Grutte Pier (om 1480 hinne - 28 oktober 1520) is de namme dêr't Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen oft wier binne en hokker net.

Grutte Pier
In boekyllustraasje út 1622.
In boekyllustraasje út 1622.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pier Gerlofs Donia
nasjonaliteit Frysk
berne 1480?
berteplak Kimswert
stoarn 28 oktober 1520
stjerplak Snits
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt boer, frijheidsstrider
aktyf as seerôver
jierren aktyf 15151520

Libben en skiednis

bewurkje seksje

Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn Kimswert, yn de 2e helte fan de 15e iuw sa om 1480 hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei Rintsje Syrtsema. It pear krige yn 1506 in soan, Gerlof Piers Donia. Pier Gerlofs Donia syn frou ferstoar yn 1515.

Yn 1498 kaam Fryslân ûnder it bewâld fan Albrecht fan Saksen dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft syn soan syn rjochten oan de lettere Karel V.

Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de Osingastate, waard yn 1515 troch hiersoldaten fan de Swarte Heap platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de Arumer Swarte Heap, en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee.

Oan Pier wurde in reuseftich postuer en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it tongbrekkerssechje "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean oft de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen se kylhelle wêze en harren skip leechrôve.

 
Skilderij mei Grutte Pier yn de midden.
Fan Johannes Hinderikus Egenberger (1822–1897)

Neffens de leginde droegen Pier en syn mannen de bút fan de plundere skippen ôf oan hartoch Karel fan Gelre, dy't stipe yn de striid tsjin de Hollanners tasein hie. Doe't bliken die dat Karel 1517 sels in machtsposysje yn Fryslân besocht te krijen, wie Pier sa teloarsteld dat er him werom luts út de striid. Syn lêste jierren wenne er yn Snits, dêr't er op 28 oktober 1520 ferstoar.

De leginde wol hawwe dat ek syn bern fermoarde binne troch de Saksen. Dêr is sibbekundich ûndersyk nei dien, en it soe kinne dat syn soan Gerlof Piers it oerlibbe hat, en dat syn neikommelingen ek hjoed de dei noch yn Nederlân en Amearika libje. Ek it ferstjerren fan syn dochter is foar in lettere datum optekene.

Yn it sintrum fan syn bertedoarp Kimswert stiet in stânbyld fan Pier Donia, makke troch Anne Woudwijk.

Grutte Pier yn sechjes en siswizen

bewurkje seksje
  • "De biezem yn 'e mêst," sei Grutte Pier "wy sille de Sudersee skjinfeie".
  • "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries".

It swurd fan Grutte Pier

bewurkje seksje

Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lang en woech goed 6 kilo. Neffens de oerlevering koed er mei dat swurd de hollen fan mear fijannen tagelyk ôfkapje. It ûnderstelde swurd, in saneamde twahanner[1] fan Grutte Pier hinget tsjintwurdich (2008) yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Ek yn de taapkeamer fan Herberch 'De Greate Pier' yn syn berteplak Kimswert hinget 'it ienichste wiere swurd fan Grutte Pier'. Syn helm wurdt bewarre yn it stêdhûs fan Snits.
Yn 2022 is it swurd yn opdracht fan it Fries Museum wiidweidich ûndersocht. Doe die bliken dat it swurd yndie út Grutte Pier syn tiid stamt en ek brûkt is. It swurd is sa grut en swier dat it allinnich troch in hiel sterke keardel te hantearjen wie.[2]

 
Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert
  • Oktober 2011 waard yn 'e tsjerke fan Kimswert de grêfsark fan preester Jehannes († 15 juny 1486) weromfûn [3]. Jehannes wie pastoar yn Kimswert doe't Pier in jonkje wie, dat hy soe Pier doopt hawwe kinne. Teffens is de sark fûn fan Sybrandt fan Bonga, dy't oan Pier syn mem besibbe west hawwe moat.[4]
  • De roman Pier: de profesij fan bline Simen fan skriuwer Willem Schoorstra ferskynde yn 2015 (ISBN 9033004941).
  • Yn 2017 begûn Steven de Jong oan it filmprojekt Grutte Pier.
  • Dirk L. Broeder, Groote Pier. Utert: Kemink en Zoon, 1940 (mei yllustraasjes fan Albert Hahn jr.)
  • Grote Pier, yn: Verhalen van stad en streek: Sagen en legenden in Nederland/ W. de Blécourt, R.A. Koman [et al.]. Bert Bakker 2010, s. 86-88.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Pier Gerlofs Donia – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It is wierskynlik in Dútske Zweihänder
  2. Omrop Fryslân (publisearre op 1-10-20222): It legindaryske swurd fan Grutte Pier komt út syn tiid en is écht brûkt (sjoen op 1-10-2022)
  3. Friese memoriabilia - [1]
  4. Ljouwerter Krante 31 oktober 2011, side 10, Grafzerk ontdekt van doper Grutte Pier