Skiermûntseach (plak)
It doarp Skiermûntseach, ek wol Easterbuorren (Eilanners: Aisterbun of Darp), is it ienige doarp op it lyksa neamde Waadeilân Skiermûntseach.
Skiermûntseach Easterbuorren | ||
Sicht op de Langestreek | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Skiermûntseach | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 985 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 9166 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 29' NB, 6° 11' EL | |
Kaart | ||
Mei de lizzing fan 53°29' NB is it it noardlikste plak fan Fryslân en Nederlân.
It doarp hat 985 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp Skiermûntseach is as Easterbuorren yn opdracht fan de famylje Stachouwer boud yn 1719, omdat it oarspronklike doarp Westerbuorren, stadichoan troch de see ferswolge waard.
Nei de Twadde Wrâldoarloch ferriisde oan de súdkant fan it doarp in nije wyk, dy't troch de bewenners Nij-Dokkum neamd wurdt. Yn dizze wyk stiet in vmbo-skoalle en in sporthal.
As neitins oan de muontsen fan Klaarkamp is yn 1961 yn it doarp in stânbyld fan in muonts ûntbleate. Nei 1995 is in nije wyk boud oan de eastkant fan it doarp.
Strjitten
bewurkje seksjeYn 1758 wienen de Foarstreek en Middenstreek op Skiermûntseach klear. Twa jier letter waard oan de noardside fan it doarp begûn mei de bou fan de Langestreek. Boeren rieden eartiids mei hynder-en-weinen oer de Reeweg it waad op nei de skippen. De boeren fan Skiermûntseach brochten sa harren passazjiers by de postskippen.
Tsjerken
bewurkje seksjeDe eardere herfoarme tsjerke fan Skiermûntseach, oan it Dû. Hundlungiuspaad, is de Got Tjark ("Grutte Tsjerke"), dy't yn 1866 boud is. De eardere grifformearde tsjerke, oan 'e Langestreek, dy't datearret fan 1962, is no it Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach. Beide gebouwen binne sûnt 2005 yn it besit fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Fierders stiet oan 'e Badwei de roomske Sint-Egbertuskapel út 1915, dy't de status fan ryksmonumint hat.
-
Sint-Egbertuskapel Badwei 69
-
Eardere herfoarme evangelisaasjefan 1929, hjoed-de-dei jongereinsintrum Kittiwake
Fjoertuorren
bewurkje seksje-
Sudertoer Toerstreek 22
-
Sudertoer Toerstreek 22
-
Noardertoer Fjoertoerpaad 28
-
Noardertoer Fjoertoerpaad 28
Ferskaat
bewurkje seksje- Begjin juny fynt elts jier yn Skiermûntseach it Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach plak, organisearre troch de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |