De Tike is in doarp tichteby it marke De Leien yn it noarden fan de gemeente Smellingerlân. De buorskip Wierren falt foar in part yn it doarpsgebiet fan De Tike.

De Tike
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal 345 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,30 km², wêrfan:
- lân: 3,02 km²
- wetter 0,28 km²
Befolkingsticht. 114 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 6° 02' E
Lokaasje De Tike (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje De Tike (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Side De Tike
Kaart
De Tike (Fryslân)
De Tike

De Tike 345 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

De omkriten fan it doarp fan no waard al foar de jiertelling bewenne. By de Doktersheide is eartiids ark fûn út de Tardenoisien kultuer (± 4500-1850 jier foar kristus).

De âldste fermelding fan it doarp datearret fan 1541 as Teeckeveen. Yn 1543 waard oer opt Teecka en yn 1580 oer Optecken skreaun. Oare nammen fan it doarp binne Tieke (1718 en 1840) en De Tieke (1840). Yn 'e 18e en 19e iuw folgen nammen as Smellinger Tike en Sumarder Tike. De kearn fan de namme hat mei in wurd te krijen dat 'oerdekke' betsjut; sompich gebiet dat mei seadden oerdutsen is.[3]

 
Susterwei

De Tike leit fan âlds op de skieding fan de twa gemeenten Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. De grins rint lâns de Susterwei en de Polderdyk. De Susterwei is neamd nei de susters fan it eardere nonnekleaster Sinaï yn Sigerswâld. Dy nonnen rûnen dêr yn de 16e iuw lâns as hja nei de oanbuorjende kleasters gienen. Dy ferbiningswei rûn doe dwers troch it gebiet wêr't no De Leien leit.

Om 1700 stienen yn de omkriten in stik of wat pleatsen en meardere seaddehutten ferspraat yn it lânskip. It wie in earmoedige streek en der wie gjin tsjerke. Oan de eastlike kant fan it hjoeddeiske doarp ûnstie healwei de 18e iuw troch it ôfgraven fanút Eastermar fan leechfean De Leien.

 
De Leien

Yn 1879 stiften de bewenners fan De Tike in Confessionele Vereeniging mei in eigen tsjerkje oan de Hearrewei 54, dat de namme Rehoboth krige. De feriening stie fierder los fan hokker tsjerkemienskip ek. Nei't de Grifformearde Tsjerke yn Sumar yn 1897 ynstituearre waard, gie foargonger Joute van der Meer mei oer yn it nije tsjerkeferbân. Ynearsten bleau de Tykster Rehobothtsjerke de tsjerke fan de Grifformearde Tsjerke fan Sumar, mar de groei fan de gemeente makke yn 'e rin fan de tiid de bou fan in gruttere tsjerke needsaaklik, dêr't yn 1911 mei útein set waard, maar dan op it doarpsgebiet fan Sumar. Sûnt de iepening fan de nije tsjerke yn Sumar hat De Tike gjin eigen tsjerke mear.[4]

Oant 1952 bleau De Tike in buorskip, dat foar it grutste part by Nyegea hearde en fierder foar in diel noch by De Pein en by Sumar. De Tike waard op 23 oktober 1952 offisjeel in doarp en krige op advys fan de Fryske Akademy dy namme.

Sûnt 2013 binne de histoaryske kuierpaden yn eare hersteld en iepene foar it publyk.[5]

Mienskip bewurkje seksje

 
Restaurearre wâldhûske oan de Master Iniawei

De Tike hat in feriening fan doarpsbelang en it doarpshûs oan de master De Jongwei hjit 'Ora et Labora'. De Heidehipper is de doarpskrante, dy't om it fearnsjier ferskynt. Om de trije jier wurdt der in doarpsfeest organisearre. Yn 2002 waard it 50-jierrich bestean fan it doarp fierd.

Tsjerke bewurkje seksje

Skoalle bewurkje seksje

 
De yn 2019 sletten skoalle De Gielguorde

Sûnt 1929 hie De Tike in kristlike basisskoalle. De skoalle, dy't de namme De Gielguorde hie, waard nei protesten en in soad ûnrêst en fertriet yn it doarp yn 2019 sletten.[6][7]

Ferienings bewurkje seksje

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1959 1964 1969 1974 2004 2012 2014 2015 2020
Ynwenners 415 342 310 312 350 350 326 310 325
 
Haven oan de Doktersheide

Oarlochsmonumint bewurkje seksje

It doarp hat in monumint foar de slachtoffers yn de Twadde Wrâldoarloch. Op it monumint steane de nammen fan Freerk Veenstra, dy't op 22 augustus 1944 oppakt waard en op 3 maaie 1945 mei in soad oare slachtoffers út konsintraasjekampen by in Britsk bombardemint op de Cap Arcona yn 'e Lübecker Bocht omkaam,[8] en Walter E. Wince, dy't boppe De Tike út in oansketten fleantúch sprong.[9]

Strjitten bewurkje seksje

Doktersheide, Durk Ljibbeswei, Harmsreed, It Leech, Leiensreed, Master de Jongwei, Master Iniawei, Peinderwei, Polderdyk, Singel, Susterwei, Wierren.

Publikaasje(s) bewurkje seksje

  • M.A. de Bruin "De Tike? Waar ligt dat" (1999)

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: