Bonifatiustsjerke (Medemblik)
De Grutte- of Bonifatiustsjerke is in protestantske tsjerke yn de Noard-Hollânske stêd Medemblik. It goatyske tsjerkegebou datearret út de 16e iuw en ferfong yn dy tiid in tsjerke dy't troch it fjoer ferneatige wie. Foar de nijbou waard de ruïne op 'e nij brûkt en neitiid is de tsjerke noch ferskillende kearen ferboud. De tsjerke is in trijeskippige halletsjerke fan twa beuken mei in smel sydskip. De toer is it âldst en datearret út it begjin fan de 15e iuw.
Bonifatiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Medemblik | |
adres | Tsjerkeplein | |
koördinaten | 52° 46'N 5° 6'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Bonifatius | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw, 20e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | toer: 28362 [1] tsjerke: 28363 [2] | |
Webside | ||
Side PKN Medemblik | ||
Kaart | ||
Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan Bonifatius, letter ek oan Sint-Marten. Nei de reformaasje bleau de namme Bonifatius foar de tsjerke yn gebrûk, wylst de katoliken Sint-Marten as patroanhillige oanholden. Alhoewol't de tsjerke yn 1517 en 1555 troch brân troffen waard, bleau de tsjerke foar in grut part beholden. Tydlik hat it noardlike skip fan de tsjerke yn gebrûk west as teäter, mar tsjintwurdich wurdt it hiele gebou brûkt troch de PKN. Yn 1590 troude Jan Piterssoan Sweelinck yn 'e tsjerke.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe âldste fermelding fan de tsjerke stiet yn in rekken fan 1118 fan it domfabryk yn Utert. Yn 1350 waard útein set mei de bou fan in foarse toer. De twadde tsjerke waard foltôge yn de 15e iuw, mar baarnde ôf doe't Grutte Pier de stêd yn 1517 plondere by it Twadde belis fan Medemblik. In tredde tsjerke waard yn 1524 foltôge, dy't by de grutte stedsbrân fan Medemblik yn 1555 ôfbaarnde. Noch yn itselde jier waard in fjirde tsjerke boud.
Yn de 17e iuw hie de tsjerke in dakruter, dy't nei alle gedachten noch fan foar de reformaasje datearre. De tsjerke waard yn de 18e iuw ferboud en yn 1859 fanwegen brekfalligens 20 meter koarter makke. De beide eastlike koeren binne doe mei de súdlike en noardlike dwersearms ôfbrutsen. By dy ferbouwing binne acht brânskildere ramen fan it koer ferdwûn. Ien dêrfan is tsjintwurdich yn in lânhus op Guernsey werom te finen. Ek de dakruter mei de sipel waard doe ferwidere. By dy ferbouwing ferhûze it oargel nei de westlike kant.
By de restauraasje fan de jierren 1990 krige de tsjerke nije bûtenmuorren oan de eastlike kant, dêr't yn de 19e-iuwske bepleistering tsjin oan wie brocht. De bepleistering waard net wer oanbrocht en it ynterieur krige it 19e-iuwske oansjen werom.
Toer
bewurkje seksjeDe toer is âlder as de tsjerke en is eigendom fan de gemeente Medemblik. De muorren fan de hast 71 meter hege toer binne twa meter dik. De âlde bekroaning waard foarme troch in spits op in stompe toer, dy't yn 1656 by in stoarm ferlern gyng. De hjoeddeiske spits mei de iepen sipel datearret fan 1667. Yn 1855 drige sloop fan de toer doe't de toer brekfallich woarn wie. Lang om let stoarte de toer foar in part yn en de stiennen waarden ferkocht. By de weropbou fan de toer stoarte de steiger yn werby't fiif minsken omkamen. Yn 1900 wie de nije toer foltôge en koe de hoanne op de spits set wurde. Yn de twadde helte fan de 20e iuw begûn de toer jimmeroan mear nei de noardeastlike kant te sakjen. Nei alle gedachten is dat in gefolch fan it droechlizzen fan de Sudersee en de feroaring fan it grûnwetterpeil.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hat seis brânskildere ramen yn it súdskip. It meast eastlike waard yn 1670 skonken troch de stêd Monnickendam. In oar raam mei de foarstelling fan de Arke fan Noäch mei dêrûnder de Easterhaven en de tsjerketoer is yn 1671 skonken troch it Rynskippersgild.
