Marienkirche (Lübeck)
De Marienkirche yn de Dútske hânzestêd Lübeck (offisjeel: St. Marien zu Lübeck; Frysk: Marijetsjerke) waard tusken 1277 oant 1351 boud. It waard in symboal fan de macht en wolstân fan de âlde hanzestêd en stiet op it heechste plak fan de âlde binnenstêd. De Marienkirche makket diel út fan it UNESCO-wrâlderfskip fan de histoaryske binnenstêd fan Lübeck. De bou fan de tsjerke stiet oan de widze fan de saneamde bakstiengotyk en is ien fan de moaiste tsjerken yn it Eastsee-gebiet.
Omskriuwing en ôfmjittings
bewurkje seksjeDe nije boustyl fan de Marienkirche stie model foar tal fan oare tsjerken yn it Eastsee-gebiet, lykas yn Stralsund en Wismar. Mei de tsjerke krige de goatyk út Frankryk in eigen karakteristike Noard-Dútske fariant. It ferwulft fan de tsjerke is it heechste bakstiennen ferwulft fan de wrâld (38,5 meter yn it middenskip).
De tsjerke is as in trijeskepige basilyk boud mei ynboude kapellen, in koaromgong, in kapellenkrâns en dwersskipeftige foarhallen. It westwurk fan de tsjerke wurdt foarme troch in gevel mei dûbele tuorren. Mei de wjerhoannen binnen de tuorren 124,95 en 124,75 meter heech.
Om't de tsjerke de wichtigste parochytsjerke fan de ried en de boargers fan de stêd wie, waard hja tichteby it riedshûs en de merk boud.
Skiednis
bewurkje seksjeMei it ferhûzjen fan it bisdom fan Oldenburg nei Lübeck yn 1150 troch Hindrik de Liuw waard ynLübeck in domkapittel en in houten tsjerke oprjochte. Dizze houten tsjerke waard om 1173 hinne troch in romaanske bakstiennen tsjerke ferfongen. Fan dizze tsjerke binne noch romaanske bylden fan it ynterieur bewarre bleaun, dy't hjoeddedei yn it St.-Annen-Museum toant wurde.
De romaanske tsjerke foldie lykwols net mear oan de easken fan de opkommende en selsbewuste boargerij en dus liet de stêd in nije tsjerke bouwe, dy't de romaanske biskopstsjerke fier te boppe gyng. It ambisjeuze projekt yn de sûnt 1226 ryksfrije stêd waard ynjûn troch de minne relaasje fan de stêd mei de biskoppen fan it bisdom. It wie dus saak om de âlde domtsjerke fan Hindrik de Liuw yn alles te oertreffen en dat die hja: de tsjerke waard grutter as de romaanske domtsjerke en nea earder waard in bakstiennen tsjerke boud, dy't sa heech wie en ek nochris mei in ferwulft waard foarsjoen.
Om 1310 hinne waard eastlik fan de súdlike toer de saneamde Briefkapelle boud. It wie tagelyk in foarhal en kapel en foarme mei it portaal in twadde haadyngong fan de tsjerke. De namme datearret fan nei de reformaasje, doe't hjir skriuwers harren wurkromte krigen. De kapel (12 meter lang, 8 meter djip en 12 meter heech) krige in stjerferwulft en wurdt sjoen as in masterwurk fan de heechgoatyk. Fan jannewaris oant maart tsjinnet dizze kapel hjoeddedei as wintertsjerke.
Oan de súdeasthoeke fan de koaromgong boude de stedsried yn 1390 in eigen kapel: de Bürgermeisterkapelle. De muorren binnen ôfwikseljend mei glazuere en net-glazuere stiennen boud. Hjir waard foar in nije ambtperioade de nij keazen ried beëdige. Op de boppeferdjipping fan de kapel is in romte wêr't wichtige dokuminten lykas oarkunden en ferdraggen bewarre wurde. Dit diel is ek hjoeddedei noch yn it besit fan de sted.
De lêste goatyske útwreiding fan de tsjerke fûn plak yn 1444 mei de bou fan in kapel mei in 5/8 ôfsluting oan de eastlike kant fan de koaromgong. Yn dizze kapel waarden alle dagen op fêste tiden gebeden as part fan de Marijeferearing songen en krige dêrom de namme Marientidenkapelle of Sängerkapelle.
De Marienkirche telt meiïnoar njoggen gruttere sydkapellen en nochris tsien lytsere, dy't yn 'e regel nei de Lübecker riedsfamyljes ferneamd waarden dy't de kapelle brûkten en finansierden.
Ferneatiging en restauraasje
bewurkje seksjeBy in loftoanfal op 28-29 maart 1942, yn de nacht fan Palmpeaske, waard de tsjerke hast folslein ferwoastge troch brân. Mei de Marienkirche gyng ek in fyfde part fan it sintrum fan de stêd (wêrûnder ek de domtsjerke en de St. Petrikirche) ûnder. Tal fan keunstwurken gyngen foar ivich ferlern. Hjirûnder it ferneamde Totentanz-oargel, in instrumint dat ea bespile wie troch Dieterich Buxtehude en mûlk ek Johann Sebastian Bach. Oare keunstwurken dy't troch it fjoer fertard waarden wiene de "Mis fan Sint-Gergorius" fan Bernt Notke, de "Lübecker Deadendûns" (oarsponklik fan Bernt Notke mar yn 1701 ferfongen troch in kopy), de houten bylden fan it doksaal, in alterstuk fan Jacob fan Utrecht (earder ek taskreaun oan Bernard fan Orley) en it skilderij "Yntocht fan Kristus yn Jeruzalim" fan Friedrich Overbeck. Fan de bylden fan de houtsnijer Benedikt Dreyer ferbaarnden de hilligenbylden oan de westlike kant fan it doksaal, de oargelbylden fan it grutte oargel út 1516-1518 en de "Man mei it Telramt". Fieders gyngen de fan ôf 1840 yn de Marienkirche ynboude midsiuwske ramen ferlern, dy't oarspronklik út de yn 1819 ôfbrutsen Maria-Magdalenen-Kirche ôfkomstich wiene. Hoe ryk it ynterieur fan de tsjerke wie yn de foaroarlochse tiid is hjoeddedei allinnich noch te sjen op âlde ôfbylden fan bygelyks de fotograaf Wilhelm Castelli.
Noch yn de oarloch waarden de tsjerke wer fan in needdak foarsjoen en it ferwulft fan it koar yn oarder makke. De echte weropbou begûn lykwols yn 1947 en waard tolve jier letter foar it measte ôfsletten. De draachkonstruksje fan it dak en de spitsen fan de beide tuorren waarden net mear fan hout mar fan minder brânber materjaal boud. Yn 1951 koe yn de tsjerke al wer it 700-jierrich bestean fierd wurde. Bûnskânsler Konrad Adenauer skonk yn dit ramt in nije klok en yn de súdlike toer waard in kapel ta oantinken fan de oarloch mei dêryn de brokstikken fan de delstoartte klokken ynwijd. Hjir is ek in raam mei de nammen fan de gruttere stêden yn de nei de kriich ferlerne eastlike gebieten fan Dútslân ynset. Yn tal fan troch de kriich ferwoastge tsjerken hinget it saneamde "spikerkrús" en ek de Marienkirche heart fanwegen de ferwoastgingen by dizze mienskip fan tsjerken.
Oer de wize hoe't it nije ynterieur fan de tsjerke stâl jûn wurde moast is in lange diskusje fierd. Uteinliks waard nei in wedstriid it ûntwerp fan Denis Boniver gruttendiels oernommen. Yn de jierren 1958-1959 waarden de wurksumheden útfierd en dêrby waarden de kalkstiennen grêfsarken yn ferbân mei de oanlis fan flierferwaarming út de flier helle en foar it ferheegjen fan de koarromte brûkt. De noardlike oerbliuwsels fan de stiennen ûnderbou fan it doksaal waarden ôfbrutsen. Tusken it koar en de koaromgong waard in trije meter hege wytkalke muorre oplutsen en it swier skeinde 18 meter hege barokke Fredenhagen-alter waard ôfbrutsen om plak te meisjen foar in ienfâldige kalkstiennen altertafel mei dêr boppe in grut brûnzen krúsbyld. De krúsigingsgroep fan it Fredenhagen-alter krige in nij plak yn de koaromgong. Op 20 septimber 1959 waard it nije koar ynwijd.
Tusken de beide tuorren waard in skatkeamer ynrjochte foar de út de Marienkirche fan Danzig ôfkomstige tsjerkeskat. Dizze tsjerkeskat krige yn 1993 in plak yn it St.-Annenmuseum. Boppe de skatkeamer waard in grutte oargelgalerij ynrjochte. It oargel sels waard net earder as yn 1968 ynboud.
Oan de hân fan âlde ôfbylden en tekeningen waard yn 1980 de 30 meter hege dakruter wer rekonstruearre.
Ofbylden fan ferneatige keunstwurken
bewurkje seksje-
Deadendûns (detail)
-
Gregoriusmis (Bernt Notke)
-
Yntocht yn Jeruzalim (Friedrich Overbeck)
-
Hillich Krúsalter fan Herman Rode (1494)
-
Epitaaf foar boargemaster Siricius (1702)
Fresko's
bewurkje seksjeTroch de hjittens fan de brân yn 1942 sprongen oeral yn de tsjerke stúklagen fuort. Dêrmei kamen op in soad plakken midsiuwske beskilderingen bleat te lizzen. Noch tidens de kriich waarden se foar in grut part dokumintearre.
Yn 1948 waard troch Dietrich Fey úteinset mei de restauraasje fan de goatyske fresko's. Hjirby wurke hy tegearre mei de Lübecker skilder Lothar Malskat, dy't al rillegau foar it grutste keunstferfalskersskandaal nei de Twadde Wrâldkriich soargje soe. Om't boppe yn it koar midsiuwske fresko's ûntbrieken, brocht Fey Malskat hjir neffens eigen ûntwerp fresko's yn 14e iuwske styl fan hilligen oan. Saakkundigen bekritisearren syn wurk al yn 1951, mar earst yn 1952 bekende Malskat syn bedroch. Hjirfoar waarden Fey en Malskat beide yn 1954 troch it rjocht feroardiele ta finzenisstraffen. Efkes letter waarden de falske fresko's yn opdracht fan de biskop wer weiwosken.
De foarstelling fan de Ferkundiging mei in ingel tusken twa pylders, dy't heech oan de noardlike muorre fan it tsjerkeskip is oanbrocht en yn 1951 as motyf foar postsegels brûkt waard, is net sa't fakentiden skreaun wurdt in kreaasje fan Malskat. Dizze foarstelling is in echt fresko út de 14e iuw en waard al yn 1944 oan de hân fan foto's dokumintearre.
Lothar Malskat krige mei de roman "Die Rättin" fan Günter Grass ek in plakje yn de literatuer.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke waard ryklik mei jeften fan de stedsried, de gilden en foaroansteande famyljes begeunstige en oan it ein fan de midsiuwen telde de tsjerke 38 alters. Fan de âlde keunstwurken bleaune bewarre:
- In út brûns getten doopfont út 1337.
- De saneamde Darsow-Madonna út 1420, ferneamd nei de famylje Darsow dy't it byld oan de tsjerke skonk. Yn 1942 waard it byld swier skeind en út hûnderten stikjes wer gearstald en restaurearre. It byld krige yn 1989 it plak werom yn de tsjerke.
- Oan de noardlike muorre fan it koar is in 9,5 meter hege sakramintstoer út 1479.
- In fleugelalter fan Christian Swarte (1495), tsjintwurdich achter it haadalter.
- Yn de Gebetskapelle (noardlike koaromgong) in brûnzen grêfplaat fan Bernt Notke foar de famylje Hutterock (1505).
- Fan it yn 1942 ferwoastge doksaal bleaune allinnich in bôge en in tal stienen bylden oer (Elisabeth mei Jehannes de Doper, Sint-Anne, de ingel Gabriël en Marije (Ferkundiging), Sint-Jehannes en Sint-Dorothea).
- Yn de koaromgong binne sânstiennen reliëfs út 1515 te sjen mei foarstellings út de lijensskiednis fan Kristus. Yn de list om it Lêste Jûnsmiel is in mûs te sjen, dy't oan in tûke fan in roas gnabbet. It sechje is dat dyjinge dy't de mûs oanrekket nea werom komme sil yn Lübeck, of, ôfhinklik fan de ferzy, in soad lok hawwe sil.
- Yn de Marientidenkapelle steane de resten fan de oarspronklike banken en it Antwerper Alter.
- Ut 1505 stamt it houten Sint-Jehannesbyld fan Henning van der Heyde.
- It stiennen Antoaniusbyld datearret fan 1457 en waard skonken troch de riedshear Hermann Sundesbeke, dy't ek lid wie fan de Antoanius-bruorskip.
- Yn de Bürgermeisterkapelle yn de súdlike koaromgong bleaune dielen fan de oarspronklike goatyske stuolte bewarre.
- Fan de Nazarener skilder Friedrich Overbeck hinget ien fan syn wichtigste wurken yn de Gebetskapelle (noardlike koaromgong). It stelt it beskriemen fan Kristus foar.
- De koarhekken binnen rekonstruksjes út resintere tiden. Yn 1959 waard de koarromte mei muorren fan de omgong ôfsletten, dy't yn de jierren 1990 wer ôfbrutsen waarden. De messing ûnderdielen binne foar it measte noch oarspronklik, wylst de houten dielen yn 1942 folslein ferlern gyngen en rekonstruearre wurde moasten.
Antwerper retabel
bewurkje seksjeIt Antwerper retabel yn de Marientidenkapelle waard yn 1518 boud en yn 1522 troch de keapman Johann Bone foar de kapel skonken. It retabel ferhuze regelmjittich fan plak. Yn de Twadde Wrâldkriich stie it yn de Briefkapelle en sa kaam it retabel ûnskansearre de oarloch troch. Yn 26 skildere en fan hout sniene foarstellings wurdt it libben van de hillige Maagd Marije toant.
Foar 1869 waarden de fleugels fan de predella mei leginden fan de persoanen út de stambeam fan Kristus ferwidere, yn stikken sage en ferkocht. Fjouwer dielen binne tsjintwurdich te finen yn it St. Annen-Museum, oare dielen kamen yn de Staatsgalerie Stuttgart en yn in partikuliere samling yn Stockholm telâne.
Grêfmonuminten
bewurkje seksjeYn de renêssânse en de barokke tiid kamen der jimmeroan mear epitafen yn de tsjerke. De grêfmonuminten yn it middenskip wiene benammen fan hout, dy yn de sydskepen koene ek fan marmer wêze. Oant yn de 20e iuw bleaune der 84 epitafen bewarre. Hast alle houten epitafen gyngen mei de brân yn 1942 ferlern. Fan de stienen grêfmonuminten yn de sydskepen bleaune der 17 bewarre, guon dêrfan lykwols yn in swier skansearre steat.
Fredenhagen-alter
bewurkje seksjeIt barokke 18 meter hege heechalter, dat troch de keapman Thomas Fredenhagen jûn en troch de Anterwerper byldhouwer Thomas Fredenhagen makke waard, rekke by de bombardeminten yn 1942 slim skeind. It koe lykwols noch restaurearre wurde, mar nei in lange diskusje fan 1951 oant 1959 waard op oantrunen fan biskop Heinrich Meyer besletten it heechalter ôf te brekken en te ferfangen troch in ienfâldige altertafel. Inkelde stikken fan it heechalter steane hjoeddedei yn de koaromgong: de krúsigingsgroep, de marmeren predella mei in reliëf fan it Lêste Jûnsmiel, de twa allegoaryske bylden fan it Leauwen en de Hope en it byld fan de opstiene Hear. Oare dielen binne opslein en de diskusje oer de winsklikens oft it alter, dat troch guon sjoen wurdt as in haadwurk fan barokke keunst, wer restaurearre wurde moat, is noch jimmeroan geande.
Oargels
bewurkje seksjeOp it plak fan it yn 1942 op Palmpeakse ferbaarnde grutte oargel waard yn 1968 troch it oargelbedriuw Kemper & Sohn it doedestiids grutste oargel fan de wrâld mei mechanyske spyltraktuer boud. It hat op fiif manualen en pedaal 100 registers mei 8.512 pipen; de langste piip mjit alve meter, de lytste is net grutter as in sigaret. De registertraktuer wurket elektrysk.
It oarspronklik út 1477 datearjende Totentanz-oargel oan de eastlike kant fan it noardlike dwersskip waard ek yn 1942 ferneatige. Neffens de ôfmjittings fan 1937 boude Kemper & Sohn yn de jierren 1950 yn de noardlike koaromgong rjochting heechkoar in oargel, dat lykwols yn 1986 wer ferfongen wurde moast troch in instrumint fan de firma Führer út Wilhelmshaven. Dit oargel besit 56 registers (likernôch 5.000 pipen) op fjouwer manualen en pedaal.
In tredde oargel dat ferneatige waard stie oant de brân op it eardere doksaal. Tsjintwurdich is in tredde oargel sûnt 1948 te finen yn de Briefkapelle. Dit hûsoargel waard yn 1723 troch Johannes Schwarz boud en stamt oarspronklik út de Slotkapel fan it East-Prusyske Dönhoffstädt (tsjintwurdich it Poalske Drogosze). It barokke oargel docht tsjinst as de kapel yn de perioade fan jannewaris oant maart as wintertsjerke yn gebrûk is.
-
It grutte Kemper-oargel
-
It Führer-oargel
-
It oargel fan de Briefkapelle
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Marienkirche
|