Teleboerd wie in systeem wêrby't tagelyk byld en lûd útstjoerd waarden fia radioweagen. It wie ûntwikkele troch de ôfdieling Transmisje fan Ynformaasje oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft, ûnder prof. yr. D.L. Bordewijk en waard sûnt maart 1973 útprobearre. De belangrykste ferskillen fan Teleboerd mei gewoane telefyzje wienen: Allinnich tekene bylden koene oerstjoerd wurde. Dêrby wie it brûken fan telefyzjestjoerders net nedich, mar by elk ûntfangtastel moast wol in konvertor of omfoarmer oanbrocht wurde om byld en lûd te skieden. It Teleboerdsysteem waard ûntwikkele foar ûnderwiisprojekten yn ûntwikkelingslannen, dêr't gjin slutend net fan telefyzjestjoerders wie.

Yn Fryslân waarden de eksperiminten útfierd yn kombinaasje mei RONO-skoalradioprogramma's . It Pedagogysk Advysburo, dat de ûnderwiiskundige aspekten fan it teleboerdeksperimint fersoarge, koe troch provinsjale subsydzje in meiwurker oanlûke. Dy soarge foar begelieding fan dielnimmende skoallen, droech materiaal oan foar programma's en fersoarge ferwurkingsstof. Troch it eksperimintele karakter waard it tal skoallen dat meidie yn 1973 beheind ta 20. Yn 1974 dienen 47 skoallen mei oan it projekt en yn 1974/1975 60 (1975/1976 ± 160) foar sa'n 3000 learlingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: