De Herder (Medemblik)
De Herder is in achtkante, reiddutsen stellingmûne yn it Noard-Hollânske Medemblik.
De Herder | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Medemblik | |
plak | Medemblik | |
adres | Westerdyk | |
koördinaten | 52° 46' N 5° 05' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
boujier | 1695 (achtkant), 1989 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 527657 [1] | |
Webside | ||
meelmolendeherder.nl | ||
Kaart | ||
De mûne wurdt troch frijwilligers oan it wurk holden en is fan april oant oktober regelmjittich te besjen. Winterdeis bliuwt de mûnewinkel iepen. Fanwegen de houten ûnderdielen is de mûne in ryksmonumint. De mûne hat in grutte lânskiplike wearde.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Herder is in mûne dy't yn 1988 û.o. út ûnderdielen fan in oare mûne boud waard. It houten achtkant is oarspronklik fan in yn 1695 boude oaljemûne mei deselde namme út Wormer. Nei de sloop fan dy mûne dêr, ferhûze it achtkant en de kape nei Willeskop (Utert), dêr't de mûne oant 1941 op wynkrêft wurke. Yn 1949 folge de ûnttakeling en wat oerbleau waard brûkt as silo. Sûnt de jierren 1980 ûntstiene plannen om ek de rest fan 'e mûne ôf te brekken. Under de ynwenners fan Willeskop ûnstie wjerstân, mar it slagge de befolking net om de mûne foar eigen doarp te behâlden.
Yntusken wie yn Medemblik healwei de jierren 1980 in stifting oprjochte om in nije nôtmûne oan 'e Westerdyk te bouwen, dy't dêr yn 1948 ôfbrutsen wie. Nei de ôfbraak fan de ûnttakele mûne yn Willeskop, ferhûze it achtkant yn 1986 nei Medemblik, werfan't de grutte balken op 'e nij brûkt waarden foar de weropbou yn 'e jierren 1986-1990.
Op 9 maaie 1990 waard de mûne offisjeel iepene troch prins Claus. Yn 2023/2024 folge in restauraasje.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|