Anne Woudwijk (Drachten, 11 maaie 1952) is in byldzjend keunstner út Drachten.

Stânbyld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk.
Livius, Aldegea, 2010

In soad fan syn wurk is neu ferbûn mei de provinsje Fryslân. Woudwijk wurdt ek faken ynspirearre troch de âlde Germaanske mytology.

Yn it bekend wurk fan syn hân is it stânbyld fan Grutte Pier yn it sintrum fan Kimswert. Yn 1992 bea hy by de iepening fan in Frysk-Grinzer agintskip fan De Nederlandsche Bank[1] yn Drachten in byld oan, dat in guozzepear foarstelde. Mei it pear, dat elkoar libbenslang trou bliuwt, symbolisearre Woudwijk de ferbûnenheid tusken de provinsjes Grinslân en Fryslân. Yn opdracht fan De Nederlandsche Bank mekke hy fierder in keunstwurk mei as titel De Guozzetrek. Trije wjuken, wêrfan de heechste 5,50 meter is, steane yn in hoeke fan 17 graden yn in fiver foar it gebou.

Yn 2002-2003 exposearre Woudwijk yn Museum Smellingerlân yn Drachten mei njoggen mytologyske bylden.[2]

Yn 2006 eksposearre hy yn itselde museum mei in ynstallaasje[3] mei as tema de âldtestamintyske profeet Elia. De ynstallaasje is útfierd yn paleobasalt.

Yn 1993 waard op de pier fan Holwert in byld fan in walfisk setten. Neidat in fearboat der yn 2001 yn tichte mist tsjinoan fard wie, waard it 50 ton swiere byld slim skansearre.[4] It byld is wyls restaurearre en wer op de pier fan Holwert tichtby it oanlisplak foar de boat nei It Amelân setten.

Anne Woudwijk makket ek de byldsjes foar de Rink van der Veldepriis.

Syn dochter Roelie Woudwijk (Drachten 1979) is ek byldzjend keunstner.

Wurk yn de iepenbiere romte

bewurkje seksje
 
Anti-apartheidsbyld (1986), Drachten
 
It Drachtster skûtsje (2014)
Plak Titel Jier
Dokkum: J. J. Boumanschool, Hantumerwei Menhir 1982
Drachten: Berkenlaan Fransiskus fan Assisy 1989
Drachten: Gauke Boelenslaan Anty apartheidsbyld 1986
Drachten: Helmhout 21 De Stienbok 1995
Drachten: Mûnein Bouwe 1987
Drachten: Parkwijck De Singels Skûtsjes 1988
Drachten: Torenstraat Hûnsje 1995
Drachten: fiver foar 'Centrum voor Lichtarchitectuur', Oerterper Fallaat Guozzetrek 1992
Drachten: foar CSG Liudger , Splitting sûnder titel 1976
Drachten: Zetveld Famylje om stjer hinne 1992
De Fochtel: foar doarpshûs 'Et Legien', Zuideinde Kuorhin 1997
It Hearrenfean: foar ibs 'De Letterbeam', C. van Scheltingaweg Fan kikkertdril oant kikkert (spylplastyk) 1979
Drylts: Gemeentehûs, Stadslaan Frysk hynder mei fôle en bern 1986
Jirnsum: Douwemastrjitte Sirkusoaljefantsje 1998
Ketlik: yn natuergebiet de 'Katlijker Schar' At de moanne it lânskip feroaret, gûle de wolven 1997
Kimswert: foar café 'Greate Pier', Greate Pierwei Grutte Pier 1985
Ljouwert: foar gebou FNP, Obrechtstraat Yndiaan 1986
Nij Beets: Gietersewei 1 sûnder titel s.j.
Nijlân: Tsjerkegrêft Leginde fan de oksen 1994
De Pein sûnder titel (oarlochsmonumint) 1995
It Oranjewâld: Koningin Julianaweg Sprong fan de ree 1990
Snits: Schoenmakersstraat De Miereheap 1982
Sumar: Damsingel Bintje 1999
Terherne: Utbuorren De Wolf 1996
Tytsjerk: by de brêge oan it Súderein Skippersfrou 1982
Wytmarsum: boarstbyld op plein yn it sintrum Pim Mulier 1986
Drachten: It Drachtster skûtsje 2014
Aldegea (Smellingerlân): by de Sint-Agatatsjerke Urnemuorre mei bank 2021
  • P.M.J. Jacobs - Byldzjend Nederlân: biografysk hânboek (1993)
  • Gerrit & Eilert Lubbers - Anne Woudwijk (1998)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foto’s fan Anne Woudwijk syn wurk:


  1. Wysl sit yn it gebou it Sintrum foar Ljochtarsjitektuer.
  2. Eftergrûnynformaasje oer dizze bylden is te finen op CultuurArchief.nl
  3. Oer dit wurk is mear ynformaasje te finen op Galeries.nl.
  4. Veerboot Sier vaart walvis stuk in Leeuwarder Courant, 26 septimber 2001