Smelle Ie

Smelle Ie is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, oan it Smeliester Sân. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 50 ynwenners yn 2004 en 47 yn 2012, mar earder wie it it haadplak en nammejouwer fan de gritenij.

de himrik fan Smelle Ie
Trije muontsen ûnderweis op it stee fan it eardere kleaster (2018).
Makker: De Wylgeteanners Smelle Ie/De Wylgen

SkiednisBewurkje

 
Tekening fan de argeologyske opgraving fan it eardere kleaster

Yn 1392 wurdt Smelle Ie foar it earst neamd. Der stie doedestiids in kleaster fan Benediktiner nonnen, wêrfan't de abt "Hera fan Smelne" neamd waard (ek: Smalenne). It waard ek Onzer Lyewe Vrouwen Smellingerkonvint neamd. It soe in dûbelkleaster fan Augustiner Koarhearen en regularisen west ha. Nei 1400 fan Benediktinessen en mooglik ôfhinklik fan Flearbosk. It kleaster hie in úthof oan It Foarwurk by Oerterp.

De Muontseleane docht ek noch tinken oan it bestean fan it kleaster dat yn 1580 ôfbrutsen waard.

Slinge paad: Der rûn in paad fan 't kleaster fan Smelle Ie nei de Suderhegewei ûnder Drachten.

StrjittenBewurkje

Bûtendiken, Kleasterkampen, Mûne Ein.

Sjoch ekBewurkje

 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren