De Pein
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Smellingerlân | ||||
Ynwennertal (2012) | 1673 | ||||
Webstee | Webstee oer De Pein |
De Pein (ek wol Drachtster Pein) is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, sawat 5 km. noardwest fan Drachten.Yn 2017 hie it doarp 1656 ynwenners. Ta De Pein hearre ek de buorskippen De Kletten en Nytap (grutste part) en de streek It Swartfean yn it noardlik part fan de himrik, boppe de N31.


Op it âlde tsjerkhôf, teffens earebegraafplak, stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant 1908 stie dêr ek de herfoarme, faaks 13e-iuwske, tsjerke fan it doarp. Dy waard yn 1908 ferfongen troch de tsjerke neffens it ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele oan de Kommisjewei. Sûnt 2012 is de hersteld grifformearde gemeente fan De Pein en omkriten de eigner fan de tsjerke.
Marije (de memmeklok, neamd nei de histoaryske klok fan it Suderhôf fan Drachten), Piter (de heiteklok, wijd oan de apostel Petrus) en Marten (de berneklok, wijd oan Sint Marten), binne de nammen fan de klokken dy't sûnt desimber 2010 op begraafplak de Wâldhof yn de nije klokkestoel (2007) hingje, in kopy fan de klokkestoel dy't ea op it Suderbegraafplak yn Drachten stie.
SkiednisBewurkje
Opeinde is ûntstien earne tusken 1100 en 1400, op de ein fan in sânrêch dêr't ek Aldegea en Nyegea op lizze. De delsetting lei ek op de ein fan de himrik fan Aldegea, yn 1439 Aldgha Wp an endde neamd, op it plak dêr't de sânrêch yn it fean dearûn. Yn 1477 waard it Opperynde neamd doe't der fernijd waard dat it doarp in pastoar krigen hie.
Yn 1484 kaam it doarp foar as Ypeynde, yn 1529 waard it yn it Frysk Opeyn neamd. Letter yn dy iuw komt de namme Epein op in kaart foar. Yn 1508 waard foar it earst de gemeentenamme taheakke, Smallingeropeynd, soks om it plak ûnderskiede te kinnen fan Opende yn Grinslân en Opeinde yn Achtkarspelen, dat letter it doarp De Harkema waard. De moderne Fryske stavering is in ynkoarting fan wat yn 1840 noch Op 'e Eyn.
De oarspronklike kearn fan De Pein lei eastliker, tichter by Nijtap, dêr't ek it âlde tsjerkhôf leit. Yn de rin fan de tiid wreide it doarp him út nei it westen en waard in typysk weidoarp. Begjin 20e iuw ûntstie it sintrum westliker op it plak by de brêge oer it Peinder Kanaal dêr't no leit en yn 1909 kaam der in nije Herfoarmde tsjerke, dy't hjoed-de-dei De Kandelaar hjit, oan de râne dêrfan. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der nijbou súdlik fan de trochgeande dyk, de Kommisjewei.
Der is in gersdrûgerij yn it doarp. Eartiids wie der ek in molkfabryk; op 25 jannewaris 2008 is de piip fan it fabryk delhelle.
Yn 2018 waard er út ein set mei de bou fan in nije wenwyk yn de fjilden mei de namme Peinder Mieden. De bewenners fan De Peinder Mieden sille de natuer om harren hûs en hiem mei beheare en sille dêrby holpen troch 'grutte gerskers'. It gebiet leit besuden de Hegewei oant buorskip De Kletten ta.
MienskipBewurkje
De Pein hat in doarpshûs De Wringe en twa skoallen: It Maitiidslibben en De Bernebrêge. "De Brêge" is de doarpskrante fan De Pein.
TsjerkenBewurkje
- De Kandelaar (de eardere herfoarme tsjerke, tsjintwurdich de hersteld-grifformearde tsjerke).
- Grifformearde tsjerke (PKN-tsjerke).
FerieningsBewurkje
- De Brêgesjongers - shanty
- Fûgelwacht
- Violeria - toaniel
- Jeduthun - muzyk
- Fuotbalferiening ONT, spilet op Sportpark Douweskamp
- KC De Pein - kuorbal
BefolkingBewurkje
KlokkestuollenBewurkje
Berne yn De PeinBewurkje
- Auke Scholma, damgrutmaster
- Piet Adema (6 novimber 1964), Nederlânsk politikus foar de KristenUny (CU).
StrjittenBewurkje
Alle strjitten fan De Pein.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Opeinde fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Drachten | |
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | |
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren |