Medemblik (stêd)

(Trochferwiisd fan Medemblik (plak))

Medemblik (Frysk: Memleke)[1] is in stêd yn de Westfryske gemeente Medemblik yn Noard-Hollân. It leit yn it âlde gewest Westflinge oan de Iselmar. De stêd hie op 1 augustus 2006 7994 ynwenners.

It stedssintrum
It Koggehûs
De jachthaven
Kastiel Redbad
Stoomgemaal Fjouwer Noarder Koggen en It Nederlânske Stoommasinemuseum
It Achterom
Mole De Harder
Stedhûs Medemblik
Stasjon Medemblik

De stêd Medemblik hat in oerflakte fan 108,81 km² (wêrfan 100,05 km² wetter). Medemblik is de âldste stêd yn de gearwurkingsregio West-Fryslân. Medemblik wie oant 1 jannewaris 2007 in selsstannige gemeente, dêr't gjin oare plakke by hearden. De gemeente hearde ta de lytste fan de provinsje Noard-Hollân. De nije gemeente ûntstie troch in fúzje fan de gemeenten Noarder-Koggelân, Wognum en yn 2006 waard besluten dy de namme Medemblik mei te jaan.

Nammeferklearring

bewurkje seksje

De namme "Medemblik" komt mooglik fan de wetterrin Medemelake of Medemelacha (Germaans miduma- "middelst" en laku- "wetterrin yn moerassich terrein dy't op dat plak rûn hat, en dy't yn in oarkonde út 985 neamd wurdt. Dêr wurdt ek Medemblik sels yn neamd as "villa Medemelacha".

Medemblik en Doarestêd krigen troch de Friezen woltierige merken. Yn 1289 waarden Medemblik stedsrjochten ferliend troch greve Floaris V. Floaris V liet oan de ein fan de 13e iuw in twangboarch bouwe, dy't no bekend stiet as Kastiel Redbad. It stedsje waard yn 1517 troch it leger fan Johan fan Selbach, steund troch de kapers fan Grutte Pier en Wijerd Jelckama plondere en yn 1572 en 1588 troch de Geuzen en prinslike troepen belegere.

Nei it graven fan it Noardhollânsk Kanaal yn 1824 waard it belang fan Medemblik as havenstêd folle minder. De ôfsluting fan de Sudersee like de nekslach foar Medemblik te betsjutten, mar yn de jierren sechtich fan de 20e iuw ûntwikkele de stêd him ta in bekend wettersportsintrum, mei benammen yn it seizoen ek in drok útgeanslibben.

Medemblik hat in protte histoaryske gevels, en in stedhûs út 1939 fan de arsjitekt Alexander Kropholler. Ek stiet der in wurkjende nôtmole (Mole De Harder, werboud 1986-1990).

Sûnt 1887 hat Medemblik in spoarferbining mei Hoarn. It stasjonsgebou fan Medemblik is út dit iepeningsjier. Tsjintwurdich wurdt it spoar brûkt troch de Museumstoomtram Hoarn-Medemblik.

Tsjerken en oare religieuze gebouwen

bewurkje seksje
  • De protestantske Bonifatiustsjerke mei in toer út 1404, it âldste gebou fan de stêd
  • De roomske en neogoatyske Martinustsjerke út 1902
  • N.H. Dûmnyhûs
  • Menniste skûltsjerke út 1675
  • Gemeentlike Aula út 1666, restaurearre yn 1982, waard oant 1972 brûkt as skoalle
  • Evangelysk-Lutherske Tsjerke út 1650-1700

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Medemblik hat as lytse âlde stêd in grut oantal nijsgjirrichheden. Sa binne der in soad âlde gebouwen en gevels.

  • Ferskate pânen oan de Westerhaven, lykas it "Dykhûs"
  • It pakhûs 'De Wolff' út 1667 oan it Foareilân
  • Histoarysk pân 'It hof fan Medemblick'
  • De trije pakhuzen mei de namme 'De Hoop' oan it Foareilân
  • It 'Skeane Hûs' oan it Foareilân
  • It iennige hûs yn Medemblik yn Loadewyk XVI-styl, út 1728
  • Synagoge Medemblik, dêr't joaden út de Twadde Wrâldoarloch út weifierd binne
  • Oarlochsmonumint foar omkommen Medemblikker soldaten, Joaden en fersetsstriders
  • Easterhaven 21, histoarysk wenhûs út de 18e iuw
  • It grêftepân it "Waarwolfke" oan it Efterom
  • It WIC-pakhûs oan de Easterhaven
  • It grifformearde weeshûs 'De Fjouwer Weesbern' mei poarte út 1765
  • De waach oan de Tsiismerk
  • It 'Koggehûs' út 1613 oan de Nijstrjitte
  • It Stedhûs mei resten fan it âlde stedhûs oan de Daam
  • It Stasjon Medemblik en in part fan it spoar Stoomtram Hoarn-Medemblik
  • It 'Houten Huys', foar de nôtmole "De Harder" oer, it iennige houten hûs yn de stêd
  • It 'Zwarte Woifke', boud yn 1640 en ferboud yn 1740 en 1780, oan de Easterhaven
  • It 'Witte Huys', op it Foareilân, oan de yngong fan de Nijstrjitte

Oare nijsgjirrige monuminten binne:

  • De 16e-iuwske grêft 'It Efterom', de lêste grêft yn it sintrum
  • De Stedsbuorkerijen
  • It "Dykhûs" út 1599
  • "Lânswerf", boud 1799-1800, tuorke 1808
  • De nôtmole 'De Herder' (ferneatige yn 1945, werboud yn 1988-89 wêrby't de âldere ûnderdielen lykas de wjukken en de draaibere ûnderdielen brûkt waarden)
  • It 'Kastiel Redbad' (1286-1288), opknapt nei boufallichheid yn 1888
  • It Nederlânsk Stoommasinemuseum út 1869 (ek wol gemaal 'Fjouwer Noarder Koggen')
  • It 'Murrayhouse' fan de ealman Lord George Murray
  • Widdohúske út 1500
  • It 'Belesting-Huys' oan de Toerstrjitte en de Westerhaven
  • It 'Koersen-Huys' oan de linkerside fan it Belesting-Huys
  • Pân oan it Beginehôf yn renêssânsestyl
  • It 'Wetterskipshûs' mei houten achterhúske, oan de Westerhaven
  • It "Regthuys", te werkennen oan in lantearne krekt boppe de doar, oan de Westerhaven
  • It 'Rôze Hûs', bertehûs fan de arsjitekt dy't de oarspronklike mûnen by de 'Fjouwer Noarder Koggen' polder boude, no stiet op dat plak in stoommasinepomp
  • It Bakkerijmuseum De Alde Bakkerij

Ferkear en Ferfier

bewurkje seksje

Medemblik is berikber fan Hoarn ôf oer de A7 en de N239. Fan Heechkarspel ôf oer de N240.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nij Frisia, maart 2015, side 20