Cap Arcona
De Cap Arcona wie in Dútsk passazjiersskip út 1927, dat op 3 maaie 1945 te sink brocht waard troch in bombardemint fan de Royal Air Force.
Skiednis
bewurkje seksjeIt stoomskip fan 27.000 brutoton Cap Arcona waard foar de Hamburg-Südamerikanische Dampfschifffahrts Gesellschaf boud troch Blohm & Voss en waard 14 maaie 1927 te wetter litten. It skip waard neamd nei Kaap Arkona op it noardlikste punt fan it eilân Rugen. It chique skip makke op 19 novimber 1927 har earste reis nei Argentynje en farde de neifolgjende jierren op de rûte Hamburch oer Madeara en Rio de Janêro nei Buenos Aires. Fan 1940 ôf waard it skip fan de Kriegsmarine as akkomodaasjeskip op de Eastsee brûkt. Yn 1943 waard op de Cap Arcona de Dútske film Titanic opnaam. It skip waard yn 1944 brûkt om Dútsers út East-Prusen dy't op de rin foar it Reade Leger wienen nei Dútslân te bringen.
Lêste oarlochsdagen
bewurkje seksjeOan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch lei de Cap Arcona yn de Lübekker Bocht. Yn de wike fan 18 oant 26 april 1945 waarden troch de Athen 5.000 finzenen fan Neuengamme mei SS'ers oan board brocht. Itselde barde mei it skip Thielbek (2.800 finzenen fan Neuengamme) en de Deutschland IV. Op 3 maaie 1945 waarden de skippen bombardearre troch de Royal Air Force. De Thielbek, mei wite flaggen en sûnder militêre taken, gie yn tweintich minuten nei de boaium. De Cap Arcona sonk ek; 90% fan de passazjiers ferlear it libben, de measten troch ferbaarning. Finzenen dy't fan de sinkende skippen ûntkomme koenen waarden deasketten fan rûnfarrende skippen ôf dy't SS'ers út it wetter hellen. Finzenen dy't de ouwer berikke koenen waarden troch SS-patrûljes deasketten. Totaal binne der goed 7.000 finzenen om it libben kaam. Sa'n 350 minsken oerlibben de ramp.
De Sweedske regearing hie oars it Britske regear noch warskôge foar de oanwêzigens fan finzenen op de skippen. Teffens moatte Britske ferkenningsfleantugen sjoen hawwe dat der fizenen oan board brocht waarden. It Britsk regear hâldt lykwols de argiven oer it bombardemint op de trije skippen sletten oant 2045. Faaks in oanwizing dat der slimme saken te ferbergjen binne.
Nederlanners
bewurkje seksjeDe ramp koste goed 270 Nederlanners it libben, meast fersetsminsken, mar ek in tal manlju út Putten, oppakt by de Razzia fan Putten. De meast ferneamde Nederlânske finzene dy't omkaam is de fraksjelieder fan de CPN yn de Twadde Keamer Louis de Visser.
Yn it ferfilme boek 'Sonny Boy' (fan Annejet van der Zijl) wurdt beskreaun hoe't Waldemar Hugh Nods, de ramp op de Cap Arcona oerlibbe. Ek hy wurdt troch de SS deasketten nei't er de kust berikt hat. Waldermar Nods, fan Surinaamsk komôf, hat wier bestien. Syn soan, famyljeleden en tsjûgen hawwe meiwurke oan it ta stân kommen fan it boek.
Cap Arcona yn film
bewurkje seksje- Typhoons' Last Storm, Lawrence Bond, 2000.
- The Cap Arcona case, Günther Klaucke, Karl Hermann, 1995.
- Der Mann von der Cap Arcona, 1981/82.
- De ramp met de Cap Arcona, VPRO 2011