De preekstoel stamt noch út de tiid fan foar de reformaasje (1560), allinne de trep is nei alle gedachten 17e-iuwsk. Op de panelen binne foarstellings út it apokrive boek Judit ôfbylde. Op de trep fan de preekstoel stiet in 17e-iuwsk sânglês, dat brûkt waard om de tiid fan de preek te beheinen. Fierder binne der koperen kroanen mei kearsen út 1571 en 1591. Efter yn de tsjerke leit it ienfâldige grêf fan de Skotske ealman George Murray († 1760).
De pylders yn de tsjerke binne fersierd mei teksten út de Deux-Aesbibel. De teksten binne oanbrocht yn 1602, krekt nei de reformaasje, doe't de grifformearden de Deux-Aesbibel brûkten.
De balken datearje út 1572.
It koerhek út 1572 slút tsjintwurdich it noardlike skip fan it súdlike skip ôf. It noardlike skip wurdt ek wol foar kulturele eveneminten brûkt.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn 1671 troch Pieter Backer boud, dy't ek as organist oan de tsjerke ferbûn wie. By de bou brûkte er dielen fan it eardere oargel, dat in plak krige oan de noardlike muorre fan de tsjerke. Christoffel Bätz fernijde yn 1785 it rêchposityf, nei't it eardere rêchposityf fan âlderdom net mear te brûken wie. Yn 1863 ferhûze it oargel nei de westlike muorre fan de tsjerke. Van Dam reparearre it oargel nei't delfallend pún fan de toer troch in eardere bliksemynslach it ynstrumint skeinde. Tagelyk brocht Van Dam guon feroarings oan yn de disposysje.
De restauraasje fan it oargel yn de jierren 1994-2000 hie ta doel it ynstrumint wer yn de sitewaasje fan 1863 werom te bringen; it boarstwurk waard yn de sitewaasje fan 1671 werom broch. De firma Polman út Hoarn joech it oargel de mahonykleur werom, dy't nei alle gedachten mei de kleur fan 1785 oerienkomt.
De klank fan it oargel is û.o. ferneamd fanwegen it register Regaal 8′ fan draaid parrebeamhout. Neffens in âld ôfbyld yn in 19e-iuwsk Ingelsk reisboek wiene efter it oargel op de muorre draperyen skildere, dy't oant de dei fan hjoed noch net wer rekonstruearre binne. Tsjintwurdich hat it oargel 23 registers op trije manualen mei oanhongen pedaal.
Njonken it haadoargel is der yn de tsjerke noch in koeroargel fan de firma Flentrop út it jier 1993 oanwêzich.
Klokken
bewurkje seksjeYn de toer hingje trije iuwenâlde liedklokken. De swierste klok fan 4,239 ton en in trochsneed fan 1875 mm is yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony yn Sutfen en draacht it râneskrift Extensis urbis Medemlecae moeniis civiumque accrescente frequentia ex decreto magistratus. anno domini MDCXLIX in hanc formam me redegunt F. et P. Hemony. Zutphaniae. De twadde klok is 2,256 ton swier en hat in trochsneed fan 1503 mm. De twadde klok is ek yn 1649 getten troch Pieter en François Hemony en draacht it râneskrift Laudate Dominum cymbalis bene sonantibus F. et P. Hemony me fec. Zutphaniae ao 1649. Ien fan de Hemony-klokken skuorde nei 1998 en is dêrnei laske.
De tredde klok is in nei Sint-Piter ferneamde klok. De klok wie in klok foar in poarte út 1406, mar waard yn 1636 op 'e nij getten troch Everhardus Splinter by de Noarderpoarte yn Inkhuzen. De klok is 1,136 ton swier, hat in trochsneed fan 1253 mm en it opskrift SUNTE PIETER IS MIN NAEM, TOT GODES DIENST BEN ICK BEQUAEM, DEN LEVENDEN ROEP ICK, DEN DODEN OVER LUIDE ICK, ANNO 1636. Oan beide kanten steane ôfbylden fan Sint-Piter mei dêrûnder de tekst EVERHARDUS SPLINTER ME FECIT ENCHUSAE.
Sûnt 1998 hinget yn de lantearne in karriljon fan Petit & Fritsen dat út 14 klokken bestiet.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|