Rio de Janeiro
Rio de Janeiro (of koartwei Rio) is in gemeente en miljoenenstêd yn Brazylje. It is stifte yn 1565 en leit oan de Baai fan Guanabara. Oant 1960 wie Rio de Janeiro de haadstêd fan Brazylje. De stêd is ûnder oaren ferneamd om it drokke strân Copacabana en it stânbyld Kristus de Ferlosser.
Rio de Janeiro Município do Rio de Janeiro | ||
Boppe, lofts nei rjochts: Kristus de Ferlosser; Rio-Niteróibrêge; Baai fan Guanabara; Maracanã-stadion; kabelbaan fan de Sûkerbôleberch; Copacabana-strân; panorama fanôf Corcovado | ||
Bestjoer | ||
Lân | Brazylje | |
Regio | Súdeast | |
Steat | Rio de Janeiro | |
Boargemaster | Eduardo Paes (PMDB) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.323.037 (2010) | |
Oerflak | 1.260 km² | |
Befolkingsticht. | 4.781 / km² | |
Stêdekloft | 12.387.000 4.557,3 km² | |
Hichte | 1.021 m | |
Oar | ||
Stifting | 1 maart 1565 | |
Tiidsône | UTC-3 (UTC-3) | |
Simmertiid | UTC-2 (UTC-2) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe foarste Jeropeanen kamen op 1 jannewaris 1502 oan yn de Baai fan Guanabara. De Frânsken sieten sûnt 1555 in it gebiet, mar op 1 maart 1565 kaam de Portugees Estácio de Sá oan en hy stifte de stêd Saõ Sebastião do Rio de Janeiro om de oare Jeropeanen te ferdriuwen.
Brazylje wurde yn 1822 ûnôfhinklik fan Portugal en Rio de Janeiro waard ferkeazen ta haadstêd. Yn 1960 waard in nije haadstêd boud: Brasília.
De Olympyske Simmerspullen 2016 waarden yn Rio de Janeiro hâlden. It wie de earste kear dat de Olympyske Spullen yn Súd-Amearika organisearre waard. Rio de Janeiro wie ek ien fan de stêden fan it Wrâldkampioenskip fuotbal 2014.
Partnerstêden
bewurkje seksje- Atlanta, (Georgia, Feriene Steaten)
- Barseloana (Kataloanje, Spanje)
- Buenos Aires (Argentynje), sûnt 1996
- Cabo Frio (Brazylje)
- Durban (Súd-Afrika)
- Kobe (Hyogo, Japan)
- Lissabon (Portugal)
- Luanda (Angoala)
- M'banza Congo (Angoala)
- Niterói (Brazylje)
- Teresópolis (Brazylje)
- Kasablanka (Marokko)
- Bagdad (Irak)
- Teresópolis (Brazylje)
- Beirût (Libanon)
- Istanbûl (Turkije)
Berne
bewurkje seksje- Nelson Piquet (17 augustus 1952), Formule 1-koereur
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|