Sint-Martinustsjerke (Medemblik)

De Sint-Martinustsjerke is de oan Sint-Marten wijde roomske tsjerke fan 'e Noard-Hollânske stêd Medemblik.

Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Medemblik
plak Medemblik
adres Ridderstrjitte 5
koördinaten 52° 46'N 4° 6'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
arsjitekt Th. Slinger
boujier 1902-1904
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 502377 [1]
Webside
Side Martinusparochy
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Noard-Hollân)
Sint-Martinustsjerke

De skiednis fan 'e parochy giet werom op it jier 1118, it jier dat der foar it earst yn de kroniken skreaun wurdt oer in tsjerke yn Medemblik. Mei de ynfiering fan 'e reformaasje waard de Bonifatiustsjerke oerdroegen oan 'e protestanten. Sûnt de jierren 1670 hiene de katoliken wer in gebou dêr't de misse opdroegen wurde koe en dy tsjerke waard yn 1782 ferfongen troch in ienfâldige nijbou, dy't yn 1904 ôfbrutsen waard om plak te meitsjen foar it hjoeddeiske tsjerkegebou.

Yn 1904 waard de trijeskippige krústsjerke boud neffens in ûntwerp fan T. Slinger, in learling fan Pierre Cuypers. De tsjerke waard yn neogoatyske styl mei neoromaanske eleminten boud, werfan't de hiele spits fan hout boud waard.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden by de befrijing de dakruter en de toer troch de Dútsers stikken sketten, wêrby't de spits yn 'e brân fleach. Yn 1948 waard de hiele toer ferboud, wêrby de Marienkirche fan Lübeck it foarbyld wie. De 65 meter hege toer stiet súdeastlik fan de tsjerke en krige yn 1949 in nije klok fan Eijsbouts, nei't de eardere klok yn de oarloch foardere en omraand wie.

Yn it ramt fan 'e liturgyske fernijings fan de jierren 1960 waard it oarspronklike ynterieur wat feroare. It heechalter mei bibelske foarstellings en oan wjerskanten de bylden fan Martinus en Willibrord en de preekstoel bleaune lykwols beholden. De krúswei is yn de jierren 1920 skildere troch J. Windhausen út Roermond. De Noard-Hollânske keunstskilder Jan Dunselman brocht de muorrebeskildering fan de fjouwer evangelisten boppe it presbyterium oan.

It oargel fan 'e tsjerke is yn 1905 boud troch Jos Vermeulen út Alkmar. Yn 1909 waard it oargel útwreide mei in twadde manuaal. Yn 1974 folge nochris in útwreiding en in feroaring fan de disposysje. Sûnt 2015 besit de parochy ek in koeroargel fan de bruorren Van Vulpen út 1957.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: