'e Dongeradielen(1949-1950)
  • Hwat sizze de bern? De útspraak fan ea-wurden yn Westergoa (1950)
  • Dialectatlas fan Fryslân, mei Gosse van der Woude, nr. 15 fan de rige Nederlandse dialectatlassen. (Antwerpen, 1955)
  • De taal van het schoolkind in Friesland. Dialekt-geografyske enkête (1956)
  • 'Twataligens, ynlieding yn forskate aspekten fan de twataligens (1973)
  • Het Fries (1978)
  • In oar en wysels (1979)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.boelensschool.nl