Pedagogysk Advysburo

It Pedagogysk Advysburo wie in ynstelling ferbûn oan de Fryske Akademy dy't sûnt 1959 twatalige skoallen begeliede.

Nei in perioade fan opbou kamen der mear en mear aktiviteiten op it mêd fan de ûnderwiisbegelieding. Neist de ûngefear 70 twatalige skoallen slueten har ek ientalige skoallen oan by it buro. Yn 1969 waard, neist direkteur Geart Vledder, Koen Zondag as meiwurker oansteld om in plan foar fleksibel ûnderwiis út te wurkjen. Yn 1972 waard mei rykssubsydzje in wittenskiplik meiwurker oansteld op it mêd fan twataligens, wylst dat jier ek mei in provinsjale subsydzje Durk Wiersma oanlutsen wurde koe foar begelieding fan de Fryske skoalradiolessen fan de RONO en it saneamde Teleboerd. Yn 1974 koe, foar de ûnderwiisbegelieding yn Raarderhim, by it Pedagogysk Advysburo in krêft oansteld wurde, wylst ek spesjalisten oanlutsen waarden op it gebiet fan oansluting beukerûnderwiis-basisûnderwiis en op dat fan Frysk as ferplichte learfak. Yn 1975 wienen der acht personielsleden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: