Kennemerlânsk
It Kennemerlânsk (Kennemerlânsk: Kennemerlands) is it Hollânske haaddialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e lânstreek Kennemerlân, de krite oan 'e Noardhollânske Noardseekust tusken Haarlim en Kastrikum.
Kennemerlânsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Kennemerlands | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 18.000 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Kennemerlânsk | |
dialekten | Alkmaarsk, Beverwyksk, Súdkennemerlânsk e.o. |
Algemiene beskriuwing
bewurkje seksjeIt Kennemerlânsk is nei alle gedachten yn 'e Midsiuwen, tusken 1100 en 1300, ûntstien troch de wikselwurking tusken it Frysk dat doe noch yn noardlik Hollân sprutsen waard, en de Nederfrankyske dialekten dy't doe mei in opmars út it suden dwaande wiene, en dy't har letter ûntjaan soene ta it Hollânsk. It Kennemerlânsk is it noardlikste dialekt fan it Hollânsk dat gjin dúdlik Frysk substraat hat, en dêrmei ûnderskiedt it him fan 'e oanbuorjende dialekten: it Westfrysk, it Saansk en it Wetterlânsk.
Tsjintwurdich wurdt it Kennemerlânsk noch fral sprutsen yn 'e regio's fan súdlik en sintraal Kennemerlân. Yn it suden rikt it dialektgebiet oan 'e stêd Haarlim ta, mar it Haarlimsk sels heart ta it Súdhollânsk, al tinke taalkundigen dat it oarspronklik in Kennemerlânsk dialekt west hawwe moat.
Yn sintraal Kennemerlân, de krite om Beverwyk en Hiemstsjerk hinne, fertoant it Kennermerlânsk sterkere oerienkomsten mei it Westfrysk en it Saansk as dat yn it suden it gefal is. It doarp Egmond oan See heart net ta it Kennemerlânske dialektgebiet, mar foarmet dêrbinnen in enklave, mei't it Egmondsk ta de Westfryske dialekten rekkene wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|