Westfryske dialekten
De Westfryske dialekten foarmje in groep nau besibbe Hollânske dialekten yn it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, dy't fuortkommen binne út in ferminging fan it Frysk dat oarspronklik yn 'e lânstreek West-Fryslân en op 'e omlizzende eilannen sprutsen waard, en it Hollânsk dat dy taal dêr fan 'e ein fan 'e trettjinde iuw ôf ferkrong. Hoewol't dizze dialektgroep dúdlik ûnderdiel foarmet fan it bredere ferbân fan it Hollânsk, binne der noch altyd spoaren fan it Fryske substraat yn werom te finen.
Westfryske dialekten | ||
algemien | ||
lokaasje | West-Fryslân, Wieringen, Teksel, Flylân | |
tal sprekkers | ±37.000 (1999, skatting) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Hollânsk ● Westfryske dialekten | |
subgroepen | ● Eilânwestfrysk ● Lânwestfrysk |
Dialekten
bewurkje seksjeDe Westfryske dialekten falle útinoar yn twa lytsere kloften. Oan 'e iene kant is der it Lânwestfrysk, of "echte" Westfrysk. Dat is it dialekt dêr't men it oer hat as men fan "it Westfrysk" sprekt. It taalgebiet fan it Lânwestfrysk omfiemet grutdiels de Kop fan Noard-Hollân, dêrby de lânstreek West-Fryslân en de Noardseekust fan Den Helder oant Kastrikum ynbegrepen, mar de stêd Inkhuzen net. De pas yn 1930 drûchmakke Wieringermarpolder wurdt yn 'e regel likemin ta it Westfryske gebiet rekkene, al hat de útspraak fan it Standertnederlânsk troch in diel fan 'e befolking (±20%) fan dat gebiet wol Westfryskige skaaimerken, om it foarsichtich út te drukken.
It Lânwestfrysk bestiet sels ek wer út ferskate subdialekten, te witten it Drechterlânsk of Eastlik Westfrysk, dat sprutsen wurdt yn 'e krite tusken Inkhuzen en Hoarn; it Midden-Westfrysk, in brede bân fan noard nei súd begjinnend op 'e hichte fan Hoarn en Medemblik en dêrwei nei it westen ta; it Westlik Westfrysk, fan 'e Noardseekust oant de omkriten fan Skagen; en it Egmondsk of Derpers, fan Egmond oan See. Dêrfan wike it Drechterlânsk en benammen it isolearre Egmondsk it measte ôf fan de noarm. Oer it algemien kin steld wurde dat it Lânwestfrysk taalkundich sjoen fan âlds dochs al frij ticht by súdliker Hollânske dialekten as it Saansk en it Wetterlânsk stie.
Oan 'e oare kant binne der de Eilânwestfryske dialekten: it Tekselsk fan it Waadeilân Teksel, it Wieringsk fan it eardere eilân Wieringen, en foarhinne ek it Flylânsk, dat no útstoarn is. Ta dizze groep wurdt op grûn fan beskate taalkundige skaaimerken ek it Inkhústersk rekkene, it stedsdialekt fan Inkhuzen. Dizze dialekten ûnderskiede har fan it Lânwestfrysk trochdat se folle behâldender fan aard binne, en dêrtroch fierder fan 'e súdliker Hollânske dialekten en it Standertnederlânsk ôf steane.
Skematyske opbou fan 'e dialektgroep
bewurkje seksjeDe skematyske opbou fan 'e Westfryske dialektgroep is sa:
Westfryske dialekten | |||||||
Lânwestfrysk ("Westfrysk") | Eilânwestfrysk | ||||||
Egmondsk | Westlik Westfrysk | Midden-Westfrysk | Drechterlânsk | Inkhústersk | Wieringsk | Tekselsk | Flylânsk † |
Besibskip
bewurkje seksjeDe Westfryske dialekten binne nau besibbe oan it Saansk fan 'e Saanstreek en oan it Wetterlânsk fan 'e Noardhollânske Iselmarkust tusken Skarwâld en Durgerdam, mar yn folle mindere mjitte oan it Kennemerlânsk fan Alkmaar en omkriten.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeTroch de grutte ynfloed fan it Nederlânsk binne de Westfryske dialekten sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw sterk yn it neigean rekke. Op in soad plakken wurde dizze dialekten no allinnich noch mar yn 'e lichtste foarm sprutsen, wêrby't men suver better sprekke kin fan in regionaal kleure Nederlânsk (in regiolekt) as fan in dialekt. Boppedat ferlieze se ûnder de jongere generaasjes almar mear terrein. It echte dialekt wurdt fral noch sprutsen op Teksel en Wieringen, troch de âldere generaasjes yn 'e stêden en troch de befolking fan 'e bûtengebieten, de min ofte mear (fan ymport út oare kontreien wei) isolearre lytse doarpkes op it plattelân. Yn dit ferbân moat opmurken wurde dat de fêstiging yn it gebiet troch in protte (âld-)marinelju (fanwegen de marinehaven fan Den Helder) yn beskate kriten in tige neidielich effekt op it trochjaan fan it dialekt oan 'e jongere generaasjes hân hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